fotografy: Paul de Bruin

It plak fan Arjan Hut

FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –  

We kuierje lâns it wetter yn âld Ljouwert ûnderweis nei ús ôfspraak mei dichter Arjan Hut. “Ach, de mannen fan de Moanne”, seit in frou as wy oankomme op it adres. It is de jûn dat foar de tsiende kear KadeKunsten hâlden wurdt. Mear as fjirtich dûnsers, skriuwers, sjongers en muzikanten litte harren keunsten sjen en hearre op skippen, in pakhûs en stegers. Arjan iepenet de jûn mei in gedicht. Tiid foar in petearke oer ‘it plak’ fan Arjan Hut.

 

Dit plak hat my holpen. Doe ik op dat bankje siet, waaiden de wurden my yn ‘e holle. Ik hie noch mar in oerke om myn gedicht te skriuwen. Ik siet tsjin de deadline oan. En doe seach ik it skip Aurora en de wurden kamen as flinters út in beam.

 

Arjan, wêr binne we hjir?
We steane op it efterdek fan it skip Aurora oan de Emmakade yn Ljouwert.

Wat makket dizze lokaasje sa spesjaal foar dy?
Ik hâld fan plakken dêr’t ferkear lâns komt. Dus in treinspoar, in dyk of sa as hjir in kanaal. En yn dit lytse parkje oan de Emmakade siet ik op in bankje te wachtsjen op myn soan Iwan dy’t hjir op skoalle sit. Ik stoarre wat nei de skippen en ha doe foar in opdracht it gedicht ‘Aurora’ skreaun.

Hat dit plak ynfloed op dyn skriuwen?
Ja, dit plak hat my holpen. Doe ik op dat bankje siet waaiden de wurden yn myn holle. Ik hie noch mar in oerke om myn gedicht te skriuwen. Ik siet tsjin de deadline oan. En doe seach ik it skip Aurora en de wurden kamen as flinters út in beam. Sa hat de bondel syn namme krigen.

Do bist berne yn Surhûsterfean, mar wennest yn Ljouwert. Hâldtst fan dizze stêd?
Absolút. Ik fiel my Ljouwerter. Doe ik jong wie sammele ik stripboeken en dêrfoar moast ik nei de stêd. Letter krige de muzyk mear ynteresse en gie ik yn platenbakken sneupen by King Kong en Bij De Put. Dy tripkes fûn ik in feest. Dizze stêd hat altyd oan my lutsen. Ljouwert is net te grut en net te lyts. Fansels is hjir wol in taalstriid. Myn frou Elizabeth Hietkamp wie aktief foar de FNP en yn de ferkiezingstiid hienen wy in poster achter it rút plakt. It duorre mar even en we waarden mei stiennen bekûgele. Dat ‘Anti Fries’ wat hjir oanwêzich is, hat mear mei fuotbal te meitsjen.

Hearst hjir ek muzyk?
Ik hear hjir de bossanova. Dizze Brasiliaanske muzyk liket simpel, mar is it net. It is waarm, sensueel, rêstich en noait agressyf. Dêr sit latin jazz yn mar ek Debussy en Ravél. It is in griemmank fan ynfloeden. De bossanova stiet fansels tsjinoer de punk, mar dochs hat de muzyk itselde spanningsfjild en drive. Mar ik hear hjir ek filmmuzyk. Lykas de soundtrack fan ‘Lost Highway’ fan David Lynch.

Do skriuwst gedichten en kolums. Noch in brânende ambysje foar in roman?
Einliks hikje ik dêr al tsien jier tsjinoan. Ik wol eins in soarte fan Twin Peaks foar bern skriuwe. Dêr bedoel ik mei in foarfal as basisidee en dan oan ‘e slach. Dan mei it alle kanten op. Dat ha ik yn ‘e holle mar it komt der noch net fan. Dêr komt by, ik fyn in gedicht makliker te oersjen. Ach, miskien moat ik der gewoan mar mei begjinne en dan mar sjen.

Moat hjir wat feroare wurde oan de Emmakade?
Nee, ik akseptearje dit plak sa’t it is en it is moai sa.

We gean fan board en nimme ôfskied. Paul en ik rinne lâns de kaai en stean efkes stil by in groepke dûnsers by in pakhûs. ‘Moaie lokaasje, Emmakade’, seit Paul. Hy hat gelyk. En lit de Aurora, dochter fan Mater Matuta, de goadin fan it foarjier, hjir noch mar jierren lizze.

 

 

 

IERAPPEL BOSSA NOVA

                       “der komt muzyk yn de ierdappels”

                       (fryske siswize)

hoekstra, westra, wielinga

fertel

watfoar ierappels moatte jim ha?

lady anne?

lady cristl?

lady blanca?

mei in dikke tút haha

foar bellefleur!        annabelle …

picobello!     michelle …

sis …

sprekt men dy nammen oer de grinzen lûder út?

hoe faak moat men lûd op staverje

foar in oar?

(amora, bildtstar of amore)

wat klinkt it út in oar syn mûle oars

as oer jins eigen lippen, tosken, tonge:

boksta … blanca … barcelona

mozart … obama … maradonna

irene … janine … isabelia of

picasso

                       minerva

                                               red sonja!

wa falt nei it sieden

it hurdst yn krumen

út-me-koar?

o ingrid? o vingo? o valetta?

dochs net ús salsa, saline en ikone?

                       ús solara, shakira of simone?

okapi! orchestra! omega!

komt de namme út in boekje of

yn de famylje faker foar

nee ju, do texla! rode pipo, do, pandora!

(tempore, tempore …)

bis, bintje, bis

hasto de namme dy’t dy eigen is

of wie it lok op it spoar fan dyn motyf

ingrid, roxy, satellite

is der net in wâld dat hast itselde hyt

fol ploffers, rûzers, trijelûden

(wat in lawaai!)

memphis ai,

maradonna, messi, massai?

nee, net mei de trein, kin net

nei valetta

dus fleane mar, of mei de boat?

och, mei de boat ja, nei bordeaux

och, op it skip nei marrakech

och, op de wyn oars, nei canberra

nee satellite

nee lady claire!

nei valetta!

mei de trein

nei valetta mei lucilla

nei valetta mei aurora

nei valetta, bossa nova

ja, mei dy en dy en dy, rode pipo en pandora …

(tempore, tempore)

hoekstra, westra, wielinga

nei valetta, o aurora …

(amore, amora)

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.