fotografy: Paul de Bruin

It plak fan Aggie van der Meer

FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –  

It waait dat it rikket en it KNMI warskôget: koade giel. “No hie dy fytsalvestêdentocht wêze moaten. Dan wie it in prestaasje”, seit Paul. Wy binne op wei, twa dagen nei Pinkstermoandei, nei de Grand Old Lady fan de Fryske literatuer, Aggie van der Meer. Skriuwster fan û.o. ‘Lytse roman fan Jon Fels’, ‘Untdekking fan ‘e wrâld’ en ‘De dei dat Farah Bezaz ferdwûn’. Aggie krige yn 2011 de Piter Jelles priis foar ‘Oerfeart’.

 

Ik ha hjir alles wat ik noadich bin. Dit is myn keninkryk.

 

Frou van der Meer, wêr binne wy hjir?
“Wy binne hjir yn myn hûs oan de Nieuwmarkt yn Boalsert (Aggie set kofje mei koeke op tafel). Dit hûs is boud troch de heit fan myn man, Herman. Ik beskôgje dit hûs as famyljebesit.”

Wat makket dizze lokaasje sa spesjaal?
“Dit is it bertehûs fan myn man dy seis jier lyn ferstoar. Ik wenje hjir al fiifenfyftich jier nei alle tefredenheid. It is in hearlikheid. Ik wenje op de earste ferdjipping en moat derom faak de trep op en del. Foar my op myn leeftiid, in goeie training. Ik bin ek sa yn de binnenstêd en omdat dit pand yn it sintrum stiet, komme in soad minsken del. Ik hâld fan oanrin.”

Hat dit plak ynfloed op jo skriuwen?
“Ik tink it wol. Yn it begjin fan myn skriuwers libben siet ik yn in kantoar. Mar dat wurke net foar my. No sit ik hjir by it rút yn ‘e húskeamer, meastal middeis, te skriuwen en dat is folle nofliker. Ik sjoch hjir nei de tún en hear hoewol ik wat dôf bin, de fûgels en dat jout ynspiraasje. Alle seizoenen meitsje ik mei fanachter myn tafel en laptop. Derby bin ik bliid dat troch myn grutte beam it bûtenljocht timpere wurdt. Fel ljocht leidt ôf.”

Jo binne hikke en tein yn Boalsert. Jo moatte hâlde fan dizze stêd.
“No dat falt wol ta. Ik wenje hjir graach en ha gjin spul mei de minsken, dochs ha ik hjir wol wat problemen hân. Yn de jierren ’70 en ’80 wie ik polityk aktyf (Aggie siet yn de fredesbeweging en wie ien fan de inisjatyfnimmers fan Leefbaar Fryslân) en dat foel somtiden ferkeard yn ‘e mienskip. Ik wie krekt as myn man, dwaande mei saken fan de wrâld en it miljeu en dat waard net altyd begrepen. Mar troch myn meidwaan oan it telefyzjeprogramma ‘Fiel de Nacht’ fan Bart Kingma is dat hielendal feroare. Dat hat my fernuvere. Ik hie net ferwachte dat dat ta ferrassende reaksjes liede soe. Mar no hâlde minsken my oan en fertelle my dat se it programma sa bysûnder fûnen. Sommigen ha it sels twa kear sjoen. Ik bin tige ferrast troch de waarmte fan de Boalserters en it feit dat se my no mei oare eagen sjogge. Nuver dat sa’n tv-programma sa’n ynfloed hat.”

Hearre jo hjir ek muzyk?
“Nee, ik hear hjir neat. Dat komt ek omdat ik dôf bin fansels. Mar lêze en wurkje en derby muzyk, dat slagget net. Dat is te drok oan ‘e holle en kin ik my net konsintrearje.”

Binne jo op it momint dwaande mei nij wurk?
“Yn ‘e hjerst komt ‘Anna’ út, in nije roman oer in roamse sakefamylje. Der is ek belangstelling foar in Nederlânske oersetting fan ‘De Achttjin’. En ik bin drok mei it skriuwen fan koarte ferhalen. Foar fers2.eu skriuw ik in hiel oar soart ferhalen. Mei wat in humor dy’t net elk grappich fynt.”

Moat hjir ek wat feroare wurde oan de Nieuwmarkt?
“Nee, der moat hjir neat feroarje. Ik bin der gelokkich mei. It is sa it is. Ik hie it net better krije kinnen. Allinne mis ik myn man, der ha ik it swier mei hân, mar fierder ha ik hjir allinne mar goeie oantinkens. Ik ha hjir alles wat ik noadich bin. Dit is myn keninkryk.”

Hoewol fan respektabele leeftyd, is Aggie jong fan geast. Somtiden is se suver wat ûndogens. Sa hat se lêsten in skeinde doaze Rummikub foar in lyts pryske op de kop tikke en de nummerkes bestickere mei de opskrift: ‘Twijfel gerust’. Op in moarn hat se dizze houtsjes op ferskate plakken yn Boalsert lein. Aggie wie benijd nei de reaksjes en … hielendal neat! Gjin inkelde opmerking. “Mar miskien ha ik minsken prikkele”.

We nimme nei in noflike middei ôfskie. Wy sjogge noch ien kear troch it raam nei de koweletters op de muorre: ‘Foor je it wete is it duuster’. Lit dat foar Aggie van der Meer noch hiel lang duorje.

Comments
Ien reaksje oan “It plak fan Aggie van der Meer”
    Reagearje

    DE MOANNE

    'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.