fotografy: Linus Harms

It meast bysûndere boek ea

ELSKE SCHOTANUS – 

Yn it hiele hûs is te merkbiten dat Machiel Braaksma de MTS-skildersoplieding – yn Swol – dien hat. De keukenssouder fan de direkteurswenning by de âld suvelfabryk fan Marrum hat er houte, in âlde technyk wêrmei’t nerven op hout oanbrocht wurde, sa’t dy fan in djoerdere houtsoarte lykje as feitlik brûkt is. Yn de romte dêrneist, dêr’t potleadtekeningen fan syn partner Lolkje van der Kooi bewarre lizze, is in fraaie mozaykflier oanbrocht dy’t antyk oandocht, mar lykwols makke blykt fan mdf. Hy is in perfeksjonist, in ûnmisbere eigenskip no’t er de lêste hân leit oan 105 hânmakke omkaften foar it alderalderaldermoaiste boek ea yn it Frysk ferskynd: Harrekrammele.

 

In minymonumintsje
Earder makke hy Oeral binne bisten, ferhalen yllustrearre mei foto’s fan assemblaazjes fan brûkte foarwerpen en ôffalmateriaal dêr’t bisten mei ferbylde binne, in boek dat opnaam is yn de IBBY Honour List 2008, en dat der oer alle boegen útspringt.

 

‘Ik wol hielendal nei myn eigen noarmen wurkje, gewoan alles sels dwaan, sjen hoe’t it giet. Nimmen dy’t seit: sa wurdt it te djoer of it ferkeapet net.’

 

‘By de presintaasje fan de twadde útjefte, Moaie ferhalen, yn it âlde stasjon fan Marrum, frege in maat my wat it folgjende boek wurde soe, en hy hie ek al in suggestje: “It kin moai oer it stasjon gean”. In stasjon jout in soad oanknopingspunten: tiid, ôfstân, fertraging, en der is ek it fysike fan de lokomotyf mei al syn lawaai. De personaazjes binne bisten, dy kinst eigenskippen jaan: in stikelbaarch prikt, de hamster hamsteret en de stasjonssjef is in pappegaai.’

It boek is ornearre foar bern én folwoeksenen. Dat bisten in haadrol spylje sil bern oansprekke, en ek de platen, mar der sitte safolle lagen en ferwizings yn byldwurk en teksten dat folwoeksenen it boek wer en wer en op ’e nij en op ’e nij trochnimme kinne en dan nóch net alles ûntdutsen ha sille wat der allegear te ûntdekken falt. Sa ha alle siden in piktogram, bygelyks eject as it giet oer in treinûntspoaring. In perron fol hearebeestjes, ien dêrfan mei it logo fan de Folkswein Kever op it skyld, in oarenien hat in wyt skyld mei dêrop ien reade stip: de Japanske flagge. In santjinde-iuwsk skilderij, in ferwizing nei it wurk fan Yves Klein, en sjoch dêr ris: it Rietveld Schröderhús, makke fan ôffalmateriaal. Hast de grafyske kwaliteit fan in strykplanke, de HSL blykt in krommeldief, bliuwt dochs de HSL. En ynienen falt it op: dêr, achter dy pinguin in doaze mei, as wie it folslein tafallich, it opskrift ‘store at -18’. ‘It like my, doedestiids, boppedat moai’, sa ferdútst Machiel, ‘om in, yn lytse kring, bekende datum te brûken en sa kaam ik by ús mem har bertedatum út. No’t sy ferline jier te ferstjerren kaam, is dat foar my eins feroare yn in minymonumintsje yn it boek.’

‘Earst meitsje ik de objekten, dan in makette. Ljocht, dêr kinst in soad mei dwaan. En dy potleaden dêre,’ wiist Machiel, ‘dy moasten net dikker as sa. Dan wer giet it om in sylhûetfoto – der is in ôfbylding mei in ûnhuere spegeling yn ’e flier.’

Net alles slagget daliks. ‘Dan hie ik in wite achtergrûn, mar nee, dat wie eins net wat ik derfan ferwachte. Dochs is soks gjin ferlerne tiid. Wat ik doch, doch ik mei gefoel én ferstân. Yntuysje is wichtich, mar like wichtich is datst der in finger achter krijst, derachter komst wêrom’t eat nét funksjonearret. Op in dei meitsje ik in fyftich foto’s, dy’t ik letter op de laptop besjoch; komposysje, sfear, it giet om in hiele protte dingen.’

 

It epysk sintrum
Machiel fiert dy, fia in romte dêr’t net allinne de laptop mar ek in antike drukpers stiet dy’t er brûkt foar boekbynputsjes, nei wat er ‘it epysk sintrum’ neamt. Achteryn stiet it stasjon fan Marrum, útfierd yn karton nei de orizjinele boutekeningen, dy’t er by de gemeente opfrege. Tusken in tal spoarbuorden ûntdekst in flesse-iepener. ‘Ik gean nei de kringloop, soms sykje ik wat spesjaals, dizze is in ready-made. Ek mei teksten kinst assemblearje, sa ha ik ûntdutsen. De masinist en de kondukteur sitte altiten op itselde trajekt en prate op in stuit achterstefoaren, in absurd petear mei hast abstrakte wurden. In boek is ek in trajekt, it hat in kop en in sturt, en op in trajekt kinst foar ferhalen soargje, ritme oanbringe. Hee, sa sil de lêzer opmerke, dit hat te meitsjen mei wat ik earder sjoen ha.’

‘Makke ik foar it earste boek earst de bylden en dan de ferhalen, by it twadde wurke it oarsom. Dat kaam, de bern wienen noch lyts en jûns krige ús jonkje in ferhaal mei om op bêd te lêzen. Foar mysels wie it in soartemint fan gymnastyk: achter de kompjûter rammele ik sa’n teltsje der yn tsien minuten út. Yllustraasjes meitsje by in ferhaal hie best lestich west, dat ik siet yn de keamer en tocht: beide wienen moaie fingeroefeningen, mar nó sil ik it ultime boek meitsje. Kinst it folle kantiger meitsje en útsprutsener …’

 

Twatalich: Frysk en Sinees
Harrekrammele ferskynt ynearsten yn in oplage fan hûndert hânmakke eksimplaren, in lúksueuze limitearre edysje, wêrfan’t de ferkeap de hannelsedysje finansearje moat. De oblong boeken, formaat 27 x 43 sm, binne ôfwurke mei in stielen râne en krije sa in yndustriële útstrieling. Der is read lear brûkt foar de rêch en de hoeken – presyzjewurk, as beskerming, mar der is tagelyk de assosjaasje mei it teater. Op it lear is in gouden stjerke oanbrocht, in kleurekombinaasje dy’t ferwiist nei de Sineeske flagge en dêrmei nei de twataligens fan de útjefte.

‘Ik praat Frysk, tink Frysk en hjir op it doarp is der gjin oare needsaak. Ik jou workshops op skoallen en as dêr dan sa’n jonge dwers is, sprek ik him yn it Frysk oan. Dan kom ik tichterby. It is ynformeler. En de skaal past: der binne mar fjouwer spoarlinen yn Fryslân. Soe ik it nei it Nederlânsk oerbringe, dan wurdt it wat oars.’ Machiel Braaksma hat kontakten mei skriuwers, yllustratoaren, útjouwers en organisaasjes út gebieten mei minderheidstalen en soe mei it boek sa in grutter poadium berikke wolle, sa stiet it yn de ferklearjende tekst by it wurk sa’t dat ynstjoerd wurdt foar de Vredeman de Vriespriis. ‘Wêrom dan minderheidstalen yn plak fan my op it Ingelsk te rjochtsjen, fregest?’ Even is der betizing. Machiel Braaksma, dy’t as er praat allegeduerigen nei bûten sjocht, tinkt nei. ‘Minderheidstalen ha wat eksoatysk … Om’t ik dy minsken ken … fergelykje … we sitte yn deselde sitewaasje. Ik ha freonen yn Galisië en it is moai om te sjen hoe’t sy mei identiteit dwaande binne.’

Toch is it net in lytse, mar in grutte taal dêr’t de ferhalen yn oerset binne. Neist de Fryske is der nammentlik in Sineeske tekstkolom. ‘It binne abstrakte karakters. Ik ha sels tocht om foar it Sinees hiel oare ferhalen te skriuwen, in kompleet oare tekst. Der binne Sineeske wurden dy’t Frysk klinke en it Frysk klinkt jin betiden Sineesk yn ’e earen.’ Al blêdzjend komst Sjong No Mei, San Sin en Ho Ho Jong tsjin. Der ha mear Friezen west dy’t op dizze wize mei it Sineesk boarte ha, dichters lykas Anne Feddema en Eeltsje Hettinga, mar nimmen dy’t sa mei de Sineeske taal omgûchelet as Machiel Braaksma yn dit wurk dien hat. Der is in fenomenaal boartsjen mei Fryske plaknammen, en op in side mei technyske ynformaasje bringt er in oade oan in lokomotyf yn in net-besteande taal.

De hûndert boeken sitte mei boekskroeven yn elkoar. ‘Ik wol hielendal nei myn eigen noarmen wurkje, gewoan alles sels dwaan, sjen hoe’t it giet. Nimmen dy’t seit: sa wurdt it te djoer of it ferkeapet net. De foltôging fan Harrekrammele hat in lange oanrin hân. En ik moast flink ta de bûse … Ik ha freonen dy’t helpe, ien dy’t alles fan ICT wit, in boekbiner … Der is in foto fan it spoar, mar troch de brûkte lins siet der in fertekening yn en dan is der immen dy’t dêr technysk sjoen geweldich mei is. It hat my fernuvere hoe muoiteleas sy taseinen om te helpen. Prachtich.’ Neist de hûndert likense eksimplaren mei it reade lear binne der trije eksimplaren dêr’t strúsfûgellear foar brûkt is, en twa unika wêrby’t it assemblearjen oan ’e bûtenkant gewoan trochgiet. Troch in reflektor oan te bringen komt de ôfbylding op it omkaft, in nachtgesicht, noch wer oars en better út. Even lit Machiel de finger oer it seewolvelear op de hoeken fan ien dêrfan glydzje. ‘Dit is sá moai.’

Harrekrammele is ít ultime boek …

 

 

Earder publiseard yn de Moanne, 14 (2015) 2 (maart), 28-32

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.