It libben fan Jan de Boer: fan sosjalist ta anargist

PIET HEMMINGA –

Yn ieren en sinen ha’k altiten in libertêr demokratysk sosjalist west, allinne as ik it politike bedriuw fan tsjintwurdich sjoch, fiel ik my wat langer wat mear in beskaafd anargist. Dat is it sizzen fan Jan de Boer, earder direkteur fan de Ljouwerter sosjale tsjinst, yn syn fan’t maaitiid by Noordboek útkommen publikaasje ‘Een profeet die stokbrood eet’.

Dat sizzen docht suver tinken oan de werdegang fan de Ljouwerter Alexander Cohen, 1864- 1961, dy’t yn de tritiger jierren syn prachtige In Opstand en Van anarchist tot monarchist it ljocht sjen liet. Beide mannen binne breed, links en ynternasjonaal oriïnteard en beide bedarje yn Frankryk. Allinne, Cohen syn libbensferhaal is noch krekt wat nijsgjirriger, hy hat dan ek gjin amtner west, en boppedat is dy syn pinne ek justjes feardiger en skerper as dy fan de selsbeneamde profeet út St. Laurent de la Cabrerisse.

 

Ik leau wol dat ik nei it lêzen fan ‘Een profeet die stokbrood eet’ sa’n bytsje wit wa’t Jan de Boer is, mar wêrom’t er wurden is wa’t er is en hokker ynfloed dat hân hat op syn tinken en wurk, de twa oare doelen fan syn skriuwen, dat is noch in hiel oar sjapiter.

 

De Boer hat it op de earste fan de mei-elkoar 180 siden, oer syn oantinkens, in libbensferhaal ‘zonder daarbij volledig te willen en kunnen zijn’. Dat is in oerboadige meidieling, want sokke ferhalen binne nea folslein. Dochs hat de skriuwer de ambysje om in byld te jaan ‘van wie ik ben, waarom ik geworden ben die ik ben en welke invloed dat gehad heeft op mijn gedachten en mijn werk.’ Dat is net samar wat. Mooglik freget soks wol om krekt wat mear folsleinens, as dêr’t de skriuwer sels tefreden mei is. It begjint der mei dat De Boer syn ‘school- en studieperiode’ links lizze lit, wat nammers goed past by syn politike ynslach, ‘aangezien die niet interessant is voor mijn bestaan.’

Dat mei sa wêze, it oerslaan fan dat foar elk oar wichtich tiidrek is in slim tekoart fan en in hiaat yn it boek. Ek it byld fan De Boer syn jeugd- en jongereinjierren wurdt net ôfferve. De lêzer komt al te witten dat syn heit dûmny wie ‐ sa’t oare dûmnysbern sjen litte, dochs grif gjin ûnbelangryk feit foar de ûntjouwing fan de soan – mar syn namme wurdt net neamd. Wol wurdt dúdlik makke dat De Boer it bloed fan Russyske Joaden en Fryske Wâldpiken yn him hat, mar nei dy meidielings binne wy al gau by de moetings mei û.o. Albert Camus en Jean-Paul Sartre. Dat is fansels bûtengewoan nijsgjirrich, allinne it hie suver noch moaier west as men by Camus en Sartre lêze kinnen hie fan har moetings mei Jan de Boer.

Op side 28 begjint De Boer yn 1959 mei syn beropslibben. De lêzer wurdt gewaar dat er skiednis studeard hat – hoe, wat, wêr? – en dat er learaar yn Hellevoetsluis wurdt. Yn itselde jier trout er. Trije jier earder is er lid fan de PvdA wurden, nei’t er yn datselde jier ek noch even holpen hat om de PSP op te rjochtsjen. De Boer en syn frou Joke krije dêr yn Súd-Hollân twa dochters, mar dan slacht it needlot ta. Syn frou stjert folslein ûnferwachte en De Boer bliuwt mei twa famkes achter. It is de iennichste kear yn it boek dat er syn mem neamt, as dy him yn syn drege omstannichheden helpt. Yn in dêrnei te hastich sletten twadde houlik wurdt in soan berne.

Yn fiif jier is der hiel wat bard. Ek dat De Boer útsjoen is op it lesjaan. Dat is net slim, want nij wurk waait him suver oan. Hoe dat kin, wurdt net earlik dúdlik makke. Mooglik leit dat ek net allinne oan De Boer, mar binne de tiden ek hiel oars as tsjintwurdich. Albert Heijn freget him om nije winkels ta te rieden en grutte skipshellings wolle him as haad personielssaken hawwe. Letter freget de Dominikaanse Republyk (!) him noch om dêr heechlearaar skiednis te wurden en Hedzer Rijpstra wol der wol foar soargje dat De Boer boargemaster yn Fryslân wurdt. Partijgenoaten freegje De Boer foar de Twadde Keamer en it Europeesk Parlemint, mar, útsein in koart riedslidmaatskip yn Achtkarspelen, hâldt dy it, hiel bysûnder, by in amtlik bestean.

Earst rekket er yn Eastlik Grinslân oan de slach – wat en hoe? – dan yn Doetinchem – wat en hoe? – en dêrnei wurdt er foarljochter yn Rotterdam. Dat duorret amper twa jier en dan wurdt er fanwegen syn kommunikative talinten haad Sport en Rekreaasje by de provinsje Utert. Dat is gjin lokkige greep en dus ferroalet er Utert foar de gemeente Almelo, dêr’t er net allinne al gau haad fan de ôfdieling Underwiis c.a. is, mar ek de dynamyske boargemaster Rijpstra tsjinkomt en dè leafde fan syn libben. De Boer trout op’e nij en kriget – ek op ‘e nij – twa dochters. Almelo wurdt ferlitten en wurdt -ditkear mei tank oan in reade wethâlder- direkteur fan de sosjale tsjinst fan Ede.

Ek dêr is it mei net al te bêste wethâlders en amtners gjin reabûter oan de boaiem ta. Dat nei trije jier wer oars omsjen en it wurdt, op side 81 fan it boek, de gemeente Ljouwert. Dêr sil Jan de Boer fan 1976 oant 1994 syn gloarjetiid as man fan de sosjale tsjinst en opinymakker belibje. De respektearde boargemaster Brandsma -wethâlder en partijgenoat Gijs de Vries hie it net op him stean- freget him oft it burd mooglik by De Boer syn fak heart en boargemaster Te Loo lit him lulk witte dat net De Boer, mar hysels de boargemaster fan Ljouwert is … En De Boer sels? Dy wrot om syn tsjinst better te krijen, dy skriuwt yn alderhanne kranten en dy sprekt foar tal fan fermiddens. Hy flokt yn de linkse tsjerke om’t er oer bystânsfraude en degradaasjewenten skriuwt of muntmjitters ynfiere wol. Hy fielt him, nettsjinsteande de Ljouwerter earmoed, as in fisk yn ’t wetter.

Hy skriuwt oer sosjale wissens en ekology en makket karrière as er, nei in reorganisaasje fan it gemeentlik apparaat, algemien direkteur fan de gemeentlike tsjinst Wolwêzen wurdt. De djoere Harmonie en Blauwe Golf komme foarby, och sa of krekt wat minder betûfte wethâlders lykas Dick Heere, Dolph Kessler, Marten Koopmans, en, net te ferjitten, de minne kantoarpolityk fan gemeentesekretaris Anita Lantermans, dy’t och sa goed mei wethâlder Janny Vlietstra kin. De Boer hat er in moai koarte en heldere omskriuwing foar: ‘Brrrr’. Underwilens wennet De Boer ûnder de Wâldsjers fan De Harkema, nei earder – yllustraasje fan it treflike wenningbelied fan de gemeente Ljouwert – yn Hurdegaryp wenne te hawwen.

It persoanlik leed slacht lykwols op’e nij ta mei it ferlies fan in pakesizzer en in dochter. Boppedat ferlit syn frou him. As De Boer yn 1994 ôfskie nimt fan de Ljouwerter amtnerij, nimt er tagelyk, wol te begripen, ôfstan. Hy set ôf nei Frankryk. Dêr fynt er op ‘e nij it lok. Yn 2015 trout er mei Ana Carmen Ferrero, flamenkodûnseres mei Andalusyske woartels. Sels is er, sa lit it boek sjen, tweintich jier en twa knibbelprotesen fierder, in heale Frânskman wurden. Sa telt it boek acht troch De Boer skreaune gedichten, sawol yn it Frânsk as yn Hollânske oersetting opnommen. Dat hie fan my net hoecht. Likemin as de lêste fyftjin siden, dêr’t de profeet De Boer noch even dúdlik makket dat it mei de wrâld op ‘e kop ferkeard komt. No, dat wol ik sa ek wol leauwe. Boppedat, it is gjin nijs, want De Boer hat syn boadskip nea foar him hâlden. It krante-argyf tsjûget dêrfan.

Ik leau wol dat ik nei it lêzen fan ‘Een profeet die stokbrood eet’ sa’n bytsje wit wa’t Jan de Boer is, mar wêrom’t er wurden is wa’t er is en hokker ynfloed dat hân hat op syn tinken en wurk, de twa oare doelen fan syn skriuwen, dat is noch in hiel oar sjapiter. Tagelyk makket it boek fan Jan de Boer pynlik dúdlik dat it hjoeddeiske Fryslân, de gemeente Ljouwert yn it bysûnder, amtners as De Boer hiel spitich mist. Wêr binne de belutsen, profetearjende en skriuwende amtners bleaun? Net yn Fryslân, mar yn Frankryk dus. Tachtich jier âld.

 

Jan de Boer, een profeet die stokbrood eet. Uitgeverij Noordboek, 200 siden, €19,50

Comments
3 reaksjes oan “It libben fan Jan de Boer: fan sosjalist ta anargist”
  1. Wiebe Dooper schreef:

    Goed stik fan Hemminga.

  2. Jochum Admiraal schreef:

    helder ferhaal fan Hemminga. Hy soe no in stik skriuwe kinne oer it belang foar ús demokrasy dat belutsen amtners skriuwe en profetearje. En wannear kinne se sols dwaan: as hja noch yn oerheidstsjinst binne of yn tiden fan pensioen? En hoe stiet Hemminga oer tsjin de eed of belofte dy’t amtners ôflizze moatte?

  3. fred van der wal schreef:

    Krullebol Jan de Boer is een zeldzame egotripper en salon socialist in zoverre het hem persoonlijk voordeel en aandacht van pvda stemmers oplevert.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.