It libben as rinnen op brekber reid

RYNK BOSMA – 

De foarstelling ‘Foar dy nei dy’ yn de boppeseal fan paviljoen De Leyen yn De Rottefalle hie oan it buordsje ‘uitverkocht’ gjin brek. Mei it each op it wetter de Leijen wurdt in foarstelling opfierd troch Froukje Reitsema fan Lippenhuzen en Popke van der Zee fan Mantgum. Op snein 4 desimber wie de lêste útfiering fan in stik wêryn it ferlies fan in bern in sintrale rol spilet. Reitsema ferlear achtjin jier lyn har jonge Elric, Van der Zee oerkaam it selde santjin jier lyn mei it ferlies fan Piter. En beide kearen wie der in haadrol foar it wetter.

 

In foarstelling dy’t grutter is as de minsklike resinsjewetten fan goed of net goed.

 

It giet oer de krêft fan it elkoar gunnen. De mins moat de frijheid ha syn eigen roukeamer yn te rjochtsen en om dat te kinnen moatte je ien ek de frijheid gunne dat te dwaan. Yn in relaasje betsjut dat elkoar de frijheid jaan om it ferlies yn dyn eigen libben te ferweven. Neat gjin praat fan ‘in plakje jaan’, sa seit Van der Zee. “Myn frou Wieke sei fuortendaliks fan ‘Wy moatte der dwers troch hinne’, wy moatte it aksepteare dat it nea klear is yn de rest fan ús libben. Dat plakje jaan jout de yndruk dat it klear is, mar dat sil nea sa wêze.”

Tusken it spyljen troch is der romte foar wat yn Fryslân miskien wol de moaiste dichtbundel is op dit mêd. It ‘In Memoriam’ fan dichter Douwe Annes Tamminga (1909-2002) dat hy makke nei’t hy syn iennige bern, soan Anne, nei dy iensume toer fan Tsjalhuzum droegen hat. ‘Ik rop syn namme tsjin de simmersee’, sa begjint it earste fers. It twadde einigt mei ‘it is foarby elk omsjen is fergees’.

Dat lêste mei dan wier wêze, foar Van der Zee en Reitsema wie dat op in oar mêd wis net it gefal. “Je moatte je as mins opnij de fraach stelle fan ‘wa bin ik?’ en ‘wat wol ik?’ Op it toaniel sitte wy beiden efter ús eigen tafeltsje, twa eilantsjes op de planken.” Op dy taffeltsjes allegearre dingen dy’t mei de natoer en wetter te krijen ha, einekoeren, fiskark en planten. “It giet eins om de fraach hoe’t je as minske wer yn ferbining komme mei de oar.”

Sneintemiddei wie de lêste foarstelling mei in blakstil wetter De Leijen op de eftergrûn, de sinne ferve alles yn in reade mankelike gloed fan wer in dei dy’t foarby gie. En dat mei in foarstelling dy’t de earste tiid net foarby gean sil yn de tinzen fan de minsken. Eins in foarstelling dy’t grutter is as de minsklike resinsjewetten fan goed of net goed. In teatrale hânrikking oan al dy minsken dy’t sels ea in mins of bern ferlern ha. In teaterfoarstelling dy’t útstiigt boppe de wetten dy’t ornaris jilde.

Twa minsken dy’t yn ‘Foar dy nei dy’ wrakselje mei de bylden dy’t ophelle wurde, de swarte gatten yn it geheugen, it libben sa’t dat der útseach doe’t alles noch op ierde wie. It libben fan nei dy dei, it opstannige libbenspaad fan de ien, de frijheid fan de oar om de roukeamer nei eigen ynsjoch stâl te jaan. Eins soenen je sprekke kinne fan in twakoppich monumint foar twa bern, as je de titel troch de helte dogge en ‘foar dy’ oerhâlde.

Antwurden binne der net te jaan, hoeden stapke foar stapke oer it brekbere reid fan it libben op wei nei begelyks in einekoer dy’t yn twa helten brutsen is. Fjochtsje om dy iepen, brutsen dielen fan in einekoer wer by elkoar te krijen en der ien gehiel fan te meitsjen. Hoe’t de mins mei sa’n ferlies dêr yn slagget, is foar elk mins oars, it iene paad is rjochter as it oare, de ien is der wat earder as de oar. En as nei ôfrin in skrutele mem út it publyk wat ferlegen seit dat de foarstelling hiel wjerkenber wie, en tank seit foar de foarstelling dan past in swijen. Dan is allinnich noch in ferwizing nei Tamminga op syn plak: ‘dan sil it libben, no’t wy fierder moatte, / mear wêze as idel wachtsje op ’e dea’.

Comments
2 reaksjes oan “It libben as rinnen op brekber reid”
  1. Popke van der Zee schreef:

    Dankjewol Rynk foar dit prachtige artikel. In moaie wer- en tajefte nei de rige foarstellingen dy’t op 4 desimber sa’n moai útropteken krigen mei de natoer dy’t as dekôr him foege nei ús ferhaal. Dank.

  2. Froukje Reitsema schreef:

    Rynk! Tankewol foar dyn moaie wurden. Wat in prachtige oanfolling op itjinge allegearre yn de foarstelling lâns kommen is.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.