‘It is wat it is’ – In evolúsje fan lânskipslûd

Sytze Pruiksma en de bruorren Elmar en Remco Kuiper steane foar in hikke op it Marsumer Aldlân, dat diel útmakket fan in stikmannich greidefjilden tusken Marsum en Dronryp. “Fan hjir oant de benzinepomp oant en mei it kanaal dêre.” Remco wiist yn ’e fierte. “Sa’n 120 hektare mei rûchwei sa’n fivenfjirtich broedsjes. Tweintich ljip en foar de rest foaral skriezen, wat strânljippen en hjir en dêr in tsjirkje.” Op it skouder draacht er in bosk bamboestokjes, dy’t as markearring tsjinje moatte foar de boeren. “It is droech dit jier. Alles komt krekt wat letter op gong, mar it is moai wurk.”

Bûten it sûzjen fan ’e wyn en it roppen fan de greidefûgels is it stil. De trije manlju strune kalm in hoeke greidlân ôf op syk nei nije nêsten. Ut en troch stoarje se de fierte yn. “Sjoch, in tsjirkje. In ‘tureluur’.” Elmar imitearret de rop. Se treffe elkoar hjir gauris om nije ideeën troch te praten. “De natoer is de ‘gemene deler’, kinst wol sizze en it wurk as neisoarger foar de Fûgelwacht is prima te kombinearjen mei ús projekt. Hjir komt de ynspiraasje wei. Hjir is romte foar nije ideeën. It giet om kilometers meitsjen; yn it lân, op it poadium en oan ‘e keukentafel. Krekt as mei in fuotbalalvetal moatst tiid meielkoar trochbringe om in kollektyf te foarmjen. Mekoar skerp hâlde. Sa meielkoar it fjild yn helpt ek om net werom te gripen op âlde struktueren en ferwachtings. Alle kearen is it oars en sil it op ‘e nij út himsels ûntstean. Salang’t dat sa is, is it goed.”

Klanklânskippen is in mearjierrich, multymediaal projekt – mei in grutte rol foar muzyk, poëzy en fideo – wêryn’t komponist Sytze Pruiksma, dichter Jan Kleefstra en keunstner Elmar Kuiper yn wikseljende gearstalling nau gearwurkje mei ferskate nasjonale en ynternasjonale muzikanten en keunstners. Utgongspunt is om mei in miks fan keunstfoarmen, lykas foardrachten, fideo, muzyk en byldzjende keunst, op in natuerlike wize in saneamd lânskipslûd te kreëarjen. “De foarstelling is yn konstante beweging en spilet him suver kontinu bûten de wenstige paden ôf. Dêrmei ferget de foarstelling in soad fan it publyk. Asto in soad klassike muzyk hearst of in soad moderne muzyk., dan is dit net nij. Mar – mei alle respekt – bisto allinnich Frans Bauer en Griet Wiersma wend, dan krigest wol even in klap yn it gesicht. Wy spylje net neffens in noateregister of in bepaald arranzjemint. It giet om de ferbylding dy’t de klanken oproppe. Wêr bist, wat hearst? Dat oerbringe op it publyk. Dat moat de krêft wêze.”

“Foar it publyk kin it in konfrontaasje mei harsels wêze. Wa’t him deroan oerjaan kin, fielt de magy fan de foarstelling. Wêr’tst ek op ’e wrâld in fûgel hearst, hast wol fuort in assosjaasje mei it lânskip dat dat lûd opropt. Dat besikest yn muzyk en poëzy te fangen. Op it poadium hawwe wy gjin ôfspraken. Wy fiede elkoar, elk yn syn eigen dissipline. Elkoar ynspirearje mei puere ymprovisaasje. Op dyn eigen wize it lânskip ferklanke. Dêrby stiet it skeppen en it lústerjen sintraal. Lústerje nei elkoar en dyn ego thúslitte. Moatst it ûndergean. Alle kearen wer besikest de komposysje sterker te meitsjen en te fernijen, de klanken fan it lânskip bleat te lizzen om de rêst dy’t derfan útgiet hearre te litten. Dêrmei wolst romte skeppe. It publyk de romte, de stilte en de rêst te jaan om sels oan it wurk te gean. Besykje de inerlike konsintraasje op te sykjen. Sjen litte dat it eins net mear is as dat it is, dat it is wat it is.”

“De komposysje sa’t dy op it poadium nei foarren komt, is der yn de natuer ek. De ferbannen yn lûd en beweging. Krekt sa’t moarns de klanken oars binne as oerdeis. Ynienen in alarmrop fan in skries en dan it ferjeien fan in rôffûgel. De rêst dy’t dan weromkomt oer it fjild. It foarmet in organysk gehiel tusken ferstilling en spanning. Dat soarte fan parallellen kinst lûke mei de klanklânskippen. Yn it fjild wurde dêrby dyn sintugen ekstra oansprutsen; bist op dyn iepenst. In útfiering fan it projekt freget dêr ek om.”

Neist optredens yn Tokio ûnder de namme Piiptsjilling mei de bruorren Jan en Romke Kleefstra en in optreden op in festival yn Berlyn, hat de foarstelling inkelde kearen te sjen west yn de Lawei yn Drachten. Noch dit jier komt de cd ‘Deislieper’ út op in label yn London en dêrnei sil Klanklânskippen ek te finen wêze yn muzyksaken yn ûnder oaren Amearika en Japan. “Kinst it sa sjen: wy binne no noch in mûzebiter dy’t op ’e termyk hinget. Mar sadree’t de saaklike organisaasje goed stiet en wy ús écht allinnich mar dwaande hâlde kinne mei it artistike wurk, dan wurde wy trekfûgels. Klanklânskippen fynt syn paad wol. It is in soarte fan evolúsje dy’t wy flugger gean litte. Neat forsearje. In hit kinst ek net meitsje. Op dit stuit is it foar ús mear it proses en it genietsjen fan it no. Je binne wat gruts oan it bouwen, miskien wol wat monumintaals. Op in stuit moat it sa wêze dat minsken tinke: dêr móat ik hinne. Ik wol witte wat se dêr dogge.”

It is hast middei as de manlju de VW Transporter wer ynstappe. It boskje bamboe is justjes smeller wurden. Elmar wiist yn ’e loft. “Sjoch, dy knaap is op jacht.” Boppe de greide fljocht in roek. Ut it lân stoot fel in ljip omheech.

Sito Wijngaarden

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.