It grutte boek

Publisearre op 12 februari 2014

HENK WOLF – 

Bertus hat faak in spikerbroek en in jaske oan, Driek ferskynde gauris yn in pak mei in dwarsstrikje foar en Twan ferskynt almeast yn in kreaze broek en in fleurich bloeske. Binnen Nederlân bestiet in soad ferskaat as it om klean giet. Uneinich grut is dat net: tulbannen, mûntsepijen en peniskokers moatst mei in lampke sykje, skamlappen, harnassen en tropehelmen sjocht men ek net faak. Ferbean binne de measte klean net, mar Nederlanners fiele wol aardich oan wat wol en net kin.

Soms moatte Nederlanners formeel. Soms moat dat op it wurk, dan freget de baas derom. Soms is dat no ienkear it gebrûk, bygelyks in sollisitaasjepetear of in begraffenis. Sommige klean binne reservearre foar spesifike situaasjes, bygelyks oerstrûpers, bikinys en hokseflappers. Wa’t dy kleankoades net wit, bygelyks om’t er út in oar lân komt of om’t er net faak yn formele situaasjes komt, dy kin ien freegje dy’t it wol wit. Of hy kin der in boekje by pakke dêr’t it yn stiet.

Stel, wolst witte hoe’t in dosint oan in Nederlânske universiteit of hegeskoalle derby rint. Ik wit út eigen ûnderfining dat der in soad kin. Bertus soe net opfalle mei syn spikerbroek en jaske. De klean fan Driek binne likemin te útwrydsk en Twan is ek al gjin aparteling. In oerstrûper, bikiny of hokseflapper soe wol nuver wêze. Dat, deselde dy’t dat witte wol, hopet dat syn ynformant of syn boekje him dat ek fertelt.

Stel: Henry komt út in fier lân. Hy krijt in baan oan de universiteit fan Leien. Hy túcht in moai grut Nederlânsk etiketteboek oan, de Standertkleanlist. Dêr siket er yn op wat Nederlanners yn sa’n situaasje foar klean oanstrûpe. Hy lêst dat dat in griis pak mei wyt oerhimd en in strik is. Dus Henry keapet sa’n pak, giet syn earste dei oan it wurk en sjocht dat in part fan syn kollega’s yndied in griis pak mei strik draacht, mar dat der ek Bertussen en Drieken en Twans omrinne, mei spikerbroeken, jaskes, dwarsstrikjes en fleurige bloeskes. Dy wurde net útgniisd. Dat kin dus ek. En Henry hat folle leaver in spikerbroek en in jaske oan.

Dan sjocht er de skriuwer fan de Standertkleanlist rinnen. Hy sjit him oan en freget wêrom’t dy net yn syn boekje set hie dat it grize pak mar ien fan ‘e gebrûklike dosinteútdossingen wie. En de skriuwer seit dan: “Ja, in oerstrûper, bikiny en hokseflapper binne ek Nederlânske klean. Mar yn Nederlân wurde in heel soad klean net op it wurk droegen. Dat stiet yn alle etiketteboeken. Net omdat se net by de Nederlânske kleankultuer hearre, mar fanwegen it gemak fan in standert. Jo hoege mar ien soarte fan klean te kiezen, net trije.”

In bytsje daas stapt Henry syn nij appartemint binnen. It klonk allegear sa logysk wat dy skriuwer sein hie. Mar hoe kamen se no ek alwer op dy bikiny en dy oare gekke dingen? Dy hienen syn Nederlânske kollega’s yndied net oan. Mar dat hie syn fraach ek net west, wol? It gong him der doch om wêrom’t de blykber folslein normale spikerbroek en jaske net neamd waarden yn dy Standertkleanlist. Dêr hie er gjin antwurd op krigen. Foar in reëel byld fan ‘e Nederlânske kleankoades hiest alles byinoar net safolle oan dat grutte boek. Soe der net in better boek te keap wêze?

En dy’t him ôffreget wêrom’t Henk Wolf ynienen oer klean skriuwt en net oer taal, dy moat earst dizze kollum fan kollega-taalbaas Hindrik Sijens mar efkes lêze.

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels