It Grut Frysk Diktee

ARJAN HUT – 

It Frysk Diktee waard op woansdei 20 maaie útstjoerd troch Omrop Fryslân, mar de opnamen wienen in dei earder, yn de Steateseal op it Provinsjehûs yn Ljouwert en dat hie grutte konsekwinsjes foar de sfear: ferslachjouwers dy’t der graach live by wêze woenen, moasten dagenlang ombelje en harren meast delikate netwurken ynskeakelje om út te finen hoe let it barren krekt begjinne soe. It like suver in sektaryske tastân, men soe maskerdragende foargongers yn geweiden ferwachtsje, wylst it dochs inkeld om in lokale staverkriich gong, mei in smite pommeranten en fiifentritich dielnimmers dy’t har fia in foarronde kwalifisearre hiene.

Under de pommeranten wienen gâns ferneamde Friezen. Ik neam in Gryt Wiersma, sjongeres dy’t sa alderûnhuerichst gewoan bleaun is, Reitze de tillefyzje-kok mei syn smaaklike bekjelûkerij, en Iris Kroes, op nasjonaal nivo sûnder mis de ferneamdste, al lette dat de fierders freonlike koalleboksen by de yntree net om har te freegjen oft sy ‘foar it Frysk Diktee kaam’. As soe de sjongeres en harpiste om in oare reden as diel te nimmen oan in ortografysk evenemint, op in trochsneed tiisdeitejûn op it haadkertier fan ús provinsjaal bestjoer ferskine!

 

Is der yn Fryslân sprake fan in staver-drain?

 

De embargopreek oan it begjin fan de Omrop-opnamen wie net allinne ornearre foar Sietse de Vries, offisjeus âld-winner, al joech him dat gjin spesjale rjochten, nee, elkenien moast in papierke ûndertekenje dat sei fan ‘ik sil oant nei de útstjoering neat meidiele oer de útslach fan fannejûn’ – en dat late fuortendaliks ta grutte konsternaasje. By Iris Kroes noch mear as by it hompelestomp makke sjoernaille, hja rôp teminsten o sa feralterearre fan ‘dat ik hjir sit ha ik krekt oer twittere, mei dat wol?’.

Wa soe winne, dat wie fansels de fraach, krekter sein, wa koe André Looijenga ferslaan? Wêr wie Looijenga eins? Nimmen seach him foar de opnamen, soe er in aparte klaaikeamer ha, fregen guon útdagers har ôf. Krekt foar de opnamen siet er dêr ynienen, foaroan, de kampioen fan de kampioenen en it like as fage in meiwurkster fan de media him in poeierke op de holle. Jannewietske de Vries gie kreas njonken him sitten. Karen Bies, dy’t de troch skriuwer Ferdinand de Jong boude rigels geduldich foarlêze soe, siet op in troan foar de dielnimmers en njonken har sieten de auteur sels, Hindrik Sijens, Douwe Kootstra en Mirjam Vellinga.

In pear ynterviewkes yn it foarren; André Looijenga fertelde dat er mei deselde pinne as ferline jier skreau, Gryt Wiersma die út de doeken dat sy har net spesjaal taret hie (‘Ik kom sa’t ik bin, dat ha ‘k noch noait oars dien’). ‘Ge-wèldich,’ fûn Lutz Jacobi. Ek tusken de rigels troch waarden hjir en dêr ris wat fragen steld, sa kamen wy te witten dat Iris Kroes nei trije rigels al kramp hie fan it skriuwen mei in âlderwetske pinne. Sy wie de iennichste net. De hannen woene op in skermke wriuwe en net mei sa’n inketstokje honkelje.

Dêrnei wie it aardich stil, men hearde allinne de lytse, kreakerige stimkes fan de rezjy út kragen en earkes kommen, se klonken as in legerke kabouterkes mei walkie-talkies talkies dy’t – net foar minske-eagen waarnimber – alderhanne driuwende berjochten hinne en wer kommunisearren, wylst Bies mei graasje rigels fol krikkemikken en robbels as ‘De tiden fan bjinstalten, seinen yn de swinge, op sneintejûn de Bokkeleane op en del paradearje om in faam te sykjen en súntsjes núnderjend de húsketonne te leegjen … ‘ yn stikken briek en foarlies, mei in sadistysk glimkjende De Jong njonken har.

By de sjuery wie it út en troch efkes panyk. Bygelyks doe’t Karen Bies ‘at’ lies, wylst it ‘as’ wêze moast. In staverkriich, dat is millimeterwurk. Spannend foar sawol de sjuery as de dielnimmers. Fan de supporters dy’t meikamen hiene guon foar de sekerheid dochs mar in boek meinommen.

Nei ôfrin duorre it in oerke foardat de ynlevere diktees troch in legerke spesjalisten (ûnder oaren staver- en grammatikafenomeen Janneke Spoelstra) neisjoen wienen. De dielnimmers en in kameraploech koene yn de lounge kofje, tee of sinesappelsop krije en harren lûdop fernuverje oer healwize dikteewurden lykas wûpsty, bjinstalten of boekstoaiïng. Ferdinand de Jong hie de measte wille fan it troch him tapaste wurd Ymportfries, dat op talleaze manieren ferkeard stavere wurde koe.

‘Der binne hiel wat pinnen leechskreaun. Ek by de korreksje.’ Nimmen skrok fan Hindrik Sijens syn wurden. It diktee hie dit jier dreger west as ea en sa kaam it dat Willem Schoorstra, mei trettjin flaters en in heal, winner waard by de pommeranten. ‘Trettjin is in moai getal’ fûn er, en doe wist er noch net iensen dat er mar in heal flaterke mear makke hie as Looijenga, dy’t dêrmei tredde waard. In menear dy’t J.J. Krol hjit, doarpkranteredakteur, waard twadde mei tolve en in heale flater.

De winner kaam fansels dochs wer út it saneamde Skanomodu-kamp. Jan Ybema (Grins, 22 jier, freelancer by it Friesch Dagblad) hie tolve flaters en wie dêrmei de bêste dielnimmer. Hy wie nota bene troch André Looijenga sels attindearre op it diktee. Ybema mocht op de foto mei de oare winners en de presintatrise fan de Omrop. Doe wie it wilens hast tsien oere en ynstee fan in grut feest te bouwen, moasten in opfallend soad jonge dielnimmers hurd rinne om de lêste trein nei Grins te heljen. Is der yn Fryslân sprake fan in staver-drain?

Guon fan harren hienen it noch krekt oan tiid om it bledsje mei har skoare yn de omparte stinsilsteapels werom te finen. De diktees sels krige men net retoer, neffens guon wie dat om diskusjes foar te kommen. Op de trep nei de garderôbe fertelde Gryt Wiersma oan Lutz Jacobi wa’t har âlders wienen en hoe’t se sa gewoan bleaun wie, krekt as Anneke Douma, mar se sei neat oer har skoare. Kroes skreau op har Facebook-side de oare deis, yn in mear fertroude skriuwtaal , dat sy it onwijs leuk vond om mee te doen.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.