It gouden earizer

SJOERD BOTTEMA –

Fryske misdieliteratuer: J. Faber

“Hja binne nou oan de brij ta.”

It Fryske plattelân yn de jierren ’50. Elkenien rint noch op klompen en middeis wurdt der waarm iten. Prûsde jirpels mei platseane griente, in flinke sleef sju en triedsjefleis. Dat fleis siet altyd in glibberich fel oan, wit ik noch, dat ik fan ús heit opite moast en dat ik stikem besocht ús mem ta te skowen. En brij nei. De grize giet my noch oer de grouwe as ik deroan tink hoe’t ús mem my op skoat út in gimmelearden pantsje leppel foar leppel en mei allerhande babbelegûchjes (brombrombrom – dit is in trekker – brombrombrom – dy moat yn ’e skuorre) besocht har kluterige en soms justjes oanbaarnde sûpengroattenbrij op te fuorjen. Watfoar keunstjes se ek betocht, it bleau in moarderij. Dat begong al doe’t ik noch mar in pjut wie en dat duorre oant yn de twadde helte fan de jierren ’50.

Om dyselde tiid hinne, 1956, ferskynde by útjouwerij De Terp yn Ljouwert in boekje dêr’t ik doe noch krekt wat te jong foar wie: It gouden earizer fan J. Faber, mei bânomslach en tekeningen fan Meinte Walta. De yn trije kleuren útfierde yllustraasjes fan Meinte Walta – realisme út de losse hân – dogge noch altyd modern en boartlik oan, mar it ferhaal is net mear fan dizze tiid.

In braaf moralisearjend boekje – “hinderlijk in zijn pedagogische bedoelingen,” neffens Anne Wadman yn in besprek foar de regionale omrop, doe noch Regionale Omroep Noord – oer de lytse misdie, stellerij, mei alle begryp foar de dieder en in soad berou fan dy syn kant. By in kollekte foar de reklassearring foar loslitten finzenen (“Wy wolle dy lju helpe, dat hja net wer oppakt hoege te wurden.”) jout de dieder, dy’t wol ûntmaskere wurdt mar fierder mei de skrik frijkomt, hûndert gûne. Oars as Wadman, yn syn ôfkear fan sedeprekerij syn tiid foarút, oardielje de oare resinsinten alhiel yn de geast fan de jierren ’50.  De resinsint fan de Drachtster Courant fynt de pedagogyske bedoelings “tige forantwurde”. Neffens de besprekker yn de Ljouwerter Krante bringe dy “in waermte yn it forhael dy’t wy by it bleat detective-eftige misse.” Braaf? Dêr waard doe hiel oars oer tocht: “Moat der nou altyd stelderij of sa en in foege detective-histoarje oan to pas komme, om aksje yn in jongesforhael te bringen? “ Koartsein: Fryslân yn de jierren ’50.

Speurders

Trije doarpsjonges, ulo-learlingen: Klaes, Jaring en Geart. Fan dy sûne, frisse, ‘stoeigrage’ jonges. It boekje sil bedoeld wêze foar lêzers fan deselde leeftyd en ut itselde fermidden as dy trije jonges. Dy jonges, dat binne no âlde minsken en sa’n boerefermidden bestiet net mear. Dat de jeugd fan hjoed de dei hat der wol oan, bin ik bang. Wat bygelyks te tinken fan de folgjende passaazje: “… in nêst mei oars neat der yn as in koai! (…) Hy molk dêr in ein!” Ja kids, dêr kinne jim neat mei. Einen melke, se holden der froeger mar rare gewoanten op nei op it plattelân. Ik moat sizze dat ik sels earst ek raar oanseach tsjin dat ‘koai’ en dat it even duorre foardat ik troch hie dat ik dat lêze moast as ‘kwaai’, in neimakke aai dat, nei’t de echte aaien derút helle binne, yn it nêst lein wurdt om de ein te ‘melken’: oan te moedigjen om mear aaien te lizzen.

Slachtoffer

Alde Maertsje. Har gouden earizer is stellen. Alde Maertsje is in skat. As se ien kear wit wa’t de dief is en it earizer wer te plak is, toant hja alle begryp en goait se it gau op in akkoartsje mei de dieder: Maertsje sil tsjin de plysje sizze dat it earizer nea stellen west hat en dat hja it weromfûn op in plak dêr’t noch gjinien sjoen hie.

Fertochten

Roel, feint by de boer dêr’t Jaring syn heit arbeider is en op waans hiem de jonges altyd byelkoar komme yn it skieppehok. Oan it stek fan Maertsje har hiem hat Jaring in griis stikje stof fûn. Roel syn broek hat krekt sa’n kleur. As de jonges Roel syn keammerke neisneupe op bewizen, wurde se troch Roel betrape. Gelokkich komt de boerinne op it leven ôf en dy wit de saak wer rjocht te breidzjen.

De plysje lit it each falle op Jan Karre, in ‘omstipper’. “Hy hat wol ris wat negoasje, handelt hwat en is ek net frij fan streupen.” Jan wurdt in pear kear yn ferhoar nommen.

Dieder

“(Hy) boarte leafst thús, learde himsels breidzjen…”

“Trouwen skynde hy nea om te tinken. De froulju hiene de gek mei him.”

“Syn sinnen wiene by boeken en moaije dingen. Hy koe ûren op it goud omwriuwe en him formeitsje mei de glâns, dy’t op in glêdde kop lei as de sinne der op skynde.”

Tsja, dat famkesachtige, dat breidzjen en dat gebrek oan belangstelling foar froulju wiist wol wat yn in bepaalde rjochting. Tiid om út de kast te kommen? Kom no, dit binne de jierren ’50. It kostet de mem fan de dief al muoite genôch om har te uterjen oer it ôfwikende gedrach fan har soan – dêr hat se noch noait earder mei ien oer praat. It is foar in mem hiel swier om dêrmei te libjen, wurdt yn it boek steld en de frou beswart har gehoar om der fierder mei gjinien oer te praten. Ek de resinsinten, ynklusyf Wadman, reppe mei gjin wurd oer dy behyplike kwestje. Poppetje gezien, kastje dicht.

Moraal

Yn ferbân mei de dieder: oardielje net te streng oer minsken dy’t in misstap begeane; faak is it bard yn in swak momint en ha se der ek sûnder straf al genôch berou fan om it nea wer te dwaan.

Yn ferbân mei boerefeint Roel: de jonges leare fan it ynsidint mei Roel dat se net te gau konklúzjes lûke moatte. Likegoed konkludearret Geart letter wer hiel maklik – op grûn fan in allike twiveleftige oanwizing – wa’t dan wól de dief is en hy krijt noch gelyk ek.

Yn ferbân mei omstipper Jan Karre: minsken dy’t ûnderoan de sosjale ljedder en wat bûten de maatskippij steane, wurde al hiel gau fertocht fan misdieden. Sokke oardielen moat men foarsichtich mei wêze. It tsjinstridige yn it boek is dat de dieder dochs sa’n maatskiplike bûtensteander blykt te wêzen, ek al stiet er dan net ûnder oan de sosiale ljedder; ien dy’t oars en ‘nuver’ is. Hoe nuver krekt, dêr giet de skriuwer fierder net op yn – dat strookte grif net mei syn “tige forantwurde” pedagogyske bedoelings – allinne dat it foar in mem in krús is as har bern mei sa’n krupsje oantangele is.

“Hja binne nou oan de brij ta.”

Wat wie ik bliid doe’t der yn ’e twadde helte fan de jierren ’50 wat nijs op tafel kaam: yochert (ek net lekker, mar fan ús mem mocht ik dat soere guod om in bak mei in berch sûker hinne drapearje, en dan wie it wol te dwaan).

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.