It geheim fan ‘e Kânselier (8+)

Doch watst dwaan moatst, al witst net hoe



Yn It geheim fan de Kânselier wurdst meiskuord yn de wrâld fan sjittinten, messegoaiers, meunsterhûnen, kokhalzjende skiep, ûntploffende kanonnen, hookstrooks opdûkende plysjemannen, en in mem en in soan.. .en in famke…en in heit (mar dy is der net). Special guest! Piter Wilkens as Bline Arend, de sjongende cowboy.

It begjint allegear sa rêstich. Keimpe en syn bêste maat Skiep wenje yn in alderaardichst doarpke. Dat doarpke leit yn in alderaardichst lân, dêr’t Kânselier Pondereus al jierrenlang alderaardichst regearret oer jong en âld en elkenien.

Teminsten, sa liket it… want Keimpe is syn heit kwyt. Mem seit dat er dea is mar dat wol Keimpe net leauwe. Hy beslút om syn heit te sykjen en bedarret yn in gefaarlik aventoer.

Hy komt yn ‘e kunde mei opstannich merkefolk; dêr hast bygelyks de libbene kanonskûgel en it famke. Bringe dizze nije freonen him tichter by syn heit, of just net? Miskien moat er better lústerje nei Bline Arend, de sjongende cowboy foar wa’t it ferline en de takomst gjin geheimen hat.

Bram de Goeij is by Tryater bekend fan syn regy fan de hilaryske jeugdfoarstellingen Stamppot Smyt en Tomke siket om ‘e kluts. Peter Sijbenga is in bekende namme by Tryater. As tûzenpoat is hy belutsen by de tekst en de muzyk fan It geheim fan ‘e Kânselier.

Bram de Goeij: ‘Mei it meitsjen fan De Kânselier komt in âlde winsk út om in aventoerlike famyljefoarstelling te meitsjen, fol (absurde) humor, aaklikmeitsjende spanning en oandwaning.’

Skript Peter Sijbenga, Bram  de Goeij

Regy Bram de Goeij

Dramaturgy Tamara Schoppert

Spul Jan Arendz, Arnold Dijkstra, Nynke Heeg, Eelco Venema, Laila el Bazi, Raymond Muller en Piter Wilkens.

Muzyk Piter Wilkens, Peter Sijbenga

Dekôr en kostúms Johan Klijn, Annemarie Klijn

Ljochtúntwerp Paul van Laak

Stemcoach Wies Kuijers

Kap en Grime Arjen van der Grijn

 

 


DEI DATUM PLAK SEAL TIID RESERVEARE
Ti 24-jan Ljouwert Tryatergebou, try out 19.30 www.tryater.nl / 058-2539550
To 26-jan Frentsjer De Koornbeurs, try out 19.30 www.theaterdekoornbeurs.nl / 0517-396363
Fr 27-jan Frentsjer De Koornbeurs, try out 19.30 www.theaterdekoornbeurs.nl / 0517-396363
sn 28-jan Frentsjer De Koornbeurs, try out 19.30 www.theaterdekoornbeurs.nl / 0517-396363

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.