fotografy: Sirkwy

It Frysk moat in folwoeksen oanbod fan e-boeken ha

TSJOMME DIJKSTRA –

Skriuwer Tiemersma bringt debút De Ljedder as e-boek út
Koos Tiemersma wie in pear jier lyn hast opholden mei it skriuwen fan boeken: nei’t er yn in pear jier tiid fiif romans publisearre, wie de skriuwer út Kollumersweach wol sa’n bytsje klear mei it papieren ferhaal. Ein 2009 wie yn de krante sels al te lêzen dat hy ophold mei it skriuwen. Mar doe kaam hy op it idee om digitaal wat mei literatuer te dwaan. “It ien set it oar oan de gong,” seit Tiemersma.

Tiemersma betocht in wize wêrop’t er himsels fernije koe en gie dochs troch as skriuwer. Mei’t er trochgien is mei er him no de iennige Fryske skriuwer neame dy’t al syn wurk digitaal útbringt. En nei it útbringen fan in oantal e-boeken bringt hy no syn debútroman De Ljedder yn digitale foarm út.

Nêst skriuwer fan boeken is Tiemersma no ek ferkeaper fan boeken. Hy hat noch wol in redakteur yn tsjinst dy’t him by it skriuwen assistearret, mar fierder docht hy alles yn eigen behear. De nije útjefte fan De ljedder bringt Tiemersma út ûnder syn skriuwersnamme Froon Akker. Fan syn debútroman binne earder 4.000 boeken ferkocht. Tiemersma wûn dêr ek de earste Rink van der Veldepriis mei.

Nicheprodukt
Tiemersma skriuwt e-boeken om’t er sels graach skriuwe mei en himsels sa as skriuwer ek fernije kin. Dat oare skriuwers der noch foar kieze om boeken op in oare wize út te bringen moatte se sels witte, fynt hy. Dochs posysjonearret er himsels wol mei opsetsin as digitaal skriuwer: “It is foar de takomst fan de Fryske literatuer, hoe’t dy ek wêze mei, wichtich dat dy ek in folwoeksen oanbod fan e-boeken hat. Je moatte mei de ûntwikkelings meigean.”

De Fryske literatuer is yn ferliking mei de Nederlânske mar lyts, mar hy is ek behâldend, seit Tiemersma. “As in Fryske skriuwer fjouwer- of fiifhûndert boeken ferkeapet is it al knap, it digitale oanpart fan wat in skriuwer ferkeapje sil is echt mar in fraksje. Yn Amearika giet it by fyftich persint fan de boeken dy’t ferkocht wurde no om digitale boeken.”

Foar lêzers soarget in ferskil fan fjouwer euro tusken in papieren en in digitaal boek der noch net foar dat se allegear oergean op digitale boeken. It digitale boek neamt Tiemersma no dan ek in nicheprodukt. Om’t digitale boeken makliker te kopiearjen binne, binne ek útjouwers noch te benaud om e-boeken út te jaan. Dy witte net hoe’t se dy befeiligje moatte. “Mar dat boeken yllegaal kopiearre wurde kinne komst ek net foar. It ynternet stiet fol mei kopiearre boeken.”

Alle boeken as e-boek
De ferkeap fan digitale boeken sil hieltyd wichtiger wurde, tinkt Tiemersma. Foardiel fan e-boeken is ek dat se neat weagje. “Wa nimt der noch 35 kilo oan boeken mei op fakânsje,” seit Tiemersma nei’t him frege is oft er oer fiif jier sels noch in boek meinimt op fakânsje. In e-reader is nijsgjirrich om’t dy echt foar it lêzen te brûken is. “Je kinne ferhalen ek foar in tablet skriuwe, mar dêr kinne je safolle oare dingen mei dat je alles dogge behalve lêze.”

It is Tiemersma syn doel om úteinlik ek syn oare earder ferskynde boeken noch digitaal út te bringen. Dêrfoar wol er dy allegear yn twa talen útjaan kinne. Mei de oersetting fan De Mjitte is er noch dwaande, in oantal oare boeken, lykas Under Wetter wol er letter noch oersette. Ofrûne jier brocht Tiemersma noch it e-boek Einum út.

 

 

 

It boek De ljedder is te besetten fia de side fan Froon Akker. Dêr is ek in Nederlânsktalige ferzje yn te laden. It ferhaal fan it boek spilet ôfwikseljend yn it begjin fan de Twadde Wrâldkriich en de tsjintwurdige tiid. Yn it boek wurdt it ferhaal ferteld fan de 11-jierrige Jacob Nauta, dy’t op lettere leeftyd besiket út te finen wat him yn dy jierren werklik op de pleats fan syn jeugd ôfspile hat.

Comments
Ien reaksje oan “It Frysk moat in folwoeksen oanbod fan e-boeken ha”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.