It each rekket net útsjoen en it ear net útharke

PIET HEMMINGA –

Dat de regionale omroppen ea earder yn in regearakkoart neamd binne, wol ik net leauwe, mar yn 2012 wie dat it gefal. En steatssiktaris Sander Dekker kaam binnen it jier mei in útwurking. Minder jild nei de regionale omrop en mear mei-elkoar dwaan en better wurk leverje. De Provinsje nimt ûnderwilens in dúdlik stânpunt yn: bliuw mei jimme hannen fan Omrop Fryslân ôf. Mar och heden, dyselde Provinsje hat syn ferantwurdlikens foar de Omrop krekt út hannen jûn. En Jan Koster, direkteur fan dyselde Omrop hat syn knopen teld en is al akkoart gien mei in flinke besuniging en in fiergeand oparbeidzjen mei Drinten en Grinslanners. Blykber net folle fan it rûzige noardlike omropferline leard.

En de wurknimmers fan de Omrop? Dy binne lulk en meitsje har soargen. Dy wolle perfoarst en folslein ûnôfhinklik en selsstannich bliuwe. De wapens binne in skoander iepen brief en fansels in side op Facebook. Nei in lytse wike mar leafst 5.000 likes! It is wol dúdlik, suver elk is fan betinken dat de Omrop selsstannich bliuwe moat. De heechste tiid foar in like mei wat kanttekenings.

 

Dekker
Dekker is de namme. Sander Dekker. Sa Haachsk as it mar kin. Berne yn Den Haach, op skoalle yn Den Haach, fjouwer jier wethâlder yn Den Haach en súnt novimber 2012 steatssiktaris foar de VVD op it departemint fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip. En krektlyk as Edith Schippers en Melanie Schultz van Haegen út it Leidske bestjoerskunde-klaske fan Uri Rosenthal. Feiligens- en krisismanaazjemint. As steatssiktaris hat Dekker him te hâlden oan it regearakkoart sa’t syn partij dat mei de freonen fan de PvdA yn oktober 2012 sluten hat. De twa regearingspartijen hawwe ôfpraat, en ûnderwilens is dat yngien, dat de regionale omrop net langer troch de provinsjes, mar troch it Ryk betelle wurdt. En fierders dat der jild besparre wurde kin troch in oparbeidzjen en yntegraasje fan taken mei de lanlike publike omrop.

Dat net de provinsjes, mar Den Haach de regionalen tsjintwurdich betellet brocht my fuortendaliks Harry van Doorn, minister fan Kultuer, Rékréaasje en Maatskiplik Wurk yn de jierren 1973-1977 yn ’t sin. Hy wie de man dy’t net allinne mei de Fryske studinten yn petear gie, mar ek de opmerklike nota ‘Massamediabeleid’ útbrocht. Omroplân wie suver te lyts. Hy makke, no fjirtich jier ferlyn, dúdlik dat dyjinge dy’t betellet it foar it sizzen hat.

 

Wannear is trouwens de provinsjale lobby om de Omrop selsstannich te hâlden begûn? Wannear is der yn de mande mei dyselde Omrop it mienskiplik paad útstippele om it eigen wollen foar-elkoar te krijen?

 

Ik freegje my ôf oft de Fryske provinsjebestjoerders har dat wol realiseard hawwe, doe’t se yn har aktuele koalysjeakkoart, dat begjint met in net te begripen: ‘Fryslân en de Friezen binne ûnderskaat’, fêststelden: ‘in selsstannige posysje fan de Omrop kinne wy net sûnder’. Fuort dêrnei konkludearje de provinsjale politisi dat Omrop Fryslân as selsstannige omrop behâlden bliuwt. En tagelyk wurdt opmurken dat de gearwurking fan de Fryske mediabedriuwen as in positive ûntwikkeling sjoen wurdt… Wannear is trouwens de provinsjale lobby om de Omrop selsstannich te hâlden begûn? Wannear is der yn de mande mei dyselde Omrop it mienskiplik paad útstippele om it eigen wollen foar-elkoar te krijen? De linen tusken de deputearre en har freonen op de Ljouwerter Suderkrúswei wienen dochs moai koart? Of hat der hielendal gjin mei-elkoar west, om’t de Provinsje no ek witte lit ‘net samar de bemuoial’ wêze te wollen? Dat lêste is yn alle gefallen foarútgong, sa liket my ta.

 

Effisjinsy
Sawat in jier nei syn útein setten as steatssiktaris hat Dekker syn takomstfisy op de publike omrop buorkundich makke. As it om de regionale omrop giet, hat Dekker de keutel by it skjinne ein as er skriuwt dat dy har publyk lytser wurdt en datselde publyk ek nochris sterk ferâldere is. Wol soe it ferlet en belang fan nijs en ynformaasje oer de direkte omkriten net minder wurden wêze. It is net dúdlik waans ferlet de Haachske jongkeardel op it each hat, mar syn wurden wurde net earlik stipe troch de hark- en sjochsifers fan de Omrop of de abonneetallen fan de beide provinsjale kranten yn Fryslân.

De regionale sjoernalistyk (net allinne de Omrop!) moat syn funksje as waakhûn rjochting gemeente- en provinsjehûzen hâlde, sa merkt Dekker fierder mei rjocht en reden op. De regionale omrop (en net de regionale sjoernalistyk) moat fierders, sa’t men dat fan in VVD-er ferwachtsje mei, effisjinter organiseard wurde, sadat it mienskipsjild foaral yn regionale programma’s fan de heechste kwaliteit stutsen wurdt. Alles wat mei-elkoar dien wurde kin, moat mei-elkoar dien wurde. En dus moatte de regionale stjoerders mei-elkoar sântjin miljoen ynleverje. Salarisadministraasjes of technyske ynvestearrings kinne ek moai mei-elkoar dien wurde.

En fierders moat de profesjonaliteit fan de programmamakkers omheech en komt der plak op de lanlike stjoerders om it berik grutter te meitsjen. It lêste is frijwat oerstallich, want, sa’t de steatssiktaris sels ek al opmerkt, elk hat tsjintwurdich mei tablet en smartphone oerol en altiten tagong ta de media. En mannich kabeleksploitant biedt boppedat rûnom yn Nederlân alle regionale stjoerders oan. Dat makket trouwens moai in ferlykjen tusken de programma’s fan de regionalen mooglik! Sa mei’k graach yn dit ferbân good old Minne Dijkstra op AT5 sjen. Of guon programma’s fan RTV Noord dy’t dúdlik meitsje wêrom de Grinslanner hark- en sjochsifers dy fan de Omrop ynhelle hawwe.

 

Roas
De trettjin regionalen arbeidzje al sa’n fjirtich jier mei-elkoar op yn ROOS, de stichting Regionale Omroep Overleg en Samenwerking. Dy organisaasje is it net allinne mei grutte broer NPO net iens wurden, mar tagelyk kwa opset net mear fan dizze tiid. Dus wol de steatssiktaris dêr wat oan dwaan en yn alle gefallen fan de no noch nedige unanime beslútfoarming ôf. Dekker makket in dúdlik punt, al is it mar om’t Omrop-direkteur en ROOS-fise-foarsitter Jan Koster sjen lit wat it betsjut as men de beide fuotten yn ien hoas hat. Syn ynstimmen mei de ROOS-opset om fiif ‘klusters’ fan regionale omroppen te meitsjen, ûnder ien lanlike konsesjehâlder c.q ROOS, bestjoerd troch fiif regiodirekteuren en in foarsitter, stiet sawol heaks op it provinsjale wollen om de Omrop selsstannich te hâlden, as it stribjen fan de steatssiktaris om ta in slachfeardiger organisaasje te kommen. Dat ROOS de frege sântjin miljoen der by levert is grif moai, mar net genôch.

 

Wêrom moat de Omrop winliken as selsstannige omrop bliuwe? Dat hat fansels te krijen mei it provinsjaal belied foar it Frysk. Mar tagelyk soe it brûken fan dyselde skoandere taal wolris in reden wêze kinne dat harkers en sjoggers in oare en fleuriger stjoerder foar kar nimme.

 

Earder liet Koster by it útkommen fan Dekker syn brief oan de Twadde Keamer nammers al witte dat er ‘grotendeels tevreden’ wie mei dy syn plannen! Koster syn tinken is dus al wat âlder. Bêst mooglik dat de Provinsje, lykas faker, in yllúzje neijaget, mar dat nimt net wei dat de algemien direkteur fan de Omrop en tagelyk kommissaris fan SC Cambuur, de oansluting mei sawol omjouwing as eigen minsken in bytsje ferlern hat. Der binne bestjoerders om minder oan kant set. Tagelyk is it net te begripen dat Koster it ferline fan syn organisaasje net wat better neigien en ynbrocht hat. De ûnderfinings mei RON en letter RONO (1946-1978) wize net earlik yn de rjochting sa’t ROOS dy no útstelt. Mar net allinne Jan Koster hat gjin boadskip oan de eigen skiednis, ek syn eigen meiwurkers geane dêr leafst sa flot mooglik oan foarby.

 

Michje
De deistige programma’s fan Omrop Fryslân blinke ornaris net út troch folle histoarysk besef. It is foaral de waan fan de dei dy’t regeart. It kollektyf ûnthâld is min ûntwikkele; net om ‘e nocht is de Omrop neffens eigen wollen alle dagen nij. It brief dat de meiwurkers ein maaie -winliken wol wat let nei regearakkoart, Dekker syn fizy en Koster syn tefredenens- de wrâld ynstjoerden, lit dat ek sjen. Oars as dat de omroppers skriuwe -in deade mich dy’t de salve bedjert- stie de ferselsstanniging fan de Omrop yn 1988 hielendal los fan it brûke kinnen fan ‘ús eigen Fryske taal’ of dy ‘op de bêst mooglike manier foar it fuotljocht’ te bringen.

Krekt oarsom, dy ferselsstanniging kaam der om’t de NOS, dêr’t de regionale omroppen doe noch by hearden, flink besunigje moast en sadwaande lang om let fan de regionalen ôf woe. De meiwurkers fan dyselde regionalen hienen trouwens, irony fan de skiednis, net folle mei dy ferselsstanniging op. De riante rjochtsposysjes sieten de feroarings yn it paad. Bartus Hof, de earste foarsitter fan de selsstannige Omrop, krige yndertiid as alderearste fraach fan de meiwurkers hoe’t it stie mei de ôffloeiïngsregeling, mocht it misgean. En foar dyselde meiwurkers gie it ek echt net om it Frysk te stypjen en te befoarderjen.

Sa stjoerden se yn 1976 in memo oan de NOS-bazen om ien en oar nochris dúdlik te meitsjen: ‘De programma’s worden vanuit de tweetalige situatie in Friesland tot stand gebracht en de programmamakers zullen gewoonlijk het Fries als voertaal in de programma’s gebruiken, zolang dit op grond van de praktische taalverhoudingen in de Friese samenleving hanteerbaaar en verdedigbaar is.’

 

L-wurd
‘Fryslân kin net sûnder selsstannige omrop’, sa is it sizzen. No hat Fryslân it langer sûnder as mei in selsstannige omrop oprêden, dat ik tink dat sok sizzen net earlik opgiet. En de aktuele hark- en sjochsifers, foar safier’t dy in betrouber en adekwaat byld jouwe, ûnderbouwe sok sizzen likemin. Fierwei it grutste part fan de ynwenners fan Fryslân rêdt him skoan sûnder de Omrop en soks hat feitlik nea oars west. Dat dy hark- en sjochsifers net better binne, kin mear as ien reden hawwe. Wat grif spilet is de kwaliteit fan de programma’s. Dy kwaliteit soe justjes better kinne en moatte.

 

It publike debat soe ek net oer folsleine ûnôfhinklikens gean moatte, mar oer de ynhâld fan de programma’s. Dy sille de kommende jierren grif hiel sterk feroarje. De ûntjouwings yn it media-lânskip steane noch lang net stil.

 

It nivo fan de skoalkrante wurdt mear as ien kear helle, mar dat is noch krekt te leech as men de goed tolve miljoen euro’s neitelt dy’t de Omrop jierliks oan publike middels kriget. Hea is in útmolken en in suver tragysk format wurden. Hjoed lit nea foarbylden fan Dekker syn waakhûnfunksje sjen, om mar te swijen fan Mei Douwe of Geert yn de middei. En running gag Piet Paulusma draacht ek al net oan de fleur en kwaliteit fan de Omrop by. ‘Leuk’ liket foar radio en televyzje de heechste noarm te wêzen as men heart hoe faak dat wurd deis de mikrofoan foarby komt. Men harket of sjocht noch gjin fiif menuten nei de Ljouwerter stjoerder of dêr falt it L-wurd al. En dat it net allegear like goed is mei noch hinnebruie, mar ek de ambysje om it better te krijen liket hielendal te missen en dat is krekt wat slimmer.

Preker syn sizzen dat it each net útsjoen rekket en it ear net útharke, jildt spitigernôch net earlik foar de programma’s fan de Omrop. Hjir wreekt him ek dat de Omrop nea ferlet hân hat fan in kwaliteitsbeoardieling, benchmark of assessment. En dat betsjut ek dat de provinsjale oerheid net wit wat de kwaliteit fan de Omrop is en sadwaande in wichtich argumint om de Omrop selsstannich te hâlden mist. Wêrom moat de Omrop winliken as selsstannige omrop bliuwe? Dat hat fansels te krijen mei it provinsjaal belied foar it Frysk. Mar tagelyk soe it brûken fan dyselde skoandere taal wolris in reden wêze kinne dat harkers en sjoggers in oare en fleuriger stjoerder foar kar nimme. Dat jildt grif ek foar dy lju dy’t har bûnt en blau ergerje oan it strieminne Frysk fan en foar de Omrop. Ek op dat punt mist, oars as alle moaie wurden fan it iepen brief fan de meiwurkers mooglik tinken dogge, de ambysje om it better te dwaan.

 

Ynhâld
Hiel oars as Koster binne de oare meiwurkers fan de Omrop wakker benaud foar it ferliezen fan de eigen ûnôfhinklikens en autonomy. Dat de Omrop ‘folslein ûnôfhinklik’ bliuwe moat, docht trouwens tinken oan de anargy fan in frijfochten binde. Wol graach op ‘e tiid it salaris barre en fierders, yn de bêste nije provinsjale tradysje, gjin bemuoials op it eigen stee. Ik wol op ‘e nij noch even de tiid fan de Fryske útstjoerders ûnder de ferwinske NOS yn ’t sin bringe. Hiel ferrassend, mar de minsken fan dy Fryske útstjoering wienen ek doe werklik hielendal frij yn wat te meitsjen. En yn de RONO-tiid wie dat by myn witten net oars.

De strideraasjes gienen net oer de programma’s, mar oer it ferdielen fan it krappe jild, de burokratyske bemuoisucht fan de ‘Zentrale’, en net te ferjitten incompatilibé des humeurs. De tsjintwurdige meiwurkers lykje har ferlet fan organisatoaryske ûnôfhinklikens lyk te stellen oan sjoernalistike frijens. Wêrom wurde sokke fêste meiwurkers winliken gjin freelancer? Folslein selsstannich, ûnôfhinklik en autonoom. It opgean fan de Omrop, mei oare regionalen, yn in nije organisaasje betsjut al it ferlies fan de eigen wurdfierder, de eigen pleiter en it eigen boechbyld. It hâldt ek yn dat de eardere kollega-omrop de direkte konkurrint wurdt as it om it ferdielen fan it jild giet.

Mar tagelyk kin de kwaliteit stipe wurde troch in tanommen kollegialiteit en kompetysje op de gruttere wurkflier. Hawar, Jan Koster is even te hastich en te fier foar de troepen útrûn, mar syn kar is, ôfsjoen fan de noardlike skiednis, skoan te begripen. Tagelyk moat er fansels fuortendaliks út dat ROOS-bestjoer en fan al syn libbensdagen as direkteur fan Omrop Fryslân der ek nea wer yn. En fierders soe it publike debat ek net oer folsleine ûnôfhinklikens gean moatte, mar oer de ynhâld fan de programma’s. Dy sille de kommende jierren grif hiel sterk feroarje. De ûntjouwings yn it media-lânskip steane noch lang net stil.

Wat sille de Friezen foar har djoere jild en alle likes krije? Hagener Dekker boddet wol troch en de Omrop-meiwurkers binne mar foar ien ding ynhierd: soargje dat Fryske eagen net útsjoen reitsje en Fryske earen net útharke.

Comments
8 reaksjes oan “It each rekket net útsjoen en it ear net útharke”
  1. eelke lok schreef:

    Net min en goed op ien bulte smite, der bin echt wol guon mei histoarysk besef. Fierder hast fansels gelyk, al moat sein wurde dat Jan in frekt bytsje romte krige,ek net fan de provinsje

  2. Eddy Drost schreef:

    Piet Hemminga heeft groot gelijk. Omrop Fryslân is dan ook van geen enkele toegevoegde waarde meer als het gaat om de Fryske taal. Juist de Fryske taal is het enige bestaansrecht van de Omrop. In het Europese handvest voor minderheidstalen is nu eenmaal vastgelegd dat Frysktalige radio en tv uitzendingen mogelijk moeten worden gemaakt. De Omrop heeft al decennia lang de kans gekregen om er iets van te maken en het resultaat is steeds sterker dalende kijk- en luistercijfers. Nog op maar 1 op de 8 huishoudingen in Fryslân heeft belangstelling voor de Omrop. In het provinciehuis kunnen zij zich wel sterk maken voor de Omrop maar de realiteit wordt niet onder ogen gezien. Omrop Fryslân heeft geen bestaansrecht meer. Ophouden met die onzin.

  3. Thys Dykstra schreef:

    De spiker op ‘e kop. It leuke programma Hea, bedjêrt jin, mei dy tune allinne al, no al jierrenlang alle sjochplesier. Wat der út de radio komt docht meastentiids sear oan ‘e holle. En neffens my de grutste flater, eartiids al, hat west dat alle kwaliteit dy’t der fansels folop rûnrint gearballe is yn in apart set format dat no Fryslân DOK hjit.

  4. Rimmer Mulder schreef:

    Goed stik fan Piet. It moat yndied net allinnich oer de Omrop gean, mar oer de takomst fan sjoernalistyk yn Fryslân

  5. J. Kooistra schreef:

    In knap stik fan Hemminga. Alteast… as de lêzer it lit by de earste parten fan de tekst. Want healwei syn moai opskreaun betooch, omklaaid mei in knap stikje efterhelle histoarje, ferliest Hemminga him ynienen yn aparte skellerij. Hy is dúdlik gjin fan fan Hea. Dat mei. Ik fyn it ál in aardich program. Hemminga sjocht tink ik ek nea nei “Man bijt hond”. In hiel protte oare minsken ál. Mar Hemminga syn betooch folgjend kinne wy de hiele NPO ek wol opheffe omdat ek dat dan wol útmolken en suver tragysk wêze sil. Omrop Fryslân docht mei Hea – sa fyn ik- just syn bêst om ek in fleurich program del te setten. Mar Hemminga wol fansels kwaliteitssjoernalistyk. Nee, goh, dat sil in protte Friezen oan de omrop bine. (Hemminga sjocht ek nei RTV Noord, it kneuterige kwiske Klouk hâldt him alle jûnen op de bank seker!)
    En dan moat fansels de al hieltyd boppe de merk sweefjende opmerking oer it minne Frysk der noch efkes by. Is dat Frysk no echt sa min? Ja, seker, as it by it lyntsje fan de Akademy en de Afûk lâns lein wurde moat al. De wurdboekkollega’s by syn âld wurkjouwer sille him yn it skoft wol oertsjûge hawwe. Mar ik tink just dat de Omrop krekt mei it Frysk in foarbyldfunksje hat troch der linich mei om te gean. Dus aardich geef, mar ek wer ticht by wat der deistich op strjitte troch de Friezen sprutsen wurdt.
    Dan noch oer it oantal harkers en sjoggers. Dy sifers sille fêst doge. Mar ik hear om my hinne noch altyd in protte wurdearring foar de omrop. Mei my harkje der alle dagen in protte minsken en stimme der noch altyd kloften ôf op de Fryske televyzje. Mear as in pear Hearrenfeanstadion fol, as myn berekkenings doge. Stiet Hemminga op de middenstip om tsjin al dy lju te sizzen dat it allegear waardeleas is en dat der dochs neat fan doocht?

  6. Eddy Drost schreef:

    Net ien hâldt de Omrop tsjin om it skriuwen fan Hemminga op ‘e radio of tv foar te lêzen.

  7. Eddy Drost schreef:

    Mar oars noch wat Kooistra. Wat hâldt de Omrop tsjin om yn ’t Abe Lenstra stadion in manifestaasje te hâlden om de selstannigens krêft bij te setten. 26000 minsken yn it stadion. Wat muzyk yn it foarprogram. Piter en Gurbe wolle fêst wol wat lietsjes sjonge. Dan as klap op ‘e fjoerpylk Piet Hemminga op ‘e middenstip dy’t ûnder in ferskourend geraas en gefluit syn ferhaal oustekt. We meie dochs oannimme dat hij komt. In man dy’t skriuwt is fansels ek in man fan syn wurd. Om it wat oan te klaaien tsien plysjes om Piet hinne en nei ourin fan syn stikje wurdt hij ûnder begelieding fan fjirtich plysjes nei de katakomben brocht. In filmke op Youtube en de aksje fan de Omrop foar selstannigens giet de hiele wrâld oer. Fiif euro yntree en de kosten binne der maklik út. Foar jo en alle freonen fan ‘e Omrop is dat fansels gjin beswier.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.