It dichtsjen as bûtensport

Publisearre op 18 augustus 2016

REMCO DE VRIES – 

De bebouwing mei jachthavens omklammet it wetter yn Heech. It fielt suver as in befrijing at wy de hoeke om komme en it sicht op de Hegemer Mar de romte jout dêr’t úteinlik ek Saskia Stehouwer foar keazen hat. Sy wol nei de Sânmar ta, tusken de Gaastmar en Warkum yn. Stehouwer wennet yn Amsterdam. Sy bliuwt nei ús tochtsje noch twa dagen yn Warkum om te dichtsjen en om noch wat mear mei te krijen fan in omjouwing dy’t har net frjemd is.

Foar de wyn farre wy mei in lûde twatakt bûtenboardmotor mei Stehouwer as skipper yn it hierde fiskboatsje rjochting Lange Hoek. It is in moaie maitiidsdei en der stiet in fytser by it oerset oan de Yntemasleat. Stehouwer nimt in foto mei har tillefoan. Dat docht sy wol faker, en de ûnderwerpen fertsjinje it ek wol. En sa hiel no en dan skriuwt sy wat op. Boppe ús sitte twa ljippen in mûzebiter op ’e hûd dy’t op syk is nei in miel. Wy binne tolve oere ôfsetten en ha iten mei. Oan in steiger tusken de Sânmar en de Grutte Gaastmar hâlde wy skoft foar it lêste stikje nei de Marboei. It lân oan beide kanten fan it kanaaltsje is bedobbe ûnder in grutte laach bagger. Buorden mei “Pas op Drijfzand” warskôgje minsken mei in soad aventoer yn ’e skonken en in lyts bytsje ferstân yn ’e holle. Dêr hearre wy net by. ‘Hé, ze spreken geen Fries’, seit Saskia fernuvere at sy twa manlju oan ’e oare kant praten heart oer it wurk dat hjir dúdlik noch gebeure moat. Sy ferstiet Frysk. Tsead Bruinja út Rinsumageast is har man.

Sy hat dus wol wat mei Fryslân en ek mei it wetter. Stehouwer: ‘Ik ben opgegroeid aan de Noord-Hollandse kust en ik ga nog steeds minstens één keer per week naar de zee. En ik word gewoon heel rustig van het feit dat dat water zijn gang gaat zonder dat het zich iets van ons mensen aantrekt. En die weidsheid, dat je heel ver kan kijken en niks in de weg van je ogen staat. Daar word ik altijd heel kalm van.’ Foar it skriuwen is dy romte ek wichtich. ‘Ik vang van alles op, zo door de dag heen, en dat stapelt zich ergens achter mijn hoofd op. Maar meestal kan ik pas schrijven als ik een beetje ruimte heb. Zowel letterlijk als figuurlijk. Dan ga ik inderdaad wandelen of naar buiten en dan borrelt langzaam een soort cocktail op van al die indrukken, een beetje gemengd met natuurbeelden of ideeën die je vanzelf krijgt. Van sommige dingen weet ik ook niet waar ze vandaan komen, maar de natuur helpt me altijd wel om te beginnen met schrijven.’ Dat skriuwen gebeurt hast noait thús en it meast at sy ûnderweis is. Foar Stehouwer is dichtsjen in bûtensport. ‘Gelukkig zijn het gedichten en is het geen roman’, gniist sy. Frege nei in dichter dy’t it bûten goed ferwurdzje kin, komt sy mei Tsjêbbe Hettinga. ‘Als hij voorlas of voordroeg dan voelde je jezelf bijna naar buiten gaan. De geluiden en zelfs de beelden, al zag hij zelf bijna niets, kwamen zo helder en duidelijk binnen. Dat vind ik wel een goed voorbeeld, en hij gebruikte ook dit landschap.’

Yn dat lânskip falle har ek saken op. ‘Ik zag net een meeuw die heel hoog hing. Echt hing en zijn vleugels niet bewoog, en als een soort zeilboot laveerde met de wind. Dat vond ik heel mooi om te zien. En al dat riet dat met de wind meegaat en niet kapot gaat, maar altijd zo heen en weer blijft bewegen. Verder het gevoel dat je zelf beweegt in die boot. Ook letterlijk, fysiek. Dat je steeds die motor voelt brommen. Ik heb ook een stukje gestuurd, en dat je dan steeds voelt hoe je het water opgetrokken wordt en hoe je dat zelf bij kan sturen, maar tot op zekere hoogte. Je blijft altijd ook een beetje de speelbal van wat er om je heen gebeurt. Dat vond ik heel mooi. Om dicht bij al die elementen te zijn.’

 

Earder ferskynd yn ‘de Moanne’ 15 (2016), 3 (juny), side 42.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels