It boek fan de Tao

Publisearre op 19 november 2015

Fan hjoed ôf oan sil de Moanne alle wiken in koarte boekresinsje online pleatse fan in boeken dy’t in bysûndere yndruk makke hawwe op de besprekkers. Boeken dy’t wizer meitsje, dy’t dy op oare gedachten bringe of boeken dy’tst fan in bysûnder persoan kado krigen hast. De kommende 50 wiken pleatse wy alle kearen in nij besprek. Wy begjinne mei in prachtige bydrage fan Eric Hoekstra. Alle bydragen binne werom te finen yn it dossier ‘De Lêzende Mins‘.

 

ERIC HOEKSTRA – 

 

Altyd ast dy fan behoeften befrijst,

jousto oan it Mystearje dyn fleis.

Jousto ta oan begearige sinnen,

dan frijst mei de 10.000 dingen.

 

Dy beide binne ien en mien,

mar troch de taal is de skieding ûntstien.

 

Begearte! In auto want te loai om te fytsen! In bûk as in hjerstkeal om de tonge te haagjen! Piltsjes om de seks oan te trunen. In buorrel en in sigaar foar de berûzing. Tsjinnatuerlik alfabet fan abc ta xtc. Om oer sjokola mar te swijen.

Likegoed is de Tao relaxt, want ‘dy beide binne ien en mien’, ûntsizzing en tajaan. Troch de taal is alle ûnderskied ûntstien.

De ôfrûne trije jier ha ik dermei dwaande west en meitsje in poëtyske ferfrysking fan it boek Tao Te Ching fan Lao Tse (Lao Zi yn de nijste stavering): It Boek fan de Wei en de Deugd. Dy krusing tusken anargist en mystikus libbe earne yn ‘e fjirde iuw foar Kristus. Hy wie foar it neist in tiidgenoat fan Plato. Syn wurk leit mei oan ‘e basis fan de tinktradysje fan Sina en Japan.

It taoïsme is de útdrukking fan suvere mystyk. Der is yn it taoïsme net in persoanlike God, al wurdt soms oer de Tao sprutsen as in persoan. De Tao is it godlike Riedsel. Is it gjin Wûnder dat alles dat der is, der is? Wiisheid is om mei de Tao yn harmony te wêzen, dat itselde is as mei jinsels yn harmony te wêzen. Dy mystyk is net kompromittearre troch prysters: it is wat it is. Dêrom is it taoïsme yn teory de meast anargistyske fan alle libbensbeskôgingen. Krekt as by oare libbensbeskôgingen draait it om ‘e fraach: hoe moat men libje? It taoïsme jout dêr syn ienfâldige antwurden op. Wol net tefolle, wol sa min mooglik, hâld it simpel, meitsje gjin spul, tink om jo sûnens, wês hoeden mei drugs, mei wurk, mei ôfhinklikheden, mei al te fêste struktueren. Bemuoi dy mei dyn eigen saken. Down to earth. Dat is de essinsje fan it taoïsme, sa’t ik yn myn neiwurd fêststel.

Myn neiwurd? Ja, by de publisearre ferfrysking (Elikser, septimber 2015). By de ferfrysking ha ik meardere oersettingen rieplachte, lykas de Hollânske oersetting fan Prof. Kristofer Schipper, de sinolooch. Sadwaande dat ik net mei myn eigen boek op de foto stean, dat der no noch net is, mar mei it boek fan Prof. Schipper. It wichtichste ferskil is dat ik besocht ha fan de oersetting poëzy, sjokola, te meitsjen. Op dy wize ha ik my in pear jier mei de taoïstyske tinkwrâld dwaande holden, in foarm fan eskapisme dy’t my út ‘e boeiens fan myn tiid en myn tiidgenoaten befrijde, en my yn ‘e kunde brocht mei in wize fan tinken dy’t tichter by mysels leit.

 

Wiere wurden ferliede net,
leidige wurden binne net wier.

Wa’t wiis is, is gjin boekewjirm,
in boekewjirm is net wiis.

Wa’t goed is, praat in bytsje.
Wa’t in soad praat, is net goed.

 

Dizze boekewjirm hat al wer te folle sein.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels