fotografy: Linus Harms

It aai as it byld en teken fan de ûnútspreklike tiid

EELTSJE HETTINGA – 

As der ien ding is dat net yn it tinken fan byldzjend keunstner Koos van der Sloot (57) past, dan is dat it sizzen: in aai is in aai is in aai. Yn syn assemblaazjes, romtlike konstruksjes, opboud út alderhande soarten fan leechsûge aaien – fan hinne- en kwartelaaien oant en mei Amerikaanske ‘loopeendeieren’ – binne de dingen altyd mear as wat se binne, foaral as dy gearfoege wurde mei bygelyks in lytse, roastige seine of de koperen slinger fan in âld skippersklokje. It binne út soarte universele symboalen, mar Van der Sloot jout dêr in eigen draai oan. It aai stiet net inkeld foar it libben, mar ek foar de dea, de hope, de leafde, it fertriet en sels foar de keunst sels, yn it gefal fan Van der Sloot is dat in keunst dy’t fierhinne yn it teken fan de Tiid stiet.

Tiid, in paradoks en in sfinks yn himsels, hat mear as ien gesicht. Nim bygelyks Van der Sloot syn wûnderlik assemblaazjestik ‘De Zeis’. Op in ûndergrûn fan read fluwiel binne fjouwer aaien fêstlime. Dwers troch de leechblaasde, symmetrysk njonken inoar opplakte aaien rinne fjouwer tinne keatlingen, dêr’t de kamrêden en it gewicht fan de klok oan hingje. Ferskillende tiden binne hjir foar inoar oer set, oan ‘e iene kant de meganyske, lineêr ferrinnende tiid, wêryn’t de minske it bestean einich en fergonklik wit – it stik hjit net om ‘e nocht ‘De Zeis’ – en oan ‘e oare kant it aai as it teken en it symboal fan oarsprong en nij libben.


De tiden
De tiid fan de klok en aginda’s is, koartsein, net deselde as dy fan de pols, sa’t de tiid fan de monotoane herhelling ek in oare tiid beslacht as dy fan de kreativiteit. Koos van der Sloot rept yn dizzen fan ‘de inerlike tiid’, in begryp dat ek nei foaren komt yn it boek Stil de tijd fan Joke J. Hermsen, de Nederlânske skriuwster en filosoof, mei wa’t er kontakt hat oer in mooglike útstalling fan syn wurk yn Amsterdam. Hermsen – se soe in learling neamd wurde kinne fan ‘de filosoof fan de Tijd’, de Frânsman Henri Bergson (1859-1941) – set de ynderlike tiid, ek wol neamd ‘la duree’ (it duorjende en it bliuwende) ûnder mear yn relaasje ta keunst en frijheid. Yn Stil de tijd skriuwt se in passaazje, dy’t yllustratyf hjitte kin foar de manier wêrop’t de keunstner Van der Sloot tsjin de ferskynsels tiid en kreativiteit oansjocht. […] ‘Door de korst van mechanische handelingen breekt soms de ervaring van de tijd als duur. Dat is wat ons bijvoorbeeld in (dag)dromen overkomt of in de reflectie, de kunst, of in andere ervaringen met een verhoogde concentratie, zoals sporten, erotiek of meditatie, waarbij we het gevoel voor het verstrijken van de lineaire tijd als het ware verliezen. In het belangeloos aanschouwen of het artistieke scheppen krijgt de tijd als duur volgens Bergson meer kans, omdat de schrijver of kunstenaar tijdens het scheppingsproces afstand moet nemen van zijn functioneel handelend ik en in de diepere lagen van zijn zelf moet afdalen, dat net als de duur, dynamisch, dat wil zeggen permanent in wording is.’ (…) Onze intuïtie voor de duur kan ontwikkeld worden als we onze aandacht ook richten op de muziek, de kunst en de literatuur.’ (s. 62). Dat binne passaazjes, dêr’t tal fan hjoeddeiske, faak barbaarsk op kultuer besunigjende politisy noch wat fan opstekke kinne, al is der datoangeande fan in steatssiktaris as Halbe Zijlstra of in pleatslike kultuerwethâlder lykas Isabelle Diks – Koos van der Sloot hat it yn dizzen oer ‘Isabelle Niks’ – net folle goeds te ferwachtsjen, omdat se, sa’t skynt, mar ien tiid hilligje, nammentlik dy fan de iendiminsjonale ekonomyske trêdmole

 

Sammelsucht
Aaien hawwe foar Koos van der Sloot alles te meitsjen mei syn jeugd op ‘e Jouwer, doe’t er as jonkje faak allinnich yn ‘e bosk of yn de greiden omstrûpte, op ‘e streup nei fûgels en aaien, in leafhawwerij dy’t him oansette ta it oanlizzen fan in samling. De bringst waard yn âlde skuondoazen ûnderbrocht en dat gyng fan kolibry-aaien, skriesaaien oant en mei eksteraaien. ‘Ik fûn dat fassinearjend, al dy ferskillende kleuren, de aaien fan de klyster bygelyks, dy skalen, prachtich, suver abstrakte doekjes, sa achterôf sjoen.’ Doe’t by er in kessengefjocht mei syn suster troch it ledikant plofte, dêr’t – krák, krák – syn ‘lyts museum’ mei aaien ûnder stie, wie it út ynearsten út mei syn samlingsdrift. Dy krige in ferfolch, jierren letter, doe’t er, op reis yn Grikelân, op de merke fan Athene in hurdstiennen aai seach. ‘Ik wie ferkocht, en op ‘e nij daalde it yn my del, de passy foar it sammeljen fan aaien, mar diskear as keunstfoarwerpen,’ fertelt Van der Sloot oan de wenkeamerstafel, mei dêrop in izeren, strak stilearre hynder fan byldzjend keunstner Willem Lenssinck. It ranke, smelle en moai heechset objekt rikt omtrint oan in út hinne-aaien opboude kloft wite wolkens dy’t mei in tin, amper sichtber toutsje oan de soudering ophongen is. Neist de eigen keunst hinget oan de muorren yn dyselde wenromte ek in soad oare keunst, teken- en skilderwurk en grafyk fan minsken as Boele Bregman, Jan (Frearks) van der Bij, Anne Feddema, Pieter Pander en Siety Bosma.

Tusken de bedriuwen troch hâldt Van der Sloot, dy’t net allinne stedeboukundige is, mar ek nearlandikus – hy die de alde m.o.-oplieding yn Ljouwert – him gauris dwaande mei poëzy, yn it bysûnder mei it skriuwen fan lietteksten. In âlde leafde, nei’t bliken docht. Oait hie er mei de studint medisinen Theo Douma, tsjintwurdich ien fan de twa ‘zingende dokters’, it selskip Theodrama. ‘Ik skreau de lieten. En dat gyng goed. Op in stuit stienen wy yn Grins yn it foarprogramma fan Herman Brood. Ik skiet omtrint yn ‘e broek, man, ik wie sa senuweftich dat ik neat útbringe koe. Ik wie dúdlik net foar it toaniel, de bühne, makke.’ Nei dat ‘debacle’ – stagefright – beheinde er him ta it skriuwen fan poëzy- en lietteksten. Dat gyng him net min ôf. In pear jier ferlyn noch wûn er in troch it Noord Nederlands Orkest (NNO) útskreaune priisfraach foar lietteksten. ‘It aardige wie, dat myn freondinne, Lies Akkerman – se docht opera – de tekst sjonge koe, tegearre mei it NNO dus.’

De oardering binnen Van der Sloot syn poëtyske assemblaazjes – guon reppe net om ‘e nocht fan ‘beeldgedichten’ – ferriede ta in hichte de keunstner syn stedeboukundige eftergrûn. Yn de jierren njoggentich, doe’t er op de ôfdieling Ruimtelijke Orderning by de gemeente Skarsterlân wurke, makke er ûnder mear it ûntwerp foar de bou fan twahûndert wenten, ornearre foar de saneamde wyk Wyldehoarne. ‘Dat wie in min ofte mear postmodern projekt. Oan ‘e iene kant moast it retro wêze en oan ‘e oare kant eigentiidsk. Op in stuit haw ik doe de dakken mei aaien beklaaid, wylst der oan de gevels klokken te hingjen kamen.’ It projekt is lykwols mar foar in part útfierd, omdat Van der Sloot, pleage troch sykte, úteinlik it projekt opjaan moast. In skoftlang koe er neat, noch lêze noch skriuwe. Hy sammele keunst en boeken, benammen keunstboeken, en die him it each sêd oan keunstútstallingen. ‘It byld fan de aaien yn kombinaasje mei de tiid bleau my allegeduerigen achteroan sitten. Mar der wie twivel. Doe’t ik op in kear it wurk fan de dichter en byldzjend keunstner Marcel Broodthaers seach dy’t mei stikkene aaien de legens fan de keunst sjen litte woe, doe tocht ik: dat hoech ik net mear te dwaan, hy is my foar, ek mei it brûken fan it aai as materiaal. Op in stuit haw ik my dêr oerhinne set, omdat myn wurk nei ynhâld en foarm oars wie as dat fan Broodthaers.’

 

Symboalblinens
De aaien yn it projekt ‘De Zeis’, mar ek yn tal fan oare opstellings fan Van der Sloot binne net inkeld symboalen fan fruchtberheid en nij libben. ‘Foar my steane se ek foar hope en fertriet, keunst en yntuysje, al sjoch ik se ek as metafoaren fan de dea. It libben ymplisearret no ienkear ek de dea.’ Gjin niget dat yn it faak dialektysk bepaald wurk fan Van der Sloot, spannend as dat is troch syn kontrasten, gauris de dea opdûkt, lykas yn it assemblaazjestik mei de boartlike titel ‘Commedia della Morte’, dêr’t twa swarte aaien mei twa, letterlik duvelsk boas eagjende gesichten, makke út in pear kartonnen aaidoaskes, de haadrol yn hawwe. ‘It is in persoanlike symbolyk, of lit ik it sa sizze: in foarm fan ferbyldzjen fan in idee troch symboalen,’ seit Van der Sloot. ‘It giet my it ferbyldzjen en net it byldzjen, lykas dat faak it gefal is yn de moderne, suver abstrakt-geometryske keunst. De strakke soberheid fan modernisten lykas Mondriaan is yn essinsje de útwurking fan itjinge dêr’t de kalvinistyske teolooch en predikant Abraham Kuyper oan ‘e ein fan de 19de ieu foar yn de slach wie: in keunst, frij fan plastyk. It symboal, it byld, waard, sis mar, opfette as in stean yn de wei foar de út te dragen idee.’

Geandewei de foarige ieu is der neffens Van der Sloot in beskate ‘symboalblinens’ ûntstien, in oangelegenheid dy’t nochris ekstra fuorre waard troch de leechrin fan de tsjerken en it stadige ôftakjen en ferdwinen fan in religieuze en agraryske kultuer. Beide stienen by âlds stiif fan alderhande, faak mei de seizoenen gearhingjende symboalen. ‘Minsken as Reve hawwe al folle earder oer dizze symboalblinens op ‘e tekst west. Us maatskippij is der wat oanbelanget fiks earmer op wurden.’ It iene en oar hat neffens Van der Sloot ek syn konsekwinsjes foar de wize wêrop’t nei keunst sjoen wurdt. Ta yllustraasje fan dy stelling hellet er op it atelier yn syn wente yn Ljouwert, in romte dy’t tagelyk ta eksposysjeromte tsjinnet, in pear nije, krekt makke assemblaazjes foar it ljocht: moai harmonieus oardere seelânskippen. De weagen binne aaien, de skippen doazen. Guon sille dizze saneamde ‘eggscapes’ suver klinysk besjen, oaren, mear op ‘e hichte mei de symbolyk fan it skip en it wetter, sille sizze: ‘Ah, dat is de arke fan Noach, de drager fan it libben’, of ‘Hee, dêr giet it boat dat aanst de deaden de rivieren oer bringt.’ Van der Sloot: ‘Yn de symbolyk stiet it iene foar it oare, it symboal wjerspegelet altiten iets dat boppe it subjekt út giet, faak giet it om iets, yn myn gefal de tiid, dat him net sizze lit, neam dat, it ûnútspreklike.’

 

Kader
Begjin oare jier komme galery Anderwereld yn Grins en Tresoar yn Ljouwert mei útstallings oer it wurk fan Koos van der Sloot. It giet om nij eggscape-wurk, dat him gauris ôfspilet him op de grins fan natuer en technyk en dêr’t oan de symbolyk fan it aai nije spoaren jûn wurdt. Mei assemblaazjestikken as ‘Denkend aan Haskerland’ en ‘Herinnering aan Haskerland’ wurde net inkeld oantinkens ophelle oan Haskerlân, it hjoeddeiske Skarsterlân, mar wurdt der ek referearre oan rituelen mei aaien yn âlde, foarkristlike kultueren. Guon heidenen hienen it bygelyks foar de moade en bedobje de aaien fan fûgels en bisten yn de ierde om op dy manier de fruchtberheid fan de grûn fuort te sterkjen. Yn it each rinnend binne de yn fûgeltperspektyf delsette lânskippen, dy’t foarm krigen hawwe op in ûndergrûn fan bûntkleure stikken skilderspalet. Troch de strakke opstelling en oardering fan de aaien is oan dizze ‘eggscapes’ in moai geometrysk-abstrakt gesicht jûn. Yn oare, allike kleurige lânskippen binne aaien ferbûn mei sjipplaten en elektryske kabels en triedden, wêrfan’t guon, grappich en absurd, dwers troch de aaien hinnerinne. It binne de spanning meitsjende metafoaren fan in lânskip, dat by de tiid (!) lâns allegeduerigen yn ûntwikkeling west hat, feroare as dat is fan in oarspronklik, foargoed ferlern natuerlânskip nei in fierhinne troch de minske en syn technyk behearske kultuerlânskip.

 

 

 

Earder publiseard yn ‘de Moanne’, 11 (2011) 4 (maaie)

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.