Ingelsk

Publisearre op 1 juli 2013

HENK WOLF –

It Frysk is gjin suske fan it Ingelsk. Friezen wolle dat heel graach en de ûnderstelde nauwe famyljerelaasje tusken ús minderheidstaal en de grutte wrâldtaal is sels yn heel wat lesboeken te finen. Mar dy relaasje is fiksje.

Wat wol it sizze as twa talen famylje faninoar binne? Wol dy metafoar wurkje, dan moatte wy de stambeam fan minsken en oare wringedieren efkes ferjitte. Wy kinne better sjen nei ienselligen. Dy kinne trije dingen dwaan: gewoan trochlibje, deagean of harsels opdiele. Yn it lêste gefal ha wy in memme-iensellige dy’t trochlibbet yn twa of mear dochterienselligen, mar sels ophâldt te bestean. Of net. Kinst ek sizze dat ien fan de dochters eins in fuortsetting is fan de mem. Dat is in kwestje fan definysje.

Mei talen is it ek sa. In foarbyld: yn de 17e ieu waard yn West-Flaanderen of Seelân of Súd-Hollân in taal praat. ’Dialekt’ meist ek sizze, dat is gewoan in wurd foar in lyts taaltsje. In echte namme hie dy taal net. De sprekkers sels hienen it mooglik oer ‘Dúts’, mar sa neamden alle minsken yn Flaanderen, Nederlân en Dútslân har eigen dialekt. In part fan de sprekkers fan dat Flaamsk/Sieusk/Hollânsk ferhuze nei Súd-Afrika, de rest bleau oan de Noardseekust. De iensellige hie him opdield. En om’t minsken ‘flaters’ meitsje yn har taal dy’t stadichoan normaal wurde, naam it ferskil tusken de twa dochtertalen stadichoan ta.

Wie der no ek sa’n memmetaal dêr’t it Frysk en it Ingelsk beide út ûntstien binne? Nee.

Yn de betide midsieuwen wennen yn Europa allegear Germaanske stammen. Elke stam prate krekt wer in bytsje oars as oare stammen, mar se ferstienen inoar prima. En soms waard in útspraakflater populêr. Hollânske berntsjes sprekke ‘school’ heeltyd faker út as ‘schouw’. Sa wienen de âlde Friezen op in stuit wat sloarderich mei de n. Dy ferdwûn úteinlik út wurden lykas ‘ús’ en ‘goes’.

Buorstammen namen sokke moadeferskynsels wol faninoar oer. Doe’t in groep Germanen – de Angelen en Saksen – yn de 5e ieu nei Ingelân ferfear, ûntstie der in yntinsyf kontakt tusken har en de seefarrende Friezen. Dêrtroch namen se ieuwenlang inoars moadeferskynsels oer. Wa’t krekt begûn is mei k-klanken troch tsj-achtige klanken te ferfangen witte wy net, mar de stammen om de Noardsee hinne fûnen it allegear tige hip om ’tjerke’ of ’tsjursj’ te sizzen, wylst de stammen yn it binnenlân dat mar bespotlik fûnen en fêstholden oan it âlde ‘kerk’ of farianten dêrop.

As wy de metafoar mei de ienselligen hâlde wolle, dan binne de oerienkomsten tusken Frysk en Ingelsk mear as in genmutaasje. De n-klank of de k-klank wurdt trochjûn, mar der giet by in sprekker wat mis en dy begjint nuver te praten. Hy besmet oaren yn de buert en de besmette buorlju jouwe it firus sels ek wer troch. Soms wurde sels talen besmet dy’t helendal gjin neiste famylje binne. De Denen – en Noardseebewenners – sizze ommers ek ‘os’ en ‘gås’ foar ‘ús’ en ‘goes’.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels