In papieren elpee

ARJAN HUT – 

De nije bondel fan byldzjend keunstner en skriuwer Wilco Berga is in twataligen, mei 32 gedichten yn sawol in Nederlânske as in Fryske ferzje. Inkeld de titel is mar yn ien taal: ‘Allinne en yn koar’. It is in tagonklike, muzikale bondel wurden, mei fersen dy’t op de grins fan liettekst en poëzy omdangelje

Al bin ik net in leafhawwer fan meartalige bondels fan Fryske dichters (ik ken wol Frysk lêze) by Berga hat it in mearwearde. ‘Allinne en yn koar’ ha ik twa kear lêzen, earst yn it Frysk en in wike as wat letter nochris yn it Nederlânsk. Yn it Nederlânsk fûn ik it in bettere bondel. Dat hat my wol fernuvere. Der stiet ommers net ynienen wat hiel oars, de opbou is oeral gelyk, en it meast opfallende, net al te noflik botsende pear is net in gedicht, mar in sizzen dat as in motto of skifttitel (al binne der gjin aparte skiften) oan de fersen foar ôf giet: Lûd sit my yn it bloed / Een bestaan in geluid.

 

Yn hieltyd trije, fjouwer of fiif kûpletten fertelt de dichter syn ferhaal, sjongt eins, want allegeduerigen hast de idee dat de gedichten lieten binne, songen, delpind en dêrnei yn de netten fan in bondel heind. In papieren elpee.

 

By einsluten tink ik dat de hegere wurdearring te krijen hat mei de foarm dêr’t de dichter syn gedichten yn jit. De rjochtlinigere klanken (aa, oo, ee) fan de Nederlânsktalige gedichten lizze nofliker yn de strakke foarmen as it waaierige, weagjende Frysk.It Frysk, dêrtsjinoer, jout ‘couleur locale’, de wyn is in waadwyn, de haven is Harns en de klanken floeie en skolperje as sit men by Berga yn syn Atelier Aansee.

In moai foarbyld dêrfan is it fers ‘Yn koar’, in kearnfers om’t ferskate eleminten út de bondel, sawol ynhâldlik as kwa foarm, der yn weromkomme. De oansprekfoarm (‘Hearst soms ien sjongen oer de tiid …’) dy’t makket dat it liket as hat de dichter it streekrjocht tsjin de lêzer. Echo’s fan Leonard Cohen, wat dat oanbelanget, en somtiden lykje de rigels út it Ingelsk wei tocht. Lûd dat fier draacht yn stilte, in konsept dat yn ferskate bewurdings op ferskate plakken yn de bondel de kop opstekt. It is in mankelyk gedicht, in soarte fan elegy oer in elegy, in kleisang oer in leafde, of in kâns dêr op, dy’t foarby gie en it grypt jin by it jaske, ‘… stiest / samar tusken de tenoaren fan it koar’.

 

Slaande doarren drage fier yn mist,

mar de echo ken gjin ivichheid;

in dei of nacht klinkt de slaande trom

en hearst fannijs in leafdesliet.

 

Dat is it fjirde kûplet fan dit heale titelfers, yn it Frysk mei in soartemint skynrym, dy’t yn it Nederlânsk weifalt. Dat is dochst wol ien fan de aardichheden dy’t in twatalige bondel aksintuearje kin: hoe’t tafal, de natuerlike ‘flow’ fan wurden, net altyd oer te setten is, mar likegoed yn de oersetting wer oare patroanen opsmyt. Yn it Frysk akkordearje fier / ivich(heid) en liet moai mei dei en fannijs, yn it Nederlânsk pikke slaande en dragen fia it kearpunt maar moai oan by dag en nacht.

 

Slaande deuren dragen ver in mist

maar de echo kent geen eeuwigheid;

een dag of nacht klinkt de slaande trom

en hoor je opnieuw een liefdeslied.

 

Yn hieltyd trije, fjouwer of fiif kûpletten fertelt de dichter syn ferhaal, sjongt eins, want allegeduerigen hast de idee dat de gedichten lieten binne, songen, delpind en dêrnei yn de netten fan in bondel heind. In papieren elpee. Dat is net raar: Berga brocht njonken bondels ek twa cd’s út, ‘Sjonger en dichter’ yn 1998 en ‘Dagen dûnsje foarby‘ yn 2013. De earste ha ik nea heard, de twadde is in pronkje yn de sfear fan Jacques Brel, Bob Dylan en foaral Leonard Cohen.

It kreakjen fan in doar, stimmen yn it reit, it fluitsjen fan de wyn, lûden fertelle, kundigje oan (it byljen fan in hûn by tsjuster) of roppe herinnerings op. Hiel inkeld ris wurdt letterlik in ferske neamd, lykas yn ‘Sirkus do en ik’, dêr’t trompetten O Mein Papa sjonge, in foaroarlochsk ferske fan in famke dat oer har heit sjongt, har heit dy’t clown wie. Yn it gedicht liket it as wurdt in relaasje beskreaun as in sirkuspiste, in programma mei wite hynders en walsmuzyk.

Krekt as yn in soart oare titels fan dizze bondel binne foarm en idee liedend: mei in begjin en in ein en in heldere, ek gauris foarsisbere byldtaal, as yn ferskes. Mar de teksten steane yn in dichtbondel. Wy hearre dus gjin melodij, en dy muzyk soe earne oars weikomme moatte: troch in spanning yn de opbou, of ferrassende, fernuverjende wurdkombinaasjes, eat dat fierder giet as in liettekst. Guon teksten bliuwe lietteksten, dy’t sûnder melodij, en sûnder poëzy, foarby skolperje om daliks te ferwurden. It liete-karakter fan de gedichten hat ek in soad oerstallige wurden en rigels ta gefolch. In byld dat yn trije, fjouwer wurden stiet, wurdt oanfolle mei mear wurden of in hiele rigel om de foarm fol te meitsjen.

 

Wêr’t wy ôfskie namen song in koar

balladen oer wat west hie

wêr’t wy hinne gongen wie de loft

fol lûden dy’t wy noch net koene.

(út Der wie muzyk)

 

De twadde rigel hie der sa út kinnen. Dan mar net fjouwer fjouwerrigels. Itselde jild foar (op)stopwurdsjes as ‘hjir’, ‘mar’ en benammen ‘wer’, dat op suver alle plakken yn de bondel skrast wurde kind hie. Skrast wurde moatten hie, foar de poëzy.

Yn in soad gedichten fungearret in werhelle frase (‘dy dagen heardest …’ út ‘Watsto heardest’) of parafrasearre tema (‘wat brûnzen klokken dogge, wat izeren tsjillen … dogge’, ‘wat slepende fuotten dogge’ út ‘It brûnzen wurd’) as kapstok dêr’t de koepletten oan ophongen wurde. Eksimplarysk is it ôfslutende ‘Ald is it eilân’. In titel dy’t ek as liet al te hearren wie op de cd ‘Dagen dûnsje foarby’. It is perfoarst net deselde tekst: it liet, trije tsjokke, rymjende koepletten op de cd, is omboud ta in gedicht, mei fiif koartere koepletten, mear op klank- en skynrym, dy’t na twa, trije út it liet werhelle rigels, in eigen koers farre. It liet bliuwt liet, mar wurdt ek poëzy. Ien fan de hichtepunten fan ‘Allinne en yn koar’.

Moai wurket it spul fan werhelling en parafrasearjen ek yn ‘Sa ha ik songen’ (as tourettist). Yndrukken botse en draaie as twa ynmekoar skowende stjerrestelsels yn ‘Moetings I’. Op warskôgings wurdt gjin acht slein yn ‘Lûde stoarm’, mar as de stoarm him dellein hat, wurdt der yn de stilte frede sletten. Knap is ek ‘Moetings II’, dêr’t yn koarte streken bistelûden in bern oproppe, in feest beskriuwe, in fuortgean en in thúskommen tagelyk. Driigjend wurdt it yn ‘Moetings III’, (‘Wa’t him omdraait yn de tiid / … / dy stiet oan ‘e hals ta yn see/ … / en heart de eigen skelle gjalpen’). It fjirde en lêste part fan dy rige komt as in bitterswiete wiete dream, ‘Moaier sil it net mear wurde …’

It oare, heale, titelfers is ‘Allinne’. De ik-figuer leit ûnbeskerme ûnder leaden loften en harket nei de fûgels om him hinne:

 

Hjir wienen do en ik ljurken; kaamst

ta grutte hichten mei dyn gleone liet

safolle noaten hiesto op dyn sang.

 

It hybride karakter fan ‘Allinne en yn koar’stiet net sasear de lêsberens, mar wolris de poëzy yn it paad. De dichter praat tsjin dy, tinkt oan har, núndert yn himsels, sjocht de fûgels, heart it wetter, elts lûd in poarte nei in ferline dat mist wurdt, dêr’t fan hâlden wurdt. De bondel dêr’t dat yn bard, telt in soad gedichten mei tefolle noaten, en út en troch klearebare lieten, sûnder melody.

 

Wilco Berga, Allinne en yn koar. Utjouwerij Afûk, 2014. 69 siden, €15,00.

Comments
Ien reaksje oan “In papieren elpee”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.