fotografy: Henny van den Berg

In libben fan kleur en ienfâld

RYNK BOSMA – 

“Wie hy noch mar fyftich jier, dan hienen wy gjin probleem”, sa suchte Klaas van der Sluis as trou lid fan it Lemster Mannenkoor en ek koördinator fan de tarieding en logistyk fan it koar. Dy opmerking wie eins in earbetoan oan dirigint Harm van der Meer fan it Lemster Mannenkoor dy’t nei fjirtich jier der mei ophâldt. Syn lêste optreden sil wêze op it grutte krystkonsert op 19 desimber yn sporthal Hege Fonnen yn Lemmer.

It libben fan de no 75-jierrige Van der Meer is beitele yn ienfâld en dêr kinne je de kleuren fan de muzyk oan taheakje. It sil dêrom op dat konsert benammen draaie om de ivige noaten fan bygelyks Johann Sebastian Bach en oare krystmuzyk. It soe net passe by Van der Meer as alles om him draaie soe, want it is benammen in jûn fol muzyk. Sa is it ek mei dy foarbije fjirtich jier by it Lemster Mannenkoor gien en dat lit him eins net yn wurden fange. In tiid fan twa helten, de earste tiid wie fan desimber 1966 oant juny 1975. Tsien jier letter, yn desimber 1985, begûn Van der Meer oan de twadde helte. “It is as mei de leafde, je witte wol wat it is, mar eins is it net te beskriuwen.”

 

“Moatst wurk sykje, mei muzyk fertsjinnest neat.”

 

Van der Meer is hikke en tein yn Bantegea en it gesin fan Wytze van der Meer en Rinskje van der Meer-Snijder wie in muzikale famylje. Rom hienen se it allegearre net, mar Van der Meer wol net fan earmoede sprekke, it wie earder krap. “It keakeljen fan de kiepen wie as muzyk foar ús as bern, dat betsjutte dat der in aai op bôle lei en dat wie al hiel wat.” Mar dochs: “Ik ha in ryk libben hân ek al wie it gjin rykdom yn in oare betsjutting.”

Ek de kar fan Van der Meer om yn de muzyk troch te gean wie yn dy tiid net in takomst fan ‘gouden bergen’. “Moatst wurk sykje, mei muzyk fertsjinnest neat”, sa krige hy geregeldwei te hearren. It wie ek net de maklikste wei want dy kar foar muzyk makke it libben der betiden ek wol iensum op. Op de feestlike dvd ‘It Lemster Mannenkoor sjongt thús’ fan 2005 nei oanlieding fan it fjirtichjierrige bestean fan it mannenkoar seit Van der Meer: “Ik koe froeger mei gjinien oer muzyk prate, as je fan klassyk hâlde dan wienen je al gau ‘apart’. Ik ha net altiten even lokkich west, ik moast it allinne dwaan. Ik fielde my betiden in pionier, dêr ha’k wol trochsetten fan leard.”

Gelokkich kaam muzykpedagooch en dirigint Piebe Bakker yn syn libben en hy wie in stipe foar Van der Meer om troch te gean op it muzikale paad. Hy gie nei it konservatoarium yn Swol en dêrnei noch in pear jier nei Ljouwert. Piano, euphonium, tuba en oargel wienen syn byfakken, mar it hert lei by it dirigearen. “It moaiste fûn ik dirigearen en ik ha ek in soad mei Bakker op stap west nei konkoersen, ûnder oare yn it Kurhaus yn Skeveningen.”

Dy kar hat úteinlik de júste west, sa fynt Van der Meer. It paste him as in jas útfierd yn de kleuren fan it lânskip fan Fryslân. Dat alles prachtich yn byld brocht op de dvd as it Lemster Mannenkoar oer de seedyk komt, Van der Meer net foarop mar tusken de koarleden yn, om de earste noaten fan it tapaslike Heitelân yn te setten, it moaiste momint foar Van der Meer. “Ik ha oeral sitten yn Fryslân en nea fûn dat it wurk wie. De loften, it wetter, de minsken, alles is hjir, it is myn heitelân wêr’t ik my thús fiel.”

Lesjaan oan skoallen en muzykskoallen, it hearde der allegearre by, mar der is ien ding dat der útspringt en dat is de omgong mei minsken, publyk en koarleden. “Ik ha wat mei it publyk, ik fyn de reaksjes geweldich. Der wurdt wol fan my sein ‘Dit is dy dirigint dy’t ek wolris nei de minsken sjocht’. Ik kin my ek yniens omdraaie en in ferhaaltsje fertelle mei in ‘kwinkslag’. Sjoch eins is it liet dan al begûn foardat it ynsetten is.” Dat jildt ek foar de ferhâlding dirigint en koar. “It kacheltsje moat begjinne te brânen, it moat net te saaklik wurde.” Dy bân wurdt sichtber as der koarleden ferstjerre. “It minste wat fan my ferwachte wurde kin, is dat ik in oerke frij meitsje foar de lêste ear, foar minsken dy’t tidens har libben sa folle noaten foar my songen ha.”

It offisjele ôfskie is op 16 jannewaris yn de griffermearde tsjerke op de Lemmer, mar dat is allinne tagonklik foar útnoege minsken. Van der Meer bliuwt noch wol warber by it ‘Vriendenkoor’ as dirigint yn Drylts, wêr’t hy tegearre mei syn frou Nadia Meerstra wennet. Ek bliuwt hy noch warber by Mannenkoor Westerlauwers fan Bûtenpost. Mar op de Lemmer sille it oare jûnen wurde as Van der Meer aansens der net mear by is. Hy sil it misse: “Want as je earne lang binne dan smede je wat foar it libben, ek yn mindere tiden.”

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.