In ferhaal yn foto’s

Publisearre op 10 november 2015

RYNK BOSMA – 

It is koart dei foar Corrie Grupstra want op 20 novimber moat har útstalling yn Tresoar foar inoar wêze. Dan sille der ûnder oare tsien portretfoto’s út it keunstwurk dat Grupstra makke foar it Alfabetprojekt fan de Moanne te sjen wêze dy’t allegearre as mienskiplik tema de fraach ‘Wêr bisto thús’ ha. In dochs spannend debút foar Grupstra.

Foar Grupstra wie it in lange wei om te kommen wêr’t sy no is en dat krúspunt waard eins by tafal berikt. In ferline yn de ferpleging, in skoftsje op kantoar as arbo-adfiseur en doe yn 2007 op nei de Foto-akademy yn Grins. Dy lêste faze learde har dat je ek in ferhaal fertelle kinne sûnder wurden, in ferhaal yn foto’s en mei dy bylden lizze je kontakt mei wer oare minsken. Foar Grupstra gie in nije wrâld iepen en dat wie in moai momint om eigen ferline ôf te sluten.

 

‘Dit wurk soe minder yn in galery of museum passe, Tresoar is in iepenbiere romte dêr’t in protte minsken komme. En dat is dochs myn publyk.’

 

Dat krúspunt kaam op it aljemint doe’t de Moanne begjin 2014 úteinsette mei it Alfabetprojekt. Grupstra keas foar de letter C. ‘Ik mocht foarm en ynhâld jaan oan de letter C. De letter is in namme sûnder dat der in bepaalde identiteit oan hinget. It moaie is dat de C net yn de Fryske skriuwtaal bestiet. As je it yn it Frysk sizze dan klinkt it as ‘see’ en dat ropt hiel oare bylden op. Ik bin sels gek op de see, dus dan is de brêge gau slein. Myn eigen namme begjint ek mei in C. In achternamme mei allinne in foarletter is ôfstanlik, it seit neat oer de mins. Mei allinne in foarnamme en in foto wurdt it in stik persoanliker en dat is de reden dat ik foto’s meitsjen gien bin mei foarnammen dy’t allegearre de letter C diele as begjin. Mar by my leit de klam op de ferskillen tusken al dy minsken.’’

Grupstra is al fan har bernejierren ôf ferslingere oan it Amelân en noch altiten is dat har thús. Benammen it strân oan de westkant fan Hollum mei syn einleaze kerrels sân, de patroanen dy’t it wetter fan dy ivige see dêryn efterlit. Dat sit yn har siel mei in spesjaal keammerke foar it Waad. De see is myn thús is dus net allinne in eigen ‘geloofsbelijdenis’ mar tagelyk ek in útnoegjend tema foar oare minsken om oan te jaan wêr’t harren thús leit. Dat wie it útgongspunt fan Grupstra en is de oanlieding foar it ferfolch fan it projekt.

Faak hie Grupstra twa kear in petear mei de foto-ûnderwerpen. Har eftergrûn yn de ferpleging kaam goed fan pas want de keunst wie minsken prate litte oer eigen libben. ‘Hast altiten wie in twadde petear nedich en dan wie de sfear faak goed. Goed sjen wa’t se binne want as minsken fertelle wêr’t se harren thús fiele dan moatte se ek in stik fan harren eigen ik bleat jaan. It moaie yn it generaal fûn ik dat minsken my efkes talieten yn harren eigen libben tidens de oeren dat ik mei harren prate.’

 

Alles is fêstlein yn in prachtich hânmakke boek mei tsien portretten en dêrneist in tekst dy’t de minsken sels betocht ha. De foarm fan it boek is op adfys fan útjouwer Eddy van der Noord fan Utjouwerij Louise makke troch boekbiner Wytze Fopma fan Wier dy’t it útfierd hat yn de kleur fan it Amelanner sân. De foarm fan de letter C op de foarside is ynlein mei sân fan it strân fan Amelân. Der binne fjouwer boeken makke en trije binne te keap.

Grupstra besiket nammentlik om crowdfunding har projekt noch fierder te finansieren. ‘It rint noch net’, sa seit Grupstra earlik. Trije bysûndere boeken binne te keap, mar sponsoaren kinne ek in fotosessy oanbean krije en coaching en in workshop foar fotografy hearre ek ta de mooglikheden.

 

Tresoar jout neffens Grupstra har in poadium dat by it keunstwurk past. ‘Dit wurk soe minder yn in galery of museum passe, Tresoar is in iepenbiere romte dêr’t in protte minsken komme. En dat is dochs myn publyk.’

 

 

Foar mear ynformaasje sjoch de webside www.byldwurk.nl.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels