In âlde kriichsheld

GERBEN DE VRIES – 

Yn juli 2012 kamen der foto’s boppe wetter fan in eksekúsje yn oarlochstiid, 1947, Sumatra. Noch net sa lang lyn bekende in man dat er der by west hie. Ik wit net krekt oft dizze Harrie N. doedestiids ek in deiboek byholden hat, omdat er noch sa presys wist dat de eksekúsje plak fûn hie by it doarpke Gedong Tataan. Ik bin der wol wis fan dat de kommende desennia in protte fan dit soarte deiboeken opdûke sille, mei ferhalen oer tsjinstmakkers, aventoeren, strideraasje en ja, ek wreedheden. Hast 400 jier lyn hold, yn in oare kriich, in offisier ek sa’n deiboek by. Wiebe Bergsma besoarge Enege gedenckwerdege geschiedenissen. Kroniek van de Friese militair Poppo van Burmania uit de Tachtigjarige Oorlog.

Hoewol, deiboek? De besoarger is wat huverich foar dit wurd en neamt it leaver in kroanyk. It ezelsbrechje foar it ûnthâld moat wol opskreaun wêze yn de jierren dat Van Burmania syn aventoeren ek belibbe. In kroanyk oer oarloch fieren, prate mei de stedhâlders, it signalearjen fan kometen,  it opskriuwen fan nijtsjes en oare faria. Wat dat lêste onabelanget, spruts er yn 1628 yn Drinte mei in frou fan 127 jier âld. Foar it neigeslacht hoechde er it net te dwaan, want de soldaat troude wol tusken de bedriuwen troch, mar krige gjin bern. Poppo van Burmania wie berne yn it Flaamske Oostende, dêr’t syn heit ek beropsmilitêr wie. Poppo naam tsjinst yn it Staatske leger, dat yn de twadde helte fan de Tachtichjierrige Oarloch de Spanjaarden stadichoan weromdreau. Stadichoan, want oars at partij-lju tinke, wie in kriich yn dizze tiid net in rige enoarme fjildslagen mei tûzenen deaden ta gefolch. Allinnich op it sâlte wetter waarden slaggen fierd, op it lân wie it de iene belegering nei de oare. Poppo die mei oan dizze fjildtochten, fan Oerissel nei Brabâan en Limboarch en by tiden noch fierder.

De kriich wie, ek sûnder fjilslach, in bluodrich bedriuw. Lykas yn de memoiresliteratuer dy’t we fan de oarloch yn Ynje kenne, wiene dêrby de eigen troepen minsken fan fleis en bloed en dus yn wêzen goed. Somtiden wiene se sels slachtoffer, wêrby’t it opfalt dat der sa’n soad lju troch de holle sketten waarden. De anonime fijân lykwols wie hast altiten wreed en dat rôp om wraak. Doe’t bygelyks yn 1638 Maastricht ferovere waard, waarden soldaten en geastlikken eksekútearre troch harren de kop der ôf te slaan. Der is no ienris gjin kriich sûnder wreedheid. Frjemd genôch skriuwt Van Burmania noait dat er sels  minksen delsketten of delstutsen hat. Of skriuwt in deiboek- of kroanykskriuwer soks leaver net op?

Moai dat Bergsma ek yn syn titel gewoan de term ‘Tachtigjarige Oorlog’ brûkt, yn stee fan ‘Opstand’. Tachtich jier kriich, ruchwei tusken 1568 en 1648, dekt de lading no ienris folle better en boppedat is it net handich besteande termen te ferfangen troch (fak-)termen. Poppo bleau ek nei 1648 yn tsjinst. Op syn âlde dei wurdt de kriichsheld noch in seeman. Yn 1659 sylde er ûnder Michiel de Ruyter nei Denemarken, al jout er amper oandacht oan dizze ferneamde seeheld. Van Burmania toande him sels in toerist, dy’t de Noarske fjorden bewûnderde. Ek yn in Rampjier 1672 wie er noch aktyf. En ek yn Fryslân, want sels Tytsjerk waard doe bedrige troch de fijân. De luitenant-kolonel wie doe al 69 jier!

Poppo van Burmania wie in Fries dy’t benammen om ûtens militêr wurk fersette. Dat is ek oan syn taalgebrûk merkber, want yn de kroanyk komme net in soad frisismen foar. Ik fûn der eins mar in pear: rieuwen (reau), bedingst, sudelaaer (sutelder, zoetelaar), del tûmelde. Ek doe al prate de elite ommers ûnder elkoar (in fariant fan it) Hollansk. It belang fan it boek leit benammen yn de seldsumens fan deiboeken en kroaniken fan militêren út dy perioade, seker foar Fryslân. Folslein nije dingen skreau Van Burmania net op, al is de petite histoire der net minder om. Sa fûn ik it nijsgjirrich te lêzen dat de Ingelske float yn 1666 op Skylge 400 huzen en, yn de haven, 143 keapfardijskippen platbaarnde. Dat jout it ferhaal fan it Striper wyfke reliëf. Mei de deiboeken fan stedhâlder Willem Frederik (Gloria Parendi) en de dissertaasje fan Hotso Spanninga (Gulden Vrijheid? Politieke cultuur en staatsvorming in Friesland, 1600-1640) foarmet Enege gedenckwerdege geschiedenissen fan Wiebe Bergsma foar de leafhawwer tagelyks in kreas trijelûk oer de ‘kuiperijen’ om macht en ynfloed, want dêr wie Poppo van Burmania ek net bepaald frij fan.

En no mar hoopje dat ynkoarten de earste deiboeken of kroniken fan militêren yn doe noch Nederlânsk-Ynje opdûuke, bygelyks fan dy fan it Fries Bataljon.

 

Enege gedenckwerdege geschiedenissen. Kroniek van de Friese militair Poppo van Burmania uit de Tachtigjarige Oorlog, Hilversum Verloren 2012, 25 euro.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.