fotografy: Linus Harms

‘Ik bin in optimistyske misantroop’

NYNKE VAN DER ZEE –  

It buro leit fol mei papieren, skriuwblokken en hastich beskreaune kladbriefkes. De planken oan de muorre bûge hast troch ûnder it gewicht fan alle boeken, dy’t stiif tsjininoar oan steane. It liket in gaos, mar skriuwer Willem Schoorstra út Ternaard (1959) wit krekt wêr’t alles leit. ‘Dit is myn domein, hjir mei fierder gjinien komme.’ Oer grutte nammen út it fiere ferline oant de gewoane man fan hjoed-de-dei. Yn ’e pinne fan Schoorstra sitte altyd ferhalen, dy’t derop wachtsje om op papier ta libben te kommen.

Skriuwer Willem Schoorstra stie fan ’t hjerst foar it earst yn syn libben op de Frankfurter Buchmesse. Mei Eeltsje Hettinga, Anne Feddema en Tsead Bruinja moast er dêr nei eigen sizzen ‘de Fryske eare heechhâlde’. Dit jier wiene Nederlân en Flaanderen de gasthearen fan it grutste boekefeest fan Europa. Schoorstra’s histoaryske roman Rêdbâd waard troch it Letterenfonds útkeazen as ien fan de boeken dy’t him yn Frankfurt presintearje mocht. En sa’t dat yn syn holle wurket, ûntstie der fuortendaliks in plan foar in foardracht dy’t krekt wat oars as oars wêze soe.

 

Opfalle op de Buchmesse
‘Ik seach it al hielendal foar my: de bandleden fan de Fryske metalband Baldrs Draumar yn harren Fiking-outfit, dy’t de boel dêr ris flink wekker skodzje soene yn Dútslân. Want by sa’n grut evenemint as de Buchmesse giet it mar om ien ding: soargje datst opfalst.’ It rûn úteinlik oars. Fanwegen de beheinde tiid moast Schoorstra oergean op plan B. Ynstee fan in live band waard it in mp3-bestantsje op syn kompjûter. ‘Ik ha in sêne út Rêdbâd foardroegen wêryn’t de jonges ynwijd wurde as man. Dêr hearde ûnder oaren in hallusinearjende drank by. Dan krijst mei de juste soundscape in hiel bysûndere sfear. Dat ha ik besocht oer te bringen op it publyk.’

Wylst syn boeken allegearre yn it Frysk binne, wie syn foardracht yn Frankfurt lykwols yn it Ingelsk. ‘Myn doel is fansels dat safolle mooglik útjouwers myn boek oppikke’, leit er de kar foar de oare taal út. ‘Ik sjoch benammen nei Dútske, Ingelske en Skandinavyske útjouwers. Dêr lizze kânsen foar Rêdbâd, skat ik sa yn.’ De oersetting yn it Ingelsk lei al klear foardat Schoorstra frege waard foar de Buchmesse. ‘Dêr sit in bysûnder ferhaal oan fêst. Doe’t Rêdbâd krekt yn ’e winkels lei, krige ik in reaksje fan Jake Hogeterp, in Fryske Kanadees. Hy is op fjouwerjierrige leeftyd mei syn âlden nei Kanada emigrearre. Doe’t er Rêdbâd lêzen hie, wie er ferslingere oan it ferhaal. “Mei ik it oersette yn it Ingelsk?” frege er my. Alle wiken stjoerde er in stik as wat bledsiden op, dy’t ik dan lies. Sa ûntstie der in Ingelske fersy fan Rêdbâd.’

 

Sykje nei Pier
It boek oer de lêste Fryske kening ferskynde yn 2011 en is dus al fiif jier âld. Wêrom’t it Letterenfonds net foar syn lêste histoaryske roman Pier keazen hat, wit Schoorstra ek net. ‘Beide boeken lykje kwa tematyk yn dy sin op elkoar dat se alle twa it ferhaal fertelle fan in grutte Fryske leginde. Mar kwa skriuwproses en styl skele se nacht en dei. Rêdbâd wie in aventoer om te skriuwen. En hiel yntinsyf, want der wie amper wat fan syn libben oerlevere. Wat der wol wie, ha ik opskarrele. Nei’t Rêdbâd klear wie, hie ik allegearre opsetsjes foar eigentiidsk wurk. Mar alle kearen krige ik wer de fraach wêrom’t ik net in boek skreau oer Grutte Pier. Ik ha it yn my omgean litten en doe it beslút naam om it echte ferhaal fan Pier boppe wetter te krijen.’

Sa belâne Schoorstra op in moaie maaitiidsdei yn Kimswert, dêr’t er in frou trof dy’t him it adres joech fan Reinder Politiek. ‘Reinder hat my in hiel soad ferteld oer it libben fan Pier, ynformaasje dy’tst net weromfine kinst yn de skiednisboeken. Wy ha yn en om de tsjerke fan Kimswert kuiere, dêr’t it grêf fan Pier syn mem te finen is. Sy wie fan adel en leit begroeven ûnder it gongpaad fan ’e tsjerke. Mei troch Reinder syn ferhalen waard Pier foar my fuortendaliks taastber. It wie in rûchhouwer en in moardner, mar tagelyk ek in man fan it folk, in boer. Foarsafier’t ik it neigean koe, is Pier úteinlik yn de grutte tsjerke yn Snits begroeven.’

 

‘In man, in frou, in kat of in doarmatte. As skriuwer moatst genôch fantasije en ynlibbingsfermogen ha om elk personaazje syn eigen stim te jaan.’

 

De nacht fan Mare
Hoewol’t al syn frije tiid goed sân jier lang troch Rêdbâd en Pier opslokt waard, fage Schoorstra it plan foar in eigentiidsk boek net hielendal fan tafel. Sterker noch: de skriuwer is al in aardich ein op wei mei syn nije wurk De nacht fan Mare. Ditkear gjin Fryske fersetshelden, mar in gewoane man dy’t ferslaafd is oan de drank en dy’t dêrmei himsels en eltsenien yn syn omjouwing meiskuort yn in wrâld dêr’t kening alkohol de skepter swaait. ‘De nacht fan Mare skriuw ik fanút it perspektyf fan in frou. Dat is efkes omskeakeljen, om yn ’e holle fan in froulik personaazje te krûpen. Mar ik fyn dat jo as skriuwer alles wêze moatte kinne. Oft it no in man of in frou is, in kat of in doarmatte. As skriuwer moatst genôch fantasije en ynlibbingsfermogen ha om elk personaazje syn eigen stim te jaan.’

In boek oer ferslavingen stie al folle langer op Schoorstra’s ferlanglistje. ‘Ik hie eartiids in maat dy’t ferslaafd wie oan de drank. Hy gong al jong te farren op in seeskip. In jier as fyftjin, sechtjin sil er west hawwe. Yn dy tiid, en miskien no noch wol, wie it hiel gewoan dat der op sa’n skip sûpt waard, dus ik tink dat dêr de woartels fan syn ferslaving lizze. Dy woartels groeiden stadichoan út ta tentakels, wêrtroch’t de drank him folslein yn de besnijing krige. Dat hie ik yn dy tiid net iens sa yn ’e gaten, want hy wist der fernimstich mei om te gean. It wie boppedat in kreaze keardel om te sjen, sosjaal feardich, goed mei de froulju en in man mei in goed ynboarst. Ik bin der wis fan dat er it altyd goed bedoelde, mar hy wist him sûnder drank simpelwei gjin hâlding te jaan. Sûnder drank wie er himsels net, wat de wrâld op syn kop is, ast dêr goed oer neitinkst.’

Net allinnich alkohol spilet in haadrol yn syn nije boek, ek de ferslaving oan in relaasje ljochtet Schoorstra út. ‘In relaasje kin like ferslaavjend wêze as drank en drugs. Elk ken wol in stel dat eins better by inoar wei gean kin, mar dat om foar ús ûnbegryplike redenen net docht. Dat is ek in soarte fan ferslaving. Datst net sûnder inoar kinst, wylst it miskien wol better wêze soe. Ik ha yn de ôfrûne tiid in hiel soad oer ferslavingen lêzen en it fassinearret my. Dêrtroch giet it skriuwen hiel flot en – belangriker noch – de toan is goed, fyn ik sels.’

 

‘In relaasje kin like ferslaavjend wêze as drank en drugs’

 

It boek loslitte
Wa’t ferwachtet dat De nacht fan Mare in softe roman wurdt, hat it mis. ‘It ferhaal is somstiden best heftich. Mar it is net allinnich misêre. Ik bin in optimistyske misantroop. Ik bin derfan oertsjûge dat it hielendal net goed komt mei de wrâld. Mar och, wy knokke gewoan troch. Stadichoan komt by hieltyd mear minsken it besef dat wy no echt oer moatte op duorsume oplossingen. Dat jout my hoop. Dat soe trouwens ek noch wolris in ûnderwerp wêze kinne foar in boek. It ferhaal fan de earste klimaatflechtlingen.’

As alles meiwurket leit syn nije boek De nacht fan Mare takom jier al yn de boekhannels. En ek foar 2018 hat Schoorstra al wat om nei út te sjen. Dan ferskynt de film Understream, basearre op syn eardere boek Swarte Ingels út 2004. Ofrûne simmer wurke de skriuwer tegearre mei regisseur Halbe Piter Claus oan it skript. ‘De film ûntwikkelt him yn in rjochting dy’t hiel fier fan it boek ôf stiet. Filmwetten binne no ienris fundaminteel oars as wetten dy’t foar boeken jilde. Ik snap dat, mar ik sit te bot yn it boek om dat los te litten. Ik sjoch út nei it momint dat de film aanst op it wite doek te sjen is en ha der alle fertrouwen yn dat it in goed produkt wurdt. Mar de “laatste loodjes” moat immen dwaan dy’t gjin persoanlike bining mei it boek hat. Ik wol myn eigen beul net wêze.’

 

Earder publiseard yn de Moanne, 15 (2016), 6 (desimber), s. 54-57

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.