‘Ik bin hjir hiel bewust sûnder plan’

Publisearre op 11 oktober 2016

MARRE SLOOTS – 

Skriuwer en programmamakker Bart Kingma is troch de sjuery fan it projekt ‘Oare Wurden’ útkeazen om nei it Baskyske San Sebastian te reizgjen. Hy sil dêr acht wiken trochbringe om ynspiraasje op te dwaan foar it skriuwen fan syn roman. Ik praat mei him as er ûnderweis is nei syn bestimming.

Wêr bist no?
Ik stean no earne tusken Parys en Orléans op in parkearplak. Ik bin krekt de Périphérique foarby, dêr wie it aardich drok. Ik ha noch wol 800 kilometer te gean, mar ik hoech der hjoed net oan te kommen. Ik sykje ûnderweis even in hoteltsje op.

 

Ik wol it allegear in bytsje gebeure litte. Dat is hiel bewust, wy wurkje altyd mei plannen. It is super om dat no ris net te hawwen.

 

Hoe bringst dy 8 wiken troch yn San Sebastian?
De organisaasje fan it projekt Oare Wurden hat foar my in appartemint regele, in pear kilometer bûten it sintrum fan de stêd.


En dan silst dy hielendal ûnderdompelje yn de pleatslike kultuer?
Ik ha net echt in plan. Ik wol it allegear in bytsje gebeure litte. Dat is hiel bewust, wy wurkje altyd mei plannen. It is wol super om dat no ris net te hawwen, ik sjoch wol wat der bart. Ik hie al langer it idee foar in roman. It ferhaal giet oer in sjongeres dy’t yn krisis is. Dat sil him no foar in part ofspylje yn Baskelân. Ik gean net spesifyk op syk nei oerienkomsten of ferskillen op it mêd fan taal en identiteit tusken de Friezen en de Basken. Ik sit der net as in kultureel antropolooch. Ik sit der om sfear te snuven en om minsken mei ferhalen tsjin te kommen dy’t ik wer brûke kin.

Wêrom San Sebastian?
Eins is it sa dat San Sebastian my keazen hat. De stêd is op dit stuit Kulturele Haadstêd fan Europa. Ien fan de ûnderdielen dêrfan is dit projekt. Doel fan dit projekt is om de posysje fan literatuer yn minderheidstalen yn Europa te ferstevigjen troch in netwurk op te bouwen. Sa binne der útwikselingen mei skriuwers út Macedonië, Slovenië, Ierlân, Baskelân en Fryslân. Ik krige de mooglikheid in projektplan yn te tsjinjen en dat ha ik dien. En ik bin útkeazen.

Wat kinsto de minsken dêr leare oer de Fryske literatuer en kultuer?
Dat is in goede fraach. Dêr ha ik eins noch net sa bot oer neitocht. Ik hoech der gjin Afûk-boeken te ferkeapjen yn in boekekream ofsa hear, mar it doel is wol om dêr in netwurk op te setten. Der binne ferskate literêre festivals, dêr sil ik seker myn gesicht ek even sjen litte. Ik wol mysels net acht wiken opslute op in souderkeammerke.

Hokker boeken hast mei yn de koffer?
Ik ha De triennen fan Cheetah fan Anne Feddema mei. Mar dy ha ik meinommen omdat ik dy sels noch net lêzen ha. Net sa bot mei de bedoeling om dat sjen te litten as in foarbyld fan de Fryske literatuer. Ik bin der ek foaral om kontakten te lizzen, om de minsken dêr te freegjen nei hárren kultuer. Myn personaazje is in sjongeres. Stel je foar dat je kontakt lizze kinne mei muzikanten dêr, wa wit ûntstiet der wol in fantastysk idee foar in muzykprojekt. Soks soe dochs te gek wêze!

Binne acht wiken genôch om de bagaazje op te dwaan dy’st nedich hast foar dyn roman?
Dat is foar mysels ek de grutte fraach. It leafst wol ik dy acht wiken hielendal noch net skriuwe, mar allinnich sammelje. Dan brûk ik myn tiid dêr it beste. Oan de oare kant wit ik ek dat der thús safolle droktes binne, dat ik ek net oan it skriuwen takom. Dus miskyn moat ik myn tiid yn San Sebastian ek al brûke om te skriuwen. Ik bin hiel benijd hoe’t dat rinne sil. Mar hoe dan ek is it in geweldige kans, dat je acht wiken lang mei ien ding dwaande wêze kinne.

Hoe is it om sa’n skoft fan hûs te wezen?
Ik bin noch nea earder sa lang fan hûs west, dus it is bêst wol in aventoer. Dat fyn ik ek it spannende, wat dat mei my docht. Miskyn wurd ik wol hiel ûnwennich. Mar ek dêrfan tink ik: lit mar gebeure. Dy ûnderfining nimme je ek wer mei. Je kinne der as skriuwer altyd wat mei.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels