fotografy: Guus van de Sande

Iepenloftspul Jorwert: gjin fijne famylje

ELSKE SCHOTANUS – 

Is it iepenloftspul fan Jorwert by definysje in feestje en as it waar meiwierret is it dat noch folle mear. It is op in moaie simmerjûn dat de foarstelling fan 2015, ‘Augustus’ yn premjêre giet. Under in strakblauwe loft tûmelje de sweltsjes boppe de notaristún dêr’t it barren foar de 62e kear plak fynt. It spyljen fan de Harmonie fan Weidum hjit it publyk wolkom. It spylflak bestiet út in enoarm houten doalhôf dat it fertroebele tinken fan Viola Westra symboalisearret en tagelyk ek de kûlissen foarmet dêr’t de spilers út opdûke. Augustus is in tragykomeedzje oer de famylje Westra: Viola en Bareld, harren trije fammen mei oanhing, in beppe- en pakesizzer, Viola har suster mei de man en harren soan. Bepaald gjin fijne famylje.

 

It is benammen Wiepkje Castelein yn de haadrol lykwols dy’t de measte bewûndering ôftwingt troch har, yn dizze lange foarstelling, konsekwint folholden flymjende toan en har knap spile panyk.

 

Heit Bareld is in earsten sûplap, syn frou in oan alderhande pilleboel ferslave serpint. In hellefeech, in ferbittere en synyske fekke dy’t, ûnder ynfloed fan spierferslappende middelen, oer it plankier swalket. Misledigje en delhelje, dêr is sy in baas yn en de trije fammen en har suster komme dan ek net graach by harren thús. ‘Krekt as soe der wat wêze dêr’t je yn leauwe kinne’, seit Bareld op in stuit. As er te ferstjerren komt – hy wurdt yn it wetter fûn, wierskynlik hat er himsels tekoart dien – is se folslein ûnheistere troch it gemis. Bareld, as libbene deade, dûkt, klaaid yn in wyt pak, yn har tinzen op yn de plysjeman dy’t oan de doar komt om it minne nijs te bringen en letter ek yn de postboade en de húsdokter dy’t har al dy pillen foarskreaun hat.

Net allinne Viola is in sekreet, har suster Mette Mai kin der ek wat fan, foaral as it om har soan giet dy’t sy konsekwint delhellet troch him oan te sprekken as ‘lytse Geart’. Hoe bliid Geart is as syn leaf, Yfke, de middelste dochter, him as ‘grutte Geart’ oansprekt. Harren ferhâlding is yn earste ynstânsje geheim: sy binne ommers neef en nicht, teminste… dat tinke se. En dan is der noch Berber, de âldste dochter. Nei it ferstjerren fan heit Bareld en geandewei de foarstelling begjint sy hieltyd mear op har mem te lykjen. Op in stuit kapittelet sy har dochter en ferwyt se har yn ’e memmeskoat de oare helt fan de twalling, dy’t Berber ferwachte, fermoarde te hawwen. Misliker as dat kin amper en der giet in ‘o’ fan kjellens troch it publyk.

Der is wat aktualiteit yn it stik brocht, sa komt Syrië yn in opmerking foarby en wurdt Omrop Fryslân as retro-tillevyzje oantsjut. De muzyk wurket mei as it derom giet foar in lichte toets te soargjen, bygelyks as, nei Bareld syn begraffenis, de tafel dekt wurdt op in part fan it doalhôf dat draaie kin. En tusken alle panyk en ûntheistering, alle rotopmerkings, de ferslavingsproblematyk, selsmoard en relaasjeperikelen is de nedige humor ferfrissele. Sels yn de rotopmerkings sit betiden in humoristysk elemint. As op in stuit opmurken wurdt dat Bareld en Viola it lang mei elkoar folholden ha en der op Bareld syn selsmoard wiisd wurdt, is it: ‘Mar dat wie pas oan de ein fan syn libben.’

Yn al har kringichheid binne de moaiste rollen foar de froulju: Wiepkje Castelein as Viola, Sybrecht Speerstra as har suster Mette Mai en Sjoukje Jager as de âldste dochter Berber. Thijs Meester as Steven Heidinga dy’t it as ferloofde fan ien fan de dochters mei de trou sa nau net nimt en achter in fyftjinjierrige oan sit is in leauweardige rotsak. It is benammen Wiepkje Castelein yn de haadrol lykwols dy’t de measte bewûndering ôftwingt troch har, yn dizze lange foarstelling, konsekwint folholden flymjende toan en har knap spile panyk.

As Viola elkenien fan har ferfrjemde hat en moedersiel allinne oerbliuwt, sjongt de útlânske húshâldster, dy’t earder troch har foar ‘pinda’ útmakke waard, treastgjend: ‘Sa giet de wrâld nei de ein, net mei in klap, mar mei in sêft skriemen.’

Comments
2 reaksjes oan “Iepenloftspul Jorwert: gjin fijne famylje”
  1. Ruurd akkerman schreef:

    Helemaal mei iens

  2. Ruurd akkerman schreef:

    Zeer bisondere foarstelling. Een hele aardigheit

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.