fotografy: Guus van de Sande

Iepenloftspul Jorwert: gelikense beleanning foar gelikens wurk

ELSKE SCHOTANUS – 

It is net samar, dat, as it publyk, ûnder begelieding fan de fanfare fan Weidum, har plakken op de tribune ynnaam hat, de foarsitter fan it Iepenloftspul yn Jorwert, syn wurdearring útsprekt foar de notaris dy’t alle jierren weroan syn tún beskikber stelt en al dy frijwilligers dy’t de foarstelling mei mooglik meitsje. Kinst it him allinne mar meistimme. Dit jier bringt Jorwert London ’68, in teaterbewurking fan de film Made in Dagenham (2010) oer de staking by de Ford-fabriken om gelikense beleanning foar manlju en froulju foar itselde wurk foar elkoar te krijen. Der sitte knappe fynsten yn it stik, de nedige humor ek en foar de spilers oars net as lof. De staking by de Fort-febriken is in yntrigearjend gegeven basearre op in wierbard ferhaal. Mar hoe relevant is it stik, op ynhâld sjoen, hjoed de dei?

 

Lykas de film hat it stik, hoefolle fynsten en humor der ek yn sitte, dochs in dokumintêr, histoarysk karakter. It is dat aspekt, dat makket dat de kar foar krekt dit stik net alhiel befrediget.

 

Om 1968 hinne, as in man syn frou holp mei ôfdrûgjen en immen kaam it túnpaad del, dan lei er de skuteldoek oan kant: de bûtenwacht moast net sjen dat er frouljusputsjes die. Yn dy jierren lei de rolferdieling tusken manlju en froulju fêst: hy fertsjinne de kost, sy die it húshâlden. Dy ferhâlding tusken de beide seksen is werom te finen yn de man-frouferhâlding by de wurknimmers fan de Ford Dagenham Plant, de festiging fan de Amearikaanske Ford-fabriken yn London. Dêr wurken doedestiids 55.000 mannen en mar 187 froulju.

As de froulju yn ’e rekken krije dat sy, foar itselde wurk, folle minder betelle krije as de manlju, komme se yn ferset. Yn London ’68 is it Rita O’Grady dy’t dêryn it foartou nimt. Rita is perfoarst gjin feministe pur sang. Yn har stride twa Rita’s. Der is de Rita dy’t har deljout by it jildende rollepatroan. Ha de bern pinebúk, dan is sy der. Mept de skoalmaster en seit sy der wat fan, dan lit se har werom stjoere mei it boadskip dat har man better komme kin. Sy makket syn brochje klear, sy moat der – sa wurdt froulju foarholden – foar him wêze ‘als hij wil paren’. Der is ek de Rita dy’t har dêr tsjin ferset, thús èn op it wurk. Sy ûntjout har ta stakinsliedster.

Har partner, Eddy hat allyksa twa kanten yn him. Ien dy’t fan har de froulike rol easket, mar ek in ien dy’t grutsk op har is, as sy opkomt foar har rjochten en dy fan har kollega’s. Ien fan de moaie fynsten is dat beide persoanaazjes, rita en Eddy, elk troch twa spilers brocht wurde.

 

Net grutsk mar geil
In fynst en ek komysk is, dat mannen frouljusrollen spylje en oarsom. As de froulju, omdat it op har wurkplak smoarhyt is, in pear knoopkes los dogge, sjochst bh’s, mar guon spilers ha burden. De spilers – 35 rollen foar tsien akteurs – skeakelje geregeld fan sekse. ‘Sûnder it eksplisyt te fermelden, fertelt it [stik] yn de fierte in ferhaal fan seksegelikenens. It iene geslacht docht net ûnder foar it oare’, sa ferklearret artistyk lieder Tsjerk Kooistra yn it programmaboekje de kar foar it skeakeljen fan de sekserollen. Dat mei Kooistra dan, sawat fyftich jier nei dato, moai polityk korrekt fan betinken wêze, de kearn fan it ‘wier barde ferhaal’ is no krekt dat it yn ’68 sa nèt sjoen waard. In frou dy’t, neffens de moade fan doe, yn hotpants, oantreklike, seksy posen oannimt, mar spile wurdt troch in man mei hoekige knibbels: soks docht it, lykas de komby bh’s en burden, goed as it om de golle laits giet. De kar om spilers, manlik as froulik, beide sekserollen spylje te litten, is net sasear in útdrukking fan gelykweardigens, mar kolderyk. Dat hat in wearde yn himsels, mar oft it seksegelikenens útdrukt, falt te betwifeljen.

As Rita aksjes op priemmen set om lykberjochtiging yn leanen foar elkoar te krijen, lit har man, Eddy, har witte dat er tige grutsk op har is. Hy slacht de earms om har hinne en triuwt him tsjin har oan. ‘Bist net grutsk,’ seit sy, ‘mar geil.’

Oan de iene kant hast de fabryskarbeidsters dy’t terjochte opkomme foar likense rjochten, oan de oare de Ford-direkteuren mei har ekonomysk-saaklike belangen, fakbûnsbestjoerders dy’t har troch de direksje ynpakke litte en de oerheid dy’t net ha wol dat de stakingen mooglik as gefolch ha dat Ford him weromlûkt út Ingelân en 55.000 arbeidsplakken ferlern gean. De striid is hast fyftich jier ferlyn fierd en de útkomst is bekend – wetlik is fêstlein dat foar gelikense arbeid gelikense leanen jilde. London ’68 seit maatskippykritysk te wêzen, mar it giet om achterhelle maatskippijkrityk en yn dy sin is it slot net ferrassend en set de foarstelling net oan ta tinken.

Lykas de film hat it stik, hoefolle fynsten en humor der ek yn sitte, dochs in dokumintêr, histoarysk karakter. It is dat aspekt, dat makket dat de kar foar krekt dit stik net alhiel befrediget. De posysje fan de ‘working class’ hjoed de dei is alhiel net roaskleurich. Tink oan de zzp-ers dy’t de kop amper boppe wetter hâlde kinne, oan jongeren dy’t har yn de skulden stekke om in oplieding te folgjen, oan de tydlike kontrakten dy’t it ûnmoglik meitsje in wenning te keapjen, oan de hichte fan de fêste lesten dy’t mei in minimum ynkommen amper net op te bringen binne, oan al dejingen dy’t, oer de fyftich, dien krije en net (maklik) wer oan in baan slagje, oan digitalisearring en robotisearring dy’t arbeidsplakken koste, oan de ferkeap fan bedriuwen, wenningkorporaasjes en mooglik meikoarten soarchûndernimmingen oan bûtenlânske ynfestearders. Wat mist yn London ’68 is de link nei de problematyk fan no en dêrmei de urginsje.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.