Huug Pleysier en de keunstskiednis fan Fryslân

Publisearre op 1 november 2005

RUDY HODEL –

It Frysk-eigene skynt wer op ’e politike agenda te stean. Dêrom woe ik it dizze kear oer de tentoanstelling ‘Vorm(en)taal; een veelzijdig portret van Huug Pleysier’ ha. Dy tentoanstelling waard dizze simmer – fan 10 juny oant en mei 1 july – holden yn it Harmoniegebouw te Grins. Huug Pleysier wie tsien jier lang in wichtige Fryske keunstner. Syn wurk waard sels oankocht troch de Provinsje Fryslân. Mar doe’t er fuort wie, krige er allinnich noch fan Adri den Oudsten yn ’t Coopmanshûs it respect dat er fertsjinne. Myn fraach is oft de Fryske keunst noch (wol) takomst hat.

As je om ien of oare reden ferlet ha fan in gaadlik ûnderwerp, dan is it wol handich en organisearje in ‘wichtichste persoan fan …’wedstriid. Sokke populariteitstesten wurde oeral en omraken oanbean: a) om blanko krantepapier of liddige stjoertiid te foljen, b) om sabeare oan kultuer te dwaan en c) om it publyk de yndruk te jaan dat it ek wat te kedizen hat. Boppedat is populisme wer o sa salonfähig. Hoe is it oars te ferklearjen dat Pim Fortuyn okkerdeis ta grutste Nederlander foar kar nommen waard?
Om in bytsje by de tiid te bliuwen ha’k it neifolgjende betocht. Wa soe neffens jo yn de beneaming komme om útroppen te wurden ta grutste, moderne, Fryske, byldzjende keunstner? As jo soks yn de Moanne sette, ha je fuortendaliks fjouwer definysjeproblemen. Wat is grut? Wat is modern? Wat is Frysk? En wa is in byldzjende keunstner en wa is dat net? By grut giet it net om persoanlike skaaimerken. Der wurdt gjin ûnderskied makke tusken lyts, grut, smel en breed. In lytse Fryske keunstner kin in brede holle ha, mei in smelle noas en grutte flapearen. Grut betsjut hjir wichtich of belangryk. It giet om de keunst en de ynfloed dy’t dy keunst op oaren (hân) hat. Want it wêzen fan de keunst is yn alle opsichten antydemokratysk. It giet om de ferskillen. Ik en alle oaren dy’t mei keunst te krijen ha diskriminearje oan ’e rinnende bân. As kritikus is it sels jo fak.

It probleem modern kin omsyld wurde troch it begryp modern yn te ruiljen foar ‘20ste ieu’. Sa kinne Jan Mankes of Ids Wiersma bygelyks ek noch meidwaan. It probleem ‘Frysk’ lit ik oer oan it Fryske CDA en oare politike organisaasjes. Geografy docht yn de keunst amper ta de saak. Om’t it Frysk-eigene ek gjin tema is of ea west hat yn de byldzjende keunst, kin soks ek gjin grûn wêze om guon persoanen út te sluten. It iennige Fryskeigene is neffens my de Fryske taal. As de taal útstjert, kin de hiele boel sljochtwei opdûkt wurde. Om’t it berop fan byldzjende keunstner de lêste frijheid fan de kreative minske is, moat ek oer dat ûnderwerp swijd wurde. Ek hjir binne in soad roppenen en mar in pear útkarden. Dy útkarden binne yn Fryslân meastentiids deselden. Dêr is neat op tsjin, mar dy iensidigens hat in priis. As kritikus moat ik der foar warskôgje en oan earlike, persoanlike foarljochting dwaan.

Sa wie Willem van Althuis sûnder mis ien fan de grutsten, mar oft er ek de grutste is, docht der eins net ta. Hy hie it sels net wollen en dêrmei is de saak dien. Ut respekt foar syn erfskip is Willem van Althuis hors concours. Oaren binne wat dat oanbelanget minder beskieden. Sa krige ik okkerdeis fan de farske galeryhâlder Steven Sterk in konvokaasje oangeande in ‘Lytske Sjoerd’. Ik tocht oan in gleske bier, mar it gie oer it folgjende: ‘Gjin grutte offisjele tentoanstelling, mar in tuskentiids oersicht fan it nijste wurk fan de wichtichste Fryske keunstner op dit stuit, Sjoerd de Vries’. Syn boadskip is dúdlik: keunst is ek in produkt en marketing is alles.

Dat tinke se ek by de Erven Benner, dy’t pake net allinnich op sterk wetter setten ha, mar ek lykskeakele mei produkten as kofje en waskpoeier. Gerrit Bnr. bestiet net mear. It is spitich, mar it is net oars. As ik oan Gerrit Bnr. tink, moat ik frjemd genôch ek oan Harmen Abma tinke. Sy binne de iennige Fryske keunstners dy’t yn it standertwurk De Nederlandse identiteit in de kunst na 1945 út 1984 neamd wurde. En ek by Harmen Abma moat ik in persoanlik ferhaal kwyt. Yn de febrewarismoanne fan it selde jier 1984 hie Harmen Abma in knappe solotentoanstelling yn it Gemeentemuseum fan Den Haach. Ik koe mei Siebe Hansma meiride en sa bedarren wy op de iepening, dêr’t ek in soad oare Friezen wienen. De kater kaam twa dagen letter.

Moandeitemoarns kaam ik yn de kofjekeamer fan it Keunsthistoarysk Ynstitút yn Grins myn prof tsjin, Johannes Locher. Hy (dy’t letter direkteur fan dat selde museum wurden is) hie de tentoanstelling fan Harmen Abma tafallich ek sjoen. En sei – op syn beskieden toan – dat staleboeken fan Rath en Doodehever nijsgjirriger wienen as it wurk fan Abma. It wie in mokerslach, dy ’t myn hiele idee oer Fryske keunst op losse skroeven set hat. Yndirekt wie it ek it begjin fan myn ein as kritikus by de Ljouwerter Krante. Yn Grins wie alles op de wrâld en de wittenskip rjochte en foar pleatslike keunst wie eins gjin plak. Myn twifels op dat mêd binne nea hielendal ferdwûn. Noch hieltyd is it foar my de fraach oft de Fryske keunst of de keunst yn Fryslân wol in sûne takomst hat. De wrâld leit hieltyd mear iepen. Jonge keunstners geane nei de sintra dêr’t it te heljen is. Sa binne hjoed de dei stêden as Berlyn, Istanboel en ek Londen favorite plakken om te wurkjen en te wenjen. It binne gjin stêden mar metropoalen, dêr’t elkenien nij, frjemd en frij is. De globalisearring docht oeral syn wurk.

Jo kinne fansels in ‘wichtichste Fryske keunstnerwedstriid’ organisearje, mar efternei ha ik net it idee dat soks in soad opsmite sil. Myn lytse tûkelteammeparade bygelyks hat mear te krijen mei dy ferneamde gearkomste fan ’e Feriening foar Doarpsbelang te Wrâldsein út de bondel De duvel misbeteard fan Tr. Riemersma as mei in serieus stimadvys. Eins wol ik hielendalnet de skriuwer fan it Doarpsbelang wêze. De globalisearring en de fûnemintalistyske antykrêften dy’t dy ûntjouwing opropt (sjoch nei it Fryske CDA) binne net te kearen. De iennige manier om de keunst yn Fryslân te rêden leit yn it fêstlizzen fan har skiednis. Der moat (wittenskiplik) ûndersyk dien wurde nei de moderne keunst yn Fryslân. Der moat in kanon mei gesach komme. Oars is de saak op termyn net te rêden. As der noch – lit ús sizze – tsien jier ompield wurdt op it nivo fan it doarpsbelang, dan kin mear as 90 persint fan de Fryske keunst út de Fryske iepenbiere kolleksjes nei de dwinger fan it ûnderste laad ferhúzje.

Wa’t dat ûndersyk betelje moat wit ik net, mar út eigen ûnderfining wit ik wol dat de Fryske ynstellings dy’t dat wurk dwaan of organisearje moatte sa earm as in lûs binne. It is ek in saak fan prioriteiten. Wêrom soene jo jild yn in projekt ynfestearje, dat dochs amper takomst hat? Yn sa’n ûndersyk soe royaal romte wêze moatte foar alle keunst en keunstners dy’t de keunst yn Fryslân fitaal holden ha. Sa soene je de ferneamde mar fergetten ‘Sitewaasjes’ fan De Bende fan de Blauwe Hân út 1965 en de ynfloed fan Fluxus yn Fryslân beskriuwe kinne. Dat ha Rinze Klinker, Meindert de Vries, Harmen Abma, Josun Walstra, Lucy Radelaar-en-dy wol fertsjinne. Der soe bygelyks ek royale oandacht foar alle keunstners wêze moatte, dy’t yn it sok fan Gerard (van het) Reve, Nico Verhoeven en Judith Boer nei Fryslân kamen. Wa kin se noch? Simon van Biesbroek, Geert van Fastenhout, Henriëtte van’t Hoog, Fred Sötebeer, Sylvia Steiger, Fritz Rahmann, Geert Duintjer, ensafuorthinne. Allegear wichtige Fryske keunstners út de jierren santich, dy’t de keunst fan doe kleur en nivo jûn ha.

Immen dy’t ek net fergetten wurde mei is Huug Pleysier. Hy krige fan’t simmer mei de tentoanstelling ‘Vorm(en)taal; een
veelzijdig portret van Huug Pleysier’ noch in postúm salút yn it Harmoniegebouw te Grins. Huug Pleysier (Rotterdam, 1944 – Grins, 2000), dy’t tsien jier fan syn libben yn Drachten en Boarnburgum wenne hat, wie yn alle opsichten in bern fan syn tiid. Hy hearde ta de hippy-generaasje fan de jierren sechstich, of de ‘Aussteigers’ sa’t se yn Dútslân neamd wurde, dy’t Fryslân foar it paradys op ierde oanseagen; in Nirwana dêr’t se harren oerjaan koene oan de ‘vrije expressie’ en dêr’t se yn alle frijheid oan harren selsferwurkliking as keunstner en as minske wurken.

Huug Pleysier wie ek ivich en altyd op syk nei it wêzen fan syn bestean, dat slim tekene waard troch in folslein fernielde relaasje mei de boargerlike bûtenwrâld. Yn 1970 festige er him mei syn frou yn Fryslân. Mar de stilte wie te benearjend. Om’t er him hieltyd mear weromluts en op him sels werom smiten waard en om’t er op ’t lêst hielendal in kluzener waard, rekke er mei himsels yn ’e tiis. Syn iensumens waard fersûpt yn de drank. Ek oare ‘ymmigranten’ út it westen koenen of woenen har net oanpasse; mar net ien hat der sa slim ûnder lit as Huug Pleysier.

Yn 1982 hie er in grutte eksposysje yn it Coopmanshûs te Frjentsjer. By dy gelegenheid haw ik him ris opsocht yn syn souderswenning yn de Boteringestraat yn Grins, dy’t tagelyk atelier wie. It like oft er in binnenbrân hân hie, sa swart wie alles. Letterlik alles siet ûnder de drukinkt. Oeral leinen steapels printen en de man sels wie folslein blokkeard troch myn komst. Om’t er in skonk brutsen hie, koe er him min bewege, mar soks koe ek oan de drank lizze. It wie in griis. En ik wist ek net wat ik him freegje koe. Nei in healoere haw ik mar sein dat ik noch wat oars hie, dy moarns.

De grafikus Huug Pleysier wie in ekspresjonist yn ieren en sinen. As keunstner woe er syn gefoelens uterje, mar om’t alle bannen mei de wenstige bûtenwrâld trochsnien wiene, koe er him allinnich mar uterje yn de bylden en tekens, dy’t er yn syn etsplaten kraste. Keunst wie syn iennige kommunikaasjemiddel. Foar de bûtenwacht dy’t net fertroud wie mei syn automatysk hânskrift, syn persoanlike taal, wienen dy bylden en tekens ûnbegryplik. Dêrby kaam noch dat Pleysiers ‘unike’ tekens faak út syn ûnderbewuste weikamen. Meastentiids wist er efternei net mear wat er oantsjutten hie. Ja, Huug Pleysier wie goed yn it ferjitten.

Gâns minder wie dat syn wurk faak op ien bulte smiten waard mei dat fan Anton Heijboer, dy’t yn inselde isolemint siet en op in fergelykbere, elemintêre wize om oandacht frege. Pleysier moete Heijboer pas in 1978. Huug Pleysier is der net mear, mar syn eigensinnige en komplekse wurk freget noch altyd ús oandacht en wurdearring. It heart ta de keunstskiednis fan Fryslân.

Earder ferskynd yn de Moanne 4 (2005) 9 (novimber) 18-21.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels