Hûn

KAREN BIES – 

Syn eagen litte my net los. Troch de traaljes sjocht er my oan: ‘Wat haw ik ferkeard dien dat ik hjir sitte moat? Ik wurd gek hjir, fan dat lytse kefferke links en dy lulke rotsak rjochts. Doch de doar iepen en nim my mei.’ In smekende, mar tagelyk berêstende blik.

Us hûn fan froeger koe presys sa sjen, as er achter de skiep oan sitten hie. Of as er skite moast, altyd krekt foar in winkel of foar ús eigen achterdoar, wylst wy dochs in grut hiem hiene, mei in aparte skythoeke. Hy die de rêch krûm en sette syn ‘ik kin der neat oan dwaan’–blik op, wittend dat er op ’e bealch krije soe. Hy wie sa gek as in sint en wy holden fan him, om syn leave brune eagen en gewoan omdat it ús hûn wie.

Letter haw ik noait wer in hûn hân. Ik hâld fan bisten, dêrom wol ik gjint. De hûnen fan ús achterbuorlju blaffe oan ien tried wei as se allinnich thús binne. Dat duorret soms de hiele moarn. Ik doch de radio oan om it net te hearren. Ik griis fan ferhalen oer trochfokte rashûnen, lykas dy Cavalier King Charles Spaniels, ek wol Pim Fortuyn-hûntsjes neamd. Harren kopkes binne te lyts en dêrtroch hawwe se de hiele dei pineholle. By Pim Fortuyn koe ik my dêr wol wat by yntinke.

Hûnen binne yn it nijs dizze wike. Ik bin yn asyl De Wissel yn Ljouwert omdat no ek húsdieren slachtoffer binne fan de krisis. Minsken ha gjin jild mear om se fatsoenlik te fretten te jaan of om dermei nei de bistedokter te gean. Sike bisten wurde bûtendoar dumpt. Yn it asyl wurde se wer oplape en sitte se alle dagen yn in koai te wachtsjen op in bak mei brokken, en wat ôflieding. Dat lêste krije se hjoed yn ’e foarm fan in sentimintele ferslachjouster en in kameraman, harren spegeljend yn de grutte brune eagen fan in hûn dy’t it lang sa goed net troffen hat as uzes eartiids. Ik lês dêryn, as wie it Obe Postma: ‘Doch de doar iepen, dan gean ik mei dy mei en rinne wy oer it Kealledykje en noch fierder. Lit my drave oer de hiemen, troch de lannen, achter de skiep oan. En lit my skite wêr’t ik wol.’

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.