Benaud foar it Hollânsk

HENK WOLF – 

Skriuwe jo ‘gearkomste’ of skriuwe jo ‘fergadering’? Grutte kâns dat jo kieze foar de earste foarm. Yn it Standertfrysk is ‘fergadering’ min ofte mear yn ‘e ban dien. Sa’n wurd, dat dúdlik sjen lit dat it fan Hollânsk komôf is, beskôgje Fryskskriuwers manmachtich as ‘min Frysk’.

Ik kin net folle minsken dy’t har ôffreegje wat ‘min Frysk’ no krekt betsjut. Of in bytsje oars sein: net folle minsken freegje har ôf wêrom’t ‘gearkomste’ no safolle better is as ‘fergadering’. As ik minsken dernei freegje, komme se soms wat stammerjend mei de foarsichtige suggestje dat ‘gearkomste’ de echte, âlde Fryske foarm wêze moat en dat it Hollânske ‘fergadering’ dat stikje taalerfskip út it stee wrot.

Dat is net sa. ‘Gearkomste’ is helendal net in âld wurd. It is yn ‘e 19e ieu betocht as puristysk alternatyf foar ‘fergadering’, dat doe al in pear desenniums yn ‘e moade wie. En net sa heel folle letter kaam it Ingelske ‘meeting’ op as alternatyf.

Wat Friezen gauris net yn ‘e rekken ha, is dat it Hollânsk op twa manieren ynfloed útoefenet op it Frysk. Ien manier kinne wy allegear wol betinke: ûntliening. Sa is yn de 20e ieu it Hollânske ‘neus’ yn it Frysk bedarre en it wurd ‘been’ liket no yn it opkommen te wêzen en ‘foet’ en ‘skonk’ stadichoan fuort te drukken.

It Hollânsk beynfloedet it Frysk lykwols ek trochdat Friezen ophâlde mei it brûken fan tige gewoane wurden, om’t dy lykje op in Hollânsk wurd. By ‘fergadering’ gong it noch om in lienwurd dat guon Friezen mije woenen, mar party Fryskskriuwers mije sels wurden fan it type ‘elkenien’, ‘heel’ en ‘it bosk’, wylst dy al langer yn it Frysk foarkomme as de populêre alternativen ‘eltsenien’, ‘hiel’ en ‘de bosk’. Sa net, mar de lêste twa foarbylden ha it sels noait fierder skopt as de Wâlden. Op ‘e Klaai ha se it altyd oer ‘heel’ en ‘it bosk’ hân.

Wat is ‘min Frysk’ dan, as it net it Frysk is sa’t dat earder praat waard? Om in bytsje flau te begjinnen: ‘min Frysk’ is dat Frysk dat net ‘geef’ is. En wat ‘geef’ is, dat meitsje de makkers fan de Fryske learboeken en neislachwurken út. De Afûk hat wat dat oangiet in tsjokke finger yn ‘e brij, mar ek de wurdboekmakkers fan de Fryske Akademy en de learboekmakkers fan Cedin dogge mei. En foar in grut part skriuwe sy hast sûnder krityk al mear as in heale ieu inoars wurk oer.

In foarbyld: taalûndersikers witte dat de wurden ‘ea’ en ‘nea’ al yn 1700 útstoarn wienen. De Friezen hawwe sa’n oardel ieu lang allinne mar ‘oait’ en ‘noait’ brûkt, oant in pear 19e-ieuwers betochten dat dy wurden der wat te Hollânsk útseagen. Doe binne de liken ‘ea’ en ‘nea’ opdold, trouwens ek noch mei in justjes oare betsjutting as dat se foar 1700 hienen.

It is my net yn ‘e wei as minsken leaver ‘gearkomste’ skriuwe as ‘fergadering’, mar it is my wol yn ‘e wei as se dat dogge, om’t se tinke dat se dêrmei tichter by in âlde faze fan it Frysk bliuwe. Hollandofoby is ek in foarm fan Hollânske ynfloed op it Frysk en ik hoopje dat de makkers fan de noarmen foar geef Frysk dêr ris wat dúdliker oer wêze soenen.

Comments
2 reaksjes oan “Benaud foar it Hollânsk”
  1. ids talen schreef:

    Moai ferhaal Henk. Of soe it wurd ‘ferhaal’ no ek al yn dyn analyse tahâlde kinne? Mar dit fansiden.
    Ik herken my hjir wol yn Henk. Sa njonkenlytsen wurdt it foar ús wol hast in hiele opjefte, ‘heel’ dreech, om
    noch witte te kinnen wat no gewoan goed Frysk is en wat net? Guon minsken duorje yn tsjinstelling mei praten,
    net iens Frysk te skriuwen, sjoen it lytse oantal minsken dy’t aktyf skriuwe op bygelyks Facebook.
    Falske skamte koe dêr bêst wolris in ferklearring foar wêze kinne., benaud om flaterkes te meitsjen.
    Foar it gemak kieze se der dan mar foar om yn it Nederlâns te skriuwen; alteast dat is myn fermoeden.
    Want foutleas Nederlâns fielt dan wat feiliger oan as ‘Frysk mei foutsjes’. En soks is spitich.
    Want neist it praten is it skriuwen fan dyn taal like wichtich om dat foar de takomst yn stân te hâlden.
    Mei it skriuwen sitst’yn’e holle yn dysels te praten, om de wurden yn skrift del te setten.
    Dat it giet sadwaande dûbeld op. En dat alles stimuljearret it taalgefoel mei as risseltaat, dat minsken wat makliker
    mei de Fryske taal omgeane. Mar dan moat der fansels net troch taalpuristen oer seurt wurde as minsken flaterkes meitsje of lienwurden gebrúke. Soks jaget minsken fuort, yn de earms fan it Nederlâns of it Ingels.
    As it no as konkluzje sa is, dat taalpuristen en/of taaleamelders mear skea oanrjochtsje as dat se goed dogge,
    moat dêr dan net troch de ûnderskate ynstitúten dy’t harren mei de Fryske taal dwaande hâlde wat oan dien wurde? De emansipaasje fan de Fryske taal?
    Lit minsken harren bewust wurde om it Frysk te praten en te skriuwen sa’t it harren “foar de bek” komt, sûnder
    dat hja der skamte om ha moatte. Dat makket dat taal ta libben komt, dat it in proses fan feroaring trochmeitsje kin.
    Úteinlik sil der dan yn de takomst in oare “Fryske Taal” komme. En sa heart dat ek.

    Mei freonlike groetnissen fan: Ids út Boazum

  2. Lammert Dijkstra schreef:

    Bêste Ids, ik kin in hiel ein mei dy oprinne as it giet om it stypjen fan it Frysk troch it skriuwen fan ús memmetaal. Mar je kinne net samar op ‘e dolle rûs mar wat yn it wylde wei opskriuwe sûnder je dwaande te hâlden mei de krekte stavering! En ik praat/skriuw no op persoanlike titel as berne Fries en as lesjouwer Frysk. Sûnder regels (stavering, grammatika, taaleigen) is it amper mooglik les te jaan, dan wurdt it anargy en in janboel mei ús taal. Lykasto sels ek wol witte silst, sitte der noch wol wat staveringsflaters yn dyn/jo skriuwen en dat mei ek wol. Troch flaters te meitsjen, leare je de taal te skriuwen. Tusken Frysk praten en skriuwen sit in grut ferskil en dat wurdt hieltyd grutter troch de tanimmende ynfloed fan (benammen) it Hollânsk. Dat is dreech te kearen, mar dat wol net sizze dat wy ús dêr dan ek mar by dellizze moatte. Brûk it Frysk, brûk it faak en as it kin, brûk it goed, dan silst sjen dat it Frysk hieltyd moaier wurdt.

    Mei rju achtinge,

    Lammert Dijkstra, Nijhoarne.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.