‘Hobbyrockers’? Yn ’t Honk yn Drylts: dêr wurdt hobbyrock makke

TSJOMME DIJKSTRA – 

Op in stuit komt der in âldere man mei in santich jier âlde gitaar de soos ’t Honk yn Drylts yn. De muzikanten dy’t oant it oefenjen binne, fange de man op. Lieder Jeroen Booy is gau út de ried: hy wol de man graach by syn ploech ha. “Hij speelde drie akkoorden. Dat is prima, dat is ook waar Elvis mee begon.”

In moanne as twa lyn is it trajekt hjir úteinset. In kleurrike en mingde groep muzikanten brûkt de soos as útfalsbasis om te repetearjen yn it kader fan de Rockskoalle. It idee fan de Rockskoalle – trije jier lyn begûn yn Noard-Hollân – is om hobbymuzikanten by-inoar te bringen en as groep muzyk meitsje te litten, foar publyk. Yn Drylts is it in trochslaand sukses. Yn de koartste kearen wie der yn de soos in groep fan fyftjin minsken by mekoar.

 

“Slaapkamervirtuozen zijn het eigenlijk.”

 

Wa’t entûsjast is, kin him oanslute. Teminsten, der wurdt wol earne in limyt steld oan de grutte fan de groep, warskôget Booy. Oft se no in pear gitaarakkoarden spylje kinne of sjongerfaring hawwe fan it tsjerkekoar; wichtich is dat de minsken motivearre binne om yn in koarte tiid wat moais mei in groep del te setten. ‘Hobbyrockers’, sa waarden de muzikanten inkelde wiken lyn neamd yn de Leeuwarder Courant. Dy namme soarge noch foar betizing; jo skriuwer tocht sels dat dizze groep muzikanten ein novimber as Hobbyrockers op festival Explore the North spylje soe. Oan de ein fan de moanne begjinne se nammentlik mei har koarte toer fan sa’n seis optredens, yn kafees, popsealen en fersoargingshuzen.

Nei in skoftke die lykwols bliken dat dat optreden yn de Friesche Club troch de Hobbyrockers út Grins ynfolle wurdt. It soe miskien ek in wat al te ambisjeus doel west hawwe foar de muzikanten? De groep stiet likegoed aanst wol yn it Bolwerk yn Snits. Miskien kinne se Explore the North oar jier oan. “We hebben een grote bezetting, ik hoop dat we lang doorgaan. Het brengt heel veel lol”, reagearret gitaardosint Lammert Postma út Drylts dy’t ek behelle is by it lokale inisjatyf.

De muzikanten leare yn koarte tiid mei-elkoar in tweintich tal rock- en popnûmers te spyljen. Gitarist en drummer Jeroen Booy komt elke wike út Noard-Hollân nei Drylts om de groep yn de rol fan muzikaal lieder te ynstruearjen en ta te rieden op en klearmeitsjen foar harren publyksoptredens. As it om erfaring giet, is der yn Nederlân hast gjin bettere muzykdosint te finen. As drummer siet Booy earst tolve jier by Roberto Jacketti & the Scooters en dêrnei sânentweintich jier yn The Scene, de groep dy’t yn 2014 mei frontman Thé Lau, dy’t slim siik wie, in searje ôfskiedsoptredens joech.

Booy begûn mei muzykworkshops op skoallen. “Ik kreeg op een gegeven moment de vraag of ik dat wou doen. Het stokje doorgeven. Ik begong met een heel gestructureerde les, maar op die basis ben ik niet lang doorgegaan. Een band speelt ook niet van een blaadje.”

Wat er doe foar jongerein die, docht er sûnt in skoftke ek foar de âldere muzikanten, fan yn de fjirtich, fyftich en sechstich. De muzikant hâldt der net fan om yn dit ferbân de term senioren te brûken. “Slaapkamervirtuozen zijn het eigenlijk.”

Dêr’t Booy sels eins ek fan jongs ôf oan foar publyk spile, hat er no dus te krijen mei minsken dy’t aanst wat dwaan moatte dat se nea earder dien ha. Booy: “Ik heb in de bands een tournee door de Oostbloklanden gedaan en we hebben overal in Italië gespeeld. We hebben op podia voor duizenden man gespeeld. Maar met het publiek vlak voor je, dat is toch het spannendst.” Foar sjongeres Astrid Postma is it hielendal nij. Oft se it aanst oandoart, se kin it har noch net goed ynfiele. “Ik heb een les gehad, dus het is nog te vroeg om er iets over te zeggen. Wel heb ik vroeger met dans voor publiek opgetreden. We zien wel hoe het gaat.”

Der leit in hiele útdaging om de groep hobbymuzikanten yn in pear wiken ta te rieden op in toer. Fyftjin hiel ferskillende minsken dy’t yn deselde romte brocht wurde. Hoe bringe je dy op itselde spoar? Dat begjint mei goeie ôfspraken, seit Booy. “Het moest meteen helder zijn we met elkaar zouden willen gaan doen. We bakken het in vijftien repetities. Dat was meteen duidelijk, dat we vijftien repetities en zes concerten zouden gaan doen.”

Allegear hawwe de muzikanten grif ek har eigen muzyksmaak. Booy makket dêrom de spyllist, dan komt dêr ek gjin gedoch oer. “Sommigen zouden nooit hebben gedacht dat ze ooit iets van Red Hot Chilli Peppers zouden spelen of dat ze muziek van Elvis spelen.” Booy stiet der net allinnich foar. Mei de administatieve kanten wurdt Booy bystien troch Eveline de Wit en sjongeres Karin Stam assistearret foar it sjongen. Booy: “Het is de bedoeling dat iedereen straks een nummer heeft om te shinen.”

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.