Hjerst

Achte Meneer Aart,

Trije bern ha wy. En alle trije krigen se dizze dagen yn harren kennisenkring de dea oan ‘e doar. De iene stoar troch sykte, de oare yn in auto, de tredde die it sels. Tsien jier, achttjin jier, fyftjin jier. I recall: tsien, achttjin, fyftjin jier jong.

De hjerst is betiid, fan’t jier.

Alle trije sielen wennen binnen in straal fan tsien kilometer fan jo apelbeam. Alle trije sille se grut wurden wêze mei Sesamstraat, Klokhuis, het Sinterklaasjournaal. En harren heit en mem mei Ome Willem, J.J. de Bom, De Stratemakeropzeeshow miskien. Foar allegear wienen jo grif in ikoan. De wat noartske, mar hertstochlike hoeder fan it bern yn de grutte minskewrâld.

De hjerst is noch lang net foarby. Der sil noch in soad blêd út de beam falle. Mar lit it asjeblyft net it jonge blêd wêze.

Aldergelokst binne we jo fannewike net kwytrekke, mar de skampearring brocht my der dochs ta om nochris nei dy útstjoering te sjen oer jo tv-libben. En op ‘e nij waard ik rekke troch al dy prachtige programma’s, dy sterke sênes, dy moaie types. Mar foaral dat hillige fjoer fan jo. Dy oertsjûging dat folwoeksenen harren bern gjin prinsessekastieltsjes foarspegelje moatte, mar in échte wrâld, mei al syn skaadkanten. En dat wy bern dêrom ek de romte jaan moatte om lekker dwers en ferkeard te wêzen. Want in bern dat de realiteit net akseptearret komt yn opstân en helpt de wrâld foarút. Allinnich sa komme we fierder.

En dus stiet jo libben folslein yn it ramt fan it bern. Lizze jo al dik fjirtich jier de grutte tema’s út, litte jo se laitsje en gûle mei ferhalen oer poep en pies, oer sykte, leafde en dea. In wichtiger man yn de Nederlânske televyzjeskiednis is der miskien wol net, wat dat oanbelanget. Dronryp kin grutsk wêze dat in Meneer as jo him hjir nei wenjen set hat. Flakby it bertehûs fan Eise Eisenga noch wol, de man dy’t presys itselde die as jo: ôfweve mei falske stichtlike praatsjes en sjen litte hoe’t it echt sit.

No makke de swiertekrêft hast in konjunksje fan jo. Meie we dêr bliid om wêze, dat jo sparre bleaun binne? As yn dyselde snuorje de kanker, in beam en in trein trije jonge libbens as sloopkûgels stikken reage hawwe? Ha dy earme húshâldens dêr’t it fertriet alle soerstof út de keamers opbaarnt dêr wat oan?

Ach, domme prakkisaasjes. Yntelliginte gedachten bestean nammers ek net by dit soarte fan drama’s. We prate deroer, tinke deroer nei, pakke dermei om, hâlde it net droech, mar komme net ta in ferklearring dy’t fertriet as dit te plak bringe kin. Presys sa’t jo ús dat yn al dy programma’s bybrocht ha.

Bern dogge dat folle better. Dy gûle, laitsje, gûle en laitsje. Gewoan om bar, folút en fol oertsjûging. By it gûlen skamje se har net, by it laitsjen fiele se har net skuldich. Har emoasjes binne noch net troch de compressor-limiter fan de tiid helle. En jo ha se yn al dy televyzjeprogramma’s sjen litten dat harren direkte gefoels-systeem folle better doocht as uzes.

De hjerst is noch lang net foarby. Der sil noch in soad blêd út de beam falle. Mar lit it asjeblyft net it jonge blêd wêze.

En lit de Rypsters alle fangnetten dy’t yn de omkriten te krijen binne sammelje en om jo fruitbeammen hinne spanne, sadat dat iene âldere blêd tenei feilich falle kinne. As de moaiste trapeze-act fan Circus Waltz.

 

Bart Kingma

Comments
5 reaksjes oan “Hjerst”
  1. Jan Klaas schreef:

    Oan Bart,
    Moai skriuw!!
    Jan klaas Faber

  2. Inez Timmer schreef:

    Hoi Bart, wat in prachtig stik is dit. Respekt. Groetnis, Inez.

  3. Jan Jacob en Hilda schreef:

    Bêste Bart,

    Tige tank foar it skriuwen fan dit prachtiche stik. Foar guons is de hjerst fierstente betiid yngien. By the way, moai stikje oer Aart. Groetnis!

  4. Anke van Dijk schreef:

    Bart Kingma,
    wat in tekst, dêr wurde je suver efkes stil fan. Wat moai skreaun.

  5. JOhan Dalstra schreef:

    Warm geschreven Bart. Als buurman zorg ik dat Aart dit te lezen krijgt en wij laten Aart de boom niet meer ingaan; hij heeft nu een knipschaar met een vangnetje.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.