In hiel libben yn in Eintsje Libben

NYNKE VAN DER ZEE – 

Foar syn toanielstik Eintsje Libben (Tryater) nimt Rients Gratama sneon 14 desimber yn it Hûs foar Amateurkeunst yn Ljouwert de Fedde en Martha Bergsma Priis 2013 yn ûntfangst. Eintsje Libben wie Gratama’s earste selsskreaune stik en smiet yn 2008 as foarstelling fan Tryater fuortendaliks hege eagen. It stik waard nominearre foar de Toneel Publieksprijs yn 2009 en krijt no de Fryske toanielpriis. In moaie erkenning, mar net essinsjeel fynt de skriuwer sels. ‘In priis is moai, mar mei nea de reden foar it skriuwen fan in stik wêze.’

Fiif jier nei’t Rients Gratama, Jan Arendz en Alyt Damstra mei Eintsje Libben op ‘e planken stiene, krijt de skriuwer dit wykein de priis oerhandige. Hy is der wiis mei. ‘Ik ha it stik skreaun omdat dit ferhaal simpelwei út myn holle moast. It lei al sa lang te wachtsjen om opskreaun te wurden en doe tocht ik op in dei: no begjin ik der oan. Net mei in foaropset doel, mar gewoan omdat ik ferhalen dy’t yn my sitte, fertelle moat. Yn de foarm fan in kabaretfoarstelling, in musical of toanielstik is; it makket my eins net sa folle út. Jawis, elk fakgebiet hat syn eigen spesjalisme, mar ik bin in man dy’t him lestich yn hokjes fange lit. Lit my mar leaver fertelle.’

Slipe yn it ûnthâld
It stik Eintsje Libben fertelt it ferhaal fan twa al wat âldere manlju dy’t dy moarns har frou begroeven ha. De iene wie mei har troud, de oare hold fan har. De iene wie dirigint, de oare boekhâlder. Se pleagje inoar, daagje inoar út, laitsje en gûle tegearre. En dat allegear op in keale seedyk oan it wetter. As der ûnferwacht in jong famke lânskomt en har ûngemurken mingt yn it petear, blykt de wierheid oars as alle trije haadrolspilers fan tefoaren tinken kind hienen. It ferhaal ûntjout him ta in wûnderlike puzel wêryn’t alle stikjes oan ‘e ein in ferrassend einbyld foarmje. Mei linige, poëtyske taal wit Gratama humor en emoasje treflik te fangen. Kabaret en toaniel yn ien jaske.

Ik bin in man dy’t him lestich yn hokjes fange lit

It ferhaal liket folslein fantasije, mar neat is minder wier. As jonkje fan 8 jier sjocht Gratama, yn de Twadde Wrâldoarloch wenjend yn it lytse doarpke Pingjum, mei eigen eagen hoe’t jonges en famkes út it Westen mei honger yn ‘e mage oer de Ofslútdyk komme. Op syk nei iten en in nije takomst yn Fryslân. It makket djippe yndruk op him en de ferhalen dy’t er yn it doarp fan oare bern heart, slypje ûnferjitlike herinnerings yn syn ûnthâld. Bygelyks it ferhaal oer it famke dat by in likwidaasje delsketten wurdt yn stee fan har heit. Alle bylden foarmje rom sechtich jier nei dato meiinoar de basis foar it stik Eintsje Libben. Gratama: ‘Ast it sa besjochst, sit myn hiele libben der yn.’

Djippere boadskip
As Gratama it toanielstik yn 2007 foarleit oan Jos Thie fan Tryater, is dy ta ferwûndering fan Gratama sels wakker entûsjast. Op eigen fersyk kriget Gratama ek in rol yn it stik. ‘Tidens it skriuwen hie ’k dizze rol net sa sear oan mysels tadichte, mar doe’t it einresultaat op myn buro lei, tocht ik wol: hjir soe ’k sels mar altegraach oan mei dwaan wolle.’ Under lieding fan regisseur Ira Judkovskaja bringe Gratama, Arendz en Damstra it stik yn 2008 foar it fuotljocht. Muoite om him net mei de úteinlike foarm te bemuoien, hie Gratama nei eigen sizzen net. Hy laket: ‘No ja, net, net, net… Ik wit dat in skriuwer úteinlik syn hannen fan in stik helje moat wannear’t de regisseur der mei oan ‘e slach giet. Mar ast én skriuwer én spiler bist, dan is it wolris lestich. Mar ik ha besocht my der sa min mooglik mei te bemuoien.’

Wa’t Gratama syn wurk ken, wit dat er him net dwaande hâldt mei de syktocht nei ‘in djippere boadskip’. Hy skoddet de holle. ‘Dat is simpelwei myn pakkie an net. Ik bin der net om minsken it goede paad te wizen of de wrâld te ferbetterjen. Wy moatte ús behoedzje foar al dy djippere boadskippen, want dêr ha wy as dûmnyfolk wol in bytsje in hantsje fan.’ Syn doel is helder: spanning en dialooch sa ferwurdzje dat it in ynteressant gebeuren wurdt. In drama mei in bepaalde betsjutting. ‘It ferhaal fan it stik is op himsels al yndrukwekkend genôch. Dêr hoecht gjin “moraal fan it ferhaal” mear oan tafoegd te wurden, fyn ik.’

Sa lang as de kop it noch goed docht, bliuw ik myn ferhalen fertellen

De hâldberheidsdatum foarby
Eintsje Libben wurdt yn 2008 nominearre foar de Toneel Publieksprijs fan 2008/2009. De titel giet úteinlik oan Gratama’s noas foarby, mar wurdt fiif jier letter mear dan goed makke troch de Fedde en Martha Bergsma Priis. ‘Jawis bin ik no ekstra grutsk’, laket Gratama. ‘Mar in priis winne wie foar my nea de reden om mei it stik te begjinnen. En it is ek net de motivaasje om fan no ôf noch mear toanielstikken te skriuwen. Wat komt, dat komt, sis ik altyd mar. Wat jim noch fan my ferwachtsje kinne? Ik doar it net te sizzen. Ik bin de hâldberheidsdatum hast foarby, mar sa lang as de kop it noch goed docht, bliuw ik myn ferhalen fertellen. Yn watfoar foarm dan ek.’

In boekje mei de tekst is hjir te keap!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.