Hidde Dirks Kat

Publisearre op 1 december 2016

ERNST BRUINSMA – 

Guon fan ús miene dat 2018 wichtich is omdat Ljouwert dan Kulturele Haadstêd is. Mar mogelik komt der noch in feestje oan want 2018 soe ek wolris it jier fan Hidde Dirks Kat wurde kinne. Wa seinen jo? Yn 1818 ferskynde in fassinearjend deiboek oer de skipsreis fan de Amelanner Hidde Dirks Kat nei Groenland. De titel wie: Dagboek eener reize ter walvisch- en robbenvangst gedaan in de jaren 1777 en 1778.

 

As it oan Egberta Veenhuizen en fotograaf Dolph Kessler leit, is dit noch mar it begjin.

 

Yn 2008 waard dit deiboek alris werprinte ûnder de titel De Amelander Walvisvaart en no freegje in alvetal dichters én keunstneres Egberta Veenhuizen op ’e nij oandacht foar dit sa ta de ferbylding sprekkende en oangripende deiboek. Dat docht elk troch op in fragmint út it deiboek te reagearen. Peter van Lier tekene foar de koarte ynlieding op it boekje.

Ut Fryslân dogge trije dichters mei oan it projekt: Tsead Bruinja, Anne Feddema en Bartle Laverman. De oare dichters binne: Pim te Bokkel, Hans Dekkers, Hanneke van Eijken, Annemieke Gerrist, Lucas Hüsgen, Saskia Stehouwer en Han van der Vegt.

As it oan Egberta Veenhuizen en fotograaf Dolph Kessler leit, is dit noch mar it begjin. Sy hawwe op it Amelân dit jier yn museum Sorgdrager in romte ynrjochte as ‘buro HDK 2018’ en wolle fan dêrút folle mear plannen meitsje rûnom dizze yntrigearjende man en syn net minder yntrigearjende deiboek.

 

‘Op de breuklijn van het ijs’. Foarmjouwing Kaneli & Smit. ISBN 978-90-821873-7-3. Sjoch foar de útjefte www.mauritsheech.blogspot.nl en sjoch foar it projekt www.hdk2018.nl

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels