Hendrik ten Hoeve, ferhaleferteller

ERNST BRUINSMA –

Hendrik ten Hoeve (1945) is ûnderwizer, ferteller fan ferhalen en al sûnt 1974 lid fan de gemeenteried yn Ljouwert. Hy is in oertsjûge lid fan de PvdA, mar ‘se’ dogge it him net altyd nei it sin. Hy is fral bekend om syn ferhalen oer de skiednis fan Ljouwert by Omrop Fryslân en de lokale omrop Mercurius. Ik bin by Hendrik ten Hoeve om te praten oer syn samling fan goed 40.000 boeken, mar fansels giet it by dy rasferteller oer safolle mear as oer boeken: ‘Ik mei de minsken graach wat fertelle, harren wat bybringe’.

Ten Hoeve wennet midden yn Ljouwert, yn in prachtich âld winkelpân. Ik belje oan en hy lit my deryn fia in parlofoan. Troch omstannichheden moat Ten Hoeve sels boppe bliuwe, mar in krêftige stim praat my ienfâldich it hûs troch nei de earste ferdjipping. Dêr sit hy yn syn wen- en wurkkeamer woldiedich in sigaar te smoaren en stekt fuortendaalk fan wâl. In fleurich begjin fan wat in lang petear wurde sil. Wy ite ûnderwilens tegearre eigenmakke sop, ik mei troch syn hûs (in museum gelyk) dwale en as ik oeren letter wer bûtendoar stap, dûzelt it my fan de ferhalen, de sigarereek en syn lûde, mar ek wol wer waarme stim.

Altyd yn Ljouwert wenne

Hendrik en syn twillingbroer Sytse ten Hoeve binne berne en opgroeid yn de binnestêd fan Ljouwert. Heit hie in fiskwinkel. Se wiene fertroud mei it drokke libben fan in lytse ûndernimmer. De merk om de hoeke. De ferneamde âld-Philipstopman Cor Boonstra wie in buorjonge, krektlyk as de bokser Rudy Koopmans.

Heit wie in bysûnder man. ‘Us heit lies in soad yn it wurk fan Multatuli. Ik ha de fjirtjin dielen fan it sammele wurk (dy blauwe bannen) hjir noch altyd te stean. In man fan kultuer. Hy spile ek fioele, de iene kear wie it in wurk fan Beethoven, mar it koe likegoed ek ‘Als op het Leidseplein de lichtjes weer eens branden gaan’ wurde. Dy ferskillende kanten hie er ek op oare terreinen: hy prate leafst Ljouwerters, mar oerdei prate hy wat de klanten praten. Hy wie wol sosjalist, mar net lid fan in partij. Hy wie in ateïst, mar koe de bibel út ’e holle. De winkel gie foar alles, dus wy mochten ek net in affysje fan it sirkus foar it rút hingje: ‘geen aanstoot geven’.’

As bern útfanhûze Hendrik ten Hoeve in soad yn de Súdwesthoeke, want syn mem kaam fan Ealahuzen (earder Nijegea hon). Hy sil altyd wol yn Ljouwert wenjen bliuwe, mar de langstme nei it plattelân fan syn jeugd bliuwt. It griist him dan ek oan dat der allegear ‘megalomane’ plannen ûntwikkele wurde foar de Súdwesthoeke. ‘It is in bestjoerdersprobleem, fan boargemasters en wethâlders. Bestjoerders wolle skoare. Nescio sei al “God zou ze!”. Neffens Arno Brok, boargemaster fan Snits, moatte der 200 wenningen komme, plus in grut rekreaasjekompleks by Heech (ynklusyf golfbaan en skyhelling), no, dan geane by my alle hierren oerein. As jonkje stie ik op de dongbult by ús omke achter de pleats en koe sa oer De Fluessen sjen: gjin seiltsje te bekennen. Mar no? No sit der in Dútser te sjongen yn de sitkûle op it plak dêr’t beppe foarhinne siet.’ De idylle is wreed fersteurd. 

‘Ik leau dat minsken identifikaasjepunten nedich hawwe. Jo moatte witte wêr’t jo wei komme.’

Skoalle

Ten Hoeve fielt him yn it foarste plak echt in skoalmaster. Obe Postma skreau al: ‘Ik bin mar sljochtwei master yn ’e stêd’. ‘Mar it wie net de bedoeling. Ik fûn doe’t ik lyts wie dat de krytsjes sa skrasten op it boerd. Ik woe eins, krekt as ús heit, fiskkeapman wurde. Mar heit fûn dat ik fierder leare moast. Doe binne Sytse en ik nei de mulo ta gien en letter nei de kweekskoalle.’

‘Ik hie net safolle mei vpro-bern. Ik hie it leafst wat “boefkes”. “Ik tem”, seit Bint yn it bekende boek fan Bordewijk. By my yn de klasse hong in buordsje “Bij mij mag iedereen doen wat ik wil.” Autoritêr! Mar we hienen it meastal wol gesellich. Ik fyn it freeslik dat ik yn desimber ôfskie nimme moat as ûnderwizer oan de Willem de Zwijger-skoalle. Ik sil de skoalle, mar foaral de bern, tige misse. Dêr kin ik wat trochjaan. Ik ha hjir bygelyks sa’n 400 skoalplaten stean. Ik nim dy fan Nova Zembla noch wolris mei en fertel it ferhaal der by. Bern harkje dan better as wannear’t it ferteld wurdt mei dy moderne middels. De kompjûter is in segen, begryp my net ferkeard, mar it echte fertellen bliuwt oerein. Dan krije se in byld fan hoe’t it libben yn in bepaalde tiid wie. Yn it wurk fan de histoarikus J.J. Huizinga is it sintrale tema ‘herinnering en vernieuwing’, dat sprekt my wol oan.’ 

Samler fan ferhalen

‘Wy krigen thús gjin bûsjild, ek net foar it wurkjen. Mar ús heit hie alles foar ús oer. Wy hienen in rinnende rekken by Van der Velde. Wy hawwe sels, myn broer en ik, in studearkeamer hân yn in oar pakhús hjir yn de strjitte. Doe is it sammeljen eins begûn. Earst fral boeken. De Ruiter hie in antikwariaat op de merk en dêr wie leuk spul te finen. It is eins in sykte, mar ik ha no ien kear in protte niget oan dingen.’ Ten Hoeve keapet lykwols net samar wat, der moat eins altyd in ferhaal oan sitte. Want ferhalen oanhearre en wer trochfertelle, dat is miskien wol de kearn fan syn bestean. Der sit in beskaat plezier yn dy belangstelling (history is fun), mar der spilet ek noch wat oars mei. ‘Ik leau dat minsken identifikaasjepunten nedich hawwe. Jo moatte witte wêr’t jo wei komme. Ik fyn it bygelyks spitich dat myn bertehûs der net mear is. Wolst fêste punten hawwe dy’t oantinkens oproppe, lykas gevelstiennen, gebouwen yn in stêd, plakken dy’t in bân mei it ferline hawwe. Dêrtroch kinst dy mei it ferline identifisearje. Ik soe net libje kinne yn Almeare. Dêr is gjin foarskiednis.’

Goed 40.000 boeken

It boek mei de âldste oantinkens moat neffens Ten Hoeve In de Soete Suikerbol fan W.G. van de Hulst wêze: ‘Dêr lies ús mem út foar’. Mar syn dierberste boek is dochs Eekhoff’s Geschiedkundige beschrijving van Leeuwarden, dat hy eartiids foar tachtich gûne kocht. Ljouwert is ek it belangrykste tema yn syn samling. ‘Ljouwert wol ik alles fan ha, ek blikken, reklamebuordsjes, aansichtkaarten, ensfh. Mar ik fyn eins neat mear.’

Troch de jierren hat Ten Hoeve in gigantyske samling boeken en (antike) objekten byelkoar brocht. It boekebesit skat hy op goed 40.000 titels. De measte keapet hy op rommelmerken, antikwariaten (Brandaan, De Tille) of gewoan by Van der Velde. Feilingen giet hy eins net hinne en mar in inkelde kear wurdt der wat fia ynternet kocht. It giet him fral ek om it sneupen. ‘Ik ha jierren socht om Grensconflict (1948) fan Fokke Sierksma. No ha ’k trije. Dat fyn ik moai.’ In samler fan earste drukken is Ten Hoeve net, al fynt hy in hantekening fan in skriuwer wol hiel moai. ‘Ik gean ek net foarsichtich om mei boeken. Boeken binne krekt as fee, dy moatte jo melke. Ik brûk de boeken. Foar de 300 útstjoeringen dy’t ik mei Sippy Tigchelaar makke foar de Omrop moast ik bygelyks flink studeare.’

It twadde grutte tema yn de kolleksje is Fryslân (algemiene skiednis, keunst en biografyen). En op souder stiet de literatuer, dy samling nimt ek de measte romte yn. Dêr binne boppedat wer allegear ûnderferdielingen makke yn sjenres (thrillers, essays en gedichten, romans, tydskriften, boeken oer boeken), want Ten Hoeve wol de dingen wer goed weromfine kinne. ‘Gekke boeken’ en ‘boeksimulanten’ steane der ek. In hiel bysûnder boek is bygelyks de edysje fan de sammele gedichten fan Bilderdijk. Yn ien bân is in oantal siden ynknipt en der sit in bantsje mei in lakstimpel omhinne: ‘dit mag niet gelezen worden’. Dêr sil ien of oar skabreus gedicht yn stien hawwe.

Yn de boekerekken op souder steane faak boeken fan skriuwers dy’t ek by syn broer te finen binne: F.B. Hotz, F. Bordewijk en Arthur van Schendel. In oare favoryt is Graham Greene, ek in wat tryste, mankelike skriuwer. Fan Simon Vestdijk is hy net sa’n grutte leafhawwer. ‘Ik ha net iens safolle fan him lêzen, De Koperen Tuin (1950) fansels en ek De andere school (1949) en Ierse nachten (1946).’ Wol is Hendrik ten Hoeve al sûnt de kweekskoalle in ‘fan’ fan Theun de Vries. Oait hat er de skriuwer ek opsocht yn Amsterdam en krige doe in eksimplaar kado fan Westersche nachten (1930), ynklusyf opdracht. It moaist fynt hy lykwols de lettere boeken fan Theun de Vries: Het motet voor de kardinaal (1960), Het zondagsgebed (1975) of De man met de twee levens (1972): ‘sa evokatyf skreaun!’ En tsjintwurdich pakt hy graach de boeken op fan fertellers lykas Thomas Rosenboom, J.J. Voskuil, Willem van Toorn (Stoom) of Jan Siebelink (De overkant van de rivier en Knielen op een bed violen, ‘yndrukwekkend en yn it moed taastend’).

As wy de favorite boeken fan Ten Hoeve fierder by del geane, dan nimt Ljouwert op ’e nij in grut plak yn. ‘Myn favorite roman is De Wuttelhaven del (1989) fan Steven H.P. de Jong (berne yn Ljouwert). Fia Freark Dam ûntduts ik De klank fan de fanfare (1990) fan Johano Strasser. Dat wie yn Dútslân in ferneamd man, mar syn woartels lizze yn Ljouwert. Hy beskriuwt yn dat boek ûnder oare de sosjalistyske optochten yn de Sint Jacobsstrjitte. En de lêste fan de top-3 is it boek In Opstand (1932) fan de ek al yn Ljouwert berne skriuwer-anargist Alexander Cohen.’

Ten Hoeve mei graach tusken de boeken sitte en der gewoan stil fan genietsje. Der steane rigen en rigen boekerekken op de souder, mar ek op de flier leit fan alles. It eaget allegear in tikje ûnoersichtlik. Dat begjint him no sels sa stadichoan ek wat te ferfelen en der sil opromme wurde moatte. ‘Sa’n grut hûs beheint dy net.’ Mar as hy aanst opholden is mei de skoalle, dan geane guon saken fuort en oare saken moatte in better plak krije. Syn passy is soms in lêst, mar meastentiids jout it in ryk gefoel. ‘Sljochtwei master yn ’e stêd’ is hy aanst net mear, mar in ferteller sil hy altyd wol bliuwe. Unthâld en fernijing, dy tema’s bliuwe aktueel by Ten Hoeve.

 

Sjoch ek dit ynterview.

Earder publiseard yn de Moanne, 5 (2006), 8 (oktober), s. 11-13.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.