fotografy: Marlies van der Pol

Hearlik keukentafelpetear oer ‘De wierheid fan Wylgeragea’

HENK VAN DER VEER – 

Op 23 en 24 novimber spilet Tryater yn de Noorderkerkzaal fan Theater Sneek de foarstelling ‘De wierheid fan Wylgeargea‘. Ofrûne moandeitejûn wie der yn Lewinski, it kulinêr poadium fan Snits, in keuktafelpetear oer it stik. Stella van Gent, wethâlder SWF, interviewde op treflike wize skriuwer Kees Roorda.

Dat Tryater fragen nijsgjirriger fynt as antwurden mei bekind wêze en dat de Moanne in breed en kreatyf poadium biede wol foar aktuele en skôgjende bijdragen oer kultuur en de kunsten kaam moandeitejûn hielendal nei foaren.

 

De suggestje om dan Tryater mar nei de Noarderhoekers ta te bringen waard troch wethâlder Van Gent meiien omearme: ‘Een prima idee, ik ga mij daar in ieder geval sterk voor maken!’

 

Kees Roorda fertelde dat hij al yn 1999 koart nei de reboelje om de moard op Marianne Vaatstra en it AZC yn Kollum mei it idee kaam om in stik as ‘De wierheid fan Wylgeragea’ te skriuwen. Yn feite giet it stik oer hoe dreech it is om de nuânse te bewarjen yn tiden fan tanimmend ûnbehagen en ûnwissens. Oer aktualiteit sprutsen, sjoen de ferkiezings yn de States en de Swarte Pyt-diskusjes.

Roorda makke dúdelik dat syn stik net spesifyk oer Kollum giet, wat dêr doe barde miskyn wol de oanlieding foar him wie om sa’n stik as ‘De wierheid fan Wylgeragea’ te skriuwen mar dat de tematyk folle universeler is. Neffens Roorda komt der blykber in soarte fan mechanisme op gong dat oeral en rûnom yn wurking treedt at de feiligens fan de mienskip yn’e knipe komt. It stik is dan ek perfoarst gjin oanklacht tsjin it lyts boargelike fan buurtbewenners dy’t har fersette tsjin de komt fan in asylsikerssintrum. Somtiden is de eigen rûnte, de eigen mienskip, de eigen wenwyk of it eigen doarp wichtiger as de wierheid.

Roorda en Tryater hoopje mei it stik te berikken dat minsken nuânsearder tsjin bygelyks de problematyk fan asylsikers en alles wat der mei te krijen hat oansjogge. Omdat it stik dus in unverseel karakter hat, wie it sa nijsgjirrich dat moandeitejûn it plak Kollum feroare waard ta Snits. Want ek yn dizze stêd spilet de komst fan it AZC.

 

Tryater moat nei de minsken
Op in fraach út it publyk of Tryater de doelgroep wol berikt dy’t se berikke wolle, neitocht hie. Yn konkreto, ‘komme de Noarderhoekbewenners wol nei Tryater ta at se it stik spylje?’ De oanwêzige (âld-) Noarderhoekers joegen sels it antwurd al: ‘Nee!’.

De suggestje om dan Tryater mar nei de Noarderhoekers ta te bringen waard troch wethâlder Van Gent meiien omearme: ‘Een prima idee, ik ga mij daar in ieder geval sterk voor maken!’

En skriuwer Roorda sei ta dat hij dan grif oanwêzich wêze sil om mei de bewenners fan de folksbuurt út Snits yn diskusje te gean oer it stik. Dat direkte, dat fuortendalik feedback jaan op wat der ûnder de tafelpetearders yn Snits libbe wie it sterkte punt fan dizze jûn. Hiel pragmatys allegear.

Nijsgjirrich wie fierder dat de auteur fertelde dat hij it stik foar in part yn in eigen optochte taal skreaun hat. Nei ôfrin krige ik it tekstboekje (‘De Wouden’, Tekst # 303 fan De Nieuwe Toneelbibliotheek’) yn hânnen. Dy ‘eigen optochte taal’ fan Roorda is neffens mij neat oars as in Frysk stedsdialekt! It toanielstik fan Tryater is yn it Frysk oersetten troch Romke Toering en wurdt spile troch Lourens van den Akker, Aly Bruinsma, Eva Meijering, Lysbeth Welling en Joop Wittermans. Lêstneamde wie moandeitejûn ek ien fan de oanwêzigen.

Spesjaal foar ‘de Moanne Live’ skreau Arjan Hut it ûndersteande fers op it tema fan de foarstelling.

 

KOARSANG

Eartiids wiene wy ien wurd
út ien adem
en yn dyselde adem spatten wy
al útmekoar.

Eartiids wiene wy wurden.
Belangrike wurden, alle wurden.
Wy seine mekoar it leksum op
koene mekoar skriuwe en lêze
priuwe en sjonge
en somtiden hiene wy lûd genoch
om oer it kriten en it rûzjen
fan swarte dagen út te kommen.
Wy wiene taal en teken.

Eartiids wiene wy ien ferhaal
en dreaune ús skippen mei swalkersljocht
en koarsang de oseaan oer
op rôverstocht lâns fiere kusten.
Wy joegen de ierde en de bisten en de stjerren
harren nammen –
sa fielde it in bytsje
as hiene wy alles sels makke
en wie it allegear spesjaal foar ús.

En dan komsto, in kreakjen, in solo
as ien wurd, út ien adem
en yn dyselde adem losse wy op.
Neat om te begripen.
Net ien om dy oan fêst te klampen.

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.