Tentoanstelling: Hauser

Yn de tentoanstelling ‘Hauser’, in ynisjatyf fan Tresoar en de Moanne (iepening sneon 29 augustus om 14.00 oere), ûntdekke jo ûnder oaren de orizjinele poststikken wêrmei’t de dichters Annemarie Estor en Lies van Gasse elkoar fjouwer jier lang alle wiken ferrasten.

Annemarie Estor en Lies van Gasse wurken fan 2009 oant 2013 oan it projekt Hauser. Sy lieten harren dêrfoar ynspirearje troch de njoggentjinde-iuwske figuer Kaspar Hauser.

 

Hauser ferlit in hûs, docht de doar ticht en stapt de wide wrâld yn. Wa is hy? Wat wol hy? Wêr giet er hinne?

 

Kaspar Hauser waard yn 1828 fûn yn de strjitten fan Neurenberg, Dútslân. Wêr’t er wei kaam wie ûnbekind en hoewol’t er 16 jier âld wie, hie hy in mentale leeftyd fan seis jier. Der waarden withoefolle ûndersiken op him útfierd en men learde him ek praten wêrtroch ’t er syn ferhaal dwaan koe. Sa waard hy in bysûnderheid en kamen fanút hiel Europa minsken nei Neurenberg om Kaspar te sjen. It is noch altyd net dúdlik wat yn komôf wie en oft er stoarn is troch moard of selsmoard.

Utgongspunten fan it projekt fan Annemarie Estor en Lies van Gasse: Hauser ferlit in hûs, docht de doar ticht en stapt de wide wrâld yn. Wa is hy? Wat wol hy? Wêr giet er hinne?

De dichters-anneks-kunstners ferrasten elkoar fjouwer jier lang alle wiken mei in printebrievekaart mei in nije strofe yn in klassike fersfoarm. Dêrby belutsen sy ek ferskate oare partners.

Geandewei de tentoanstelling wurde inkelde Fryske dichters útnoege om te reflektearen op dit projekt. Harren gedichten wurde op de lêste dei fan de útstalling presintearre. Ek sil Poëziekrant-redakteur Remco Ekkers in foardracht oer Kaspar Hauser fersoargje. Yn oanrin nei de tentoanstelling sille inkelde priuwkes publisearre wurde op www.demoanne.nl.

Yn de eksposysje binne de orizjinele brieven en postpakketten te sjen dy’t Van Gasse en Estor elkoar tastjoerden. De poëzij yn hânskrift en de kleurrike fantasijwrâld yn inket en ferve bringe tegearre de adolesint Hauser ta libben.

Yn in mini-filmseal is filmmateriaal út it projekt te besjen – en fansels binne der op de eksposysje ferskate Hauseriana te sjen, lykas kartonnen poppen, postsegels, grutte en lytse postkaarten en postpakketten en sels in rekonstruksje fan de wurkplakken fan de makkers.

 

Utstalling ‘Hauser’
Tresoar Ljouwert, Bûterhoeke 1, Ljouwert
Fan sneon 29 augustus oant en mei sneon 3 oktober
Iepeningstiden: moandei 13:00–17:00 oere, tiisdei oant-en-mei freed 09:00–17:00 oere, sneon 09.00-13.00 uur
Tagong: fergees

Op 19 septimber is in lêzing oer Hauser troch Remco Ekkers fan 14.00 – 16.00 oere.
Op 3 oktober slút de eksposysje mei in foardracht troch in tal Fryske dichters; ek fan 14.00 – 16.00 oere.

 

De tentoanstelling komt ta stân op ynisjatyf van Els van Dinteren. Besjoch ek: hausersgrens.blogspot.nl. Fansels is ‘Het boek Hauser‘ (Wereldbibliotheek, € 24,90) te krijen yn de winkel fan de Afûk.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.