Haulerwyk

KAREN BIES – 

In snein bûtendoar kin wûnderen dwaan, kwa quality time, foar dyn relaasje. Yn Feanhuzen kuierje M. en ik tegearre in pear kostbere oeren lang, wyls pratend en swijend. Bosk en heide, in rjocht kanaal. Under myn skuon fearret it sêfte fean njonken de paadsjes. Yn it finzenisdoarp, yn de 19e iuw boud as twangkoloanje foar bidlers en omrinnend folk, hearst hjoed allinnich wat betide fûgels en in inkele toerist. De strange opfiedkundige gevelspreuken op de personielswenten, lykas ‘Werk en bid’, ‘Kennis is macht’ en ‘Orde en tucht’, krije samar in waarme gloed fan de sinne. Freonlike minsken wenje hjir, ek noch. Alle neiteam fan skoaiers en skobbejakken stekt de hân nei ús op.

 

‘Als je nou eens om je heen keek, in plaats van je druk te maken over kernwapens.’

 

Oan de feart stiet sa’n prachtich ryksmonumint te keap. ‘Leering door voorbeeld’ stiet derop, en ik sjoch my yn gedachten dêr al sitten. We drinke kofje by ‘Koffielust’ en ik sykje op myn telefoan wat ‘Leering door voorbeeld’ kostje moat. Dik fjouwer ton. Ach ja. Ik wist it ommers wol; noch in reden om net nei Drinte te gean.

It bliuwt in moaie snein. Underweis yn ’e auto nei hûs sjogge wy de ferkiezingsposters hingjen en sizze we tsjin elkoar hoe spannend it diskear is. Ik meitsje my soargen, bin bang dat it út ’e hân rinne sil, as hjir de blonde Trump-fan oan ’e macht komt. ‘Aanst ha wy hjir oarloch’, sis ik. ‘In oarloch dy’t Trump begjint, mei al dy ekstra miljarden dy’t er oan wapens útjaan wol. Fyftich miljard! En dan seit hy dat wy mear jild betelje moatte foar de NAVO! Mar hy wol der kearnwapens fan keapje!’

Dat sil wol wat tafalle, tinkt M.

Hoe kalmer hy bliuwt, hoe lilker ik wurd. ‘Asto mar net tinkst dat ús soan nei it leger giet!’ rop ik, wylst ik in krúspunt opryd. ‘Dan ferhúzje ik noch leaver nei Feanhuzen, en dan slút ik ús dêr op!’ Ik sjoch nei de buordsjes. ‘Wêr bin’ wy trouwens?’

‘Als je nou eens om je heen keek, in plaats van je druk te maken over kernwapens’, seit M. ‘Het is maar goed dat de landsverdediging niet aan jou wordt overgelaten. Haulerwyk!’

Nei in kertierke binne we thús. Verdraagzaamheid. Huis en Haard. Dranklust.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.