Harrekrammele, der is noch gjin hannelsedysje

ELSKE SCHOTANUS – 

It djoerste boek dat ik ea kocht ha en tagelyk it djoerste dat ik ea keapje sil. Ik hear it mysels noch sizzen, nei ôfrin fan it fraachpetear dat ik foar de Moanne mei Machiel Braaksma hie, in begearich “reservearje my mar in eksimplaar”. Goed in heal jier duorre it foar’t ik it yn hannen hie en yn dy tiid ha ik inkeldris tocht: Elske, hoe krijst it yn ‘e plasse en jou goed twahûndert euro foar in boek. En doe, op in dei, siet ik dermei oan tafel, liet de finger oer de rêch glydzje, oer de hoeken, lear mei in krokodilleprint, mar soarge ik der al foar it blêdgoudene stjerke, dat dêr op ôfprinte is, net oan te taasten. Sa waard ik de grutske besitter fan 47/100 fan de limitearre edysje fan Harrekrammele.

Hast it oer de makker fan Harrekrammele, dan hast it net allinne oer de skriuwer Machiel Braaksma – ferteller, dichter, taalboarter, mar ek oer de byldzjend keunstner, bouwer, foarmjouwer, fotograaf, útfiner, boekbiner. It is in feest om it keunstwurk op tafel te lizzen, op tafel, sjoen it formaat it bêste plak om deryn te blêdzjen en de platen te besjen. Dy fan it stasjon Harrekrammele sa’t it der hinne leit yn it iere moarntiidsljocht, 06.13, dy fan in dampende lokomotyf, de wagons, it hûs oan de Reidfjildstrjitte ûnder it ljocht fan de moanne dy’t ryp is, de bisten dy’t de perrons befolkje. En dan ûntdekke: it stasjon dat net allinne stasjon is, mar tagelyk kartonnen doaze. ‘Voorzichtig gebak’ stiet yn reade letters op it dak, it hat knäckebröd as lûken en op de doaze stiet ‘omdraaien s.v.p please turn around umdrehen bitte’ te lêzen, in tekst dy’t in oanwizing foar treinen wurdt, treinen sa’t dy net allinne nei Grutte Boffert ride, mar, achterút ridend ek nei Ellows.

Oandriuwing ‘swarte kofje’ seit de útlis by de foto fan de durk, in lokomotyf assemblearre út ûnder mear in rustfrijstielen termoskanne. Twa read plestifisearre skroefheaken foarmje it logo fan de spoarwegen, fearkes út balpinnen wurde de fielerkes fan tuorren sa’t, oarsom, it logo út skroefheaken opboud blykt en de fielerkes de fearren út balpinnen wurde. It is in feest fan de werkennning, it werkennen fan wat op de platen ôfbylde is, gebouwen, treinen, bisten én it werkennen fan alderhande foarwerpen, út de keuken, út it burolaad of de kiste mei ark, skroeven, spikers dêr’t dy út opboud binne, mar ek de ûntdekking dat it hûs oan de Reidfjildstrjitte in maquette is fan it ferneamde Rietveld Schröderhuis mei potleaden yn primêre kleuren as aksint en ynbuskaaien as balkonhek.

Binne de rjochtersiden ornearre foar de yllústraasjes, op de linker, even, stiet tekst: dan wer giet it om útlis, dan wer binne it koarte ferhalen. Der is in kolom foar it Frysk en ien foar oersettings yn Sineesk skrift. Ek de teksten is fan alles mei úthelle. Rydt de trein efterstefoaren, dan rydt dy nei Ellows fia Kywneits en Leppem. We fine Spoonerismen yn de útspraken fan de kondukteur, ‘it dek fan de ham’ of ‘by is de haas’ en hy sûget op de fluit yn plak fan dat er blaast. Rydt de trein fuort en hearst him yn de fierte noch roppen, dan wurde de letters lytser en lytser.

Der is it ûnsintaalfers ‘Horwels’ dat yn neat ûnderdocht foar Lewiss Carroll syn ‘Jabberwocky’ út Through the Looking Glass:

 

Yn kwiddebyt skammelt de ludgrum Morlep

‘Roehm, roehm’ brûkt er skoersum.

Nei de droeken proelt de nokkel foech en birft de woppel:

‘Psssk, klam de rassel en dai op ‘e glemstur!’

(…)

 

Der is it Frysk dat soms op Sineesk liket, oanlieding om it boek sabeare twatalich te meitsjen. Der is in Sineeske famylje, HOE SA HEU en syn dochter SAN SIN, de pake yn syn rolstoel NO HA’K GONG yn it selskip fan HY WOE MEI en de poppe JONG MEI DONG. Ek wurdt der omraak alliterearre “SAN SIN seit: ‘Sis, soe sy sa no sels solo sjonge sûnder santich sinese sjongers!’” en komst in passasjier tsjin dy’t de s net sizze kin: ‘Fif, fe feinen; fjoch, dêr by de fjipfopreklame ynftappe: fpoar fân.’ Yn petear mei de kondukteur wurdt de hylaryske dialooch in leuke puzzel foar de lêzer. En dan wurde mei teksten ek noch fisuele boarterijkes úthelle. Sa’t in plestik rierstokje in seinpeal wurdt, sa wurdt in 4 in A, in 5 in s, in 3 in e, bygelyks yn ‘d4t si5 ik’ en ‘dan helje ik ú5 mem altyd 3v3n op’.

Folle net genôch, yn de typografy, yn piktogrammen, yn de taal sels mar ek yn de ferhaaltsjes as ferhaaltsjes. Sa is der in keunstner dy’t in leech skilderij makke hat en yn in hearlik humoristysk twapetear mei Yke útleit hoe’t it ûntstien is. It einiget sa:

 

“(…) Wat fynst ferfan?”

“No, eh, om hiel earlik te wêzen…” seit Yke, “ik fyn it echt niks.”

En hy rint mar gau fierder nei de folgjende wagon.

“wier?” seit de keunstner glunderjend. “Tanke!!”

“Ik wist wol dat ik it koe,” seit er tsjin himsels. “dit is écht niks.”

 

Harrekrammele dêrfoaroer is écht wat. Keunst foar de leafhawwer, in hebbeding foar de spoardykfanaat, in geniet foar de literêre lêzer en grappige ferhalen foar wa’t altyd acht bleaun is. Der sit mar ien lestige kant oan de útjefte en dat hat te krijen mei it jonkje dat by my op skoat klimt, de eachjes op ûntdekking út, it mûltsje dat noait stil stiet, de klibberige fingerkes dy’t blêdzje… wize… blêdzje…

Foar en om en mei him sjoch ik út nei de hannelsedysje.

 

Noat:
Machiel Braaksma syn boek Harrekrammele is op toernee. Harrekrammele makket part út fan de seleksje Best Verzorgde Boeken en hat te sjen west yn Shanghai. De Best Verzorgde Boeken gean dêrnei nei it Book festival yn Moskou en nei Beijing. Fan 26 augustus oant 30 oktober binne de boeken te bewûnderjen yn it Stedelijk Museum Amsterdam en fan 19 oant 23 oktober op de Frankfurter Buchmesse. Dêrnei giet de seleksje noch nei Wenen it it Huis van het boek / Meermanno Museum yn Den Haach.
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.