Gysbert Japicx: Marga Claus

De advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2015 hat 12 boeken nomineard foar de priis. Op 1 juny wurdt dizze ‘longlist’ werombrocht nei in rychje fan 3 titels. Dêr sil de Moanne wiidweidiger omtinken oan jaan. Yn it dossier oer de Gysbert 2015 in tal koarte fragen oan de nominearde auteurs. Net elkenien woe meiwurkje of antwurd jaan op de fragen.

 

Hoe soenen jo jo nominearre boek yn ien tweet (140 tekens) omskriuwe?
Syktocht nei de wûnders yn in minskelibben. Want se binne der noch.

Hokker boek of hokker ferhaal soenen jo begjinnende lêzers fan jo oeuvre oanrikkemedearje?
Elk soe sizze: myn debút Oxzana, mar sels fyn ik dat al lang net mear myn bêste boek.

Wa binne jo literêre helden?
Ik lês skriuwers dy’t oanslute by wêr’t ik my op dat stuit mei dwaande hâld of dy’t my wer in stap fierder bringe. Soms krij ik se oanrikt fan in oare lêzer, soms fia in resinsje, en oare kearen komme dy boeken by tafal op myn paad. Myn foarkar leit ûndermear by autobio-fiksje, mar dat is gjin nijs.

Wurdearje jo in nominaasje? Is soks foar in skriuwer fan belang?
Ik wit net goed wat ik mei in nominaasje moat. Fansels is it moai dat je yn in listke fan 12 foarkomme, al kinst de titels amper mei inoar ferglykje. Ik winskje de jury in soad wysheid ta en moed, fanwege de kritiken dy’t losbarste as se harren kar makke ha. Oft in nominaasje fan belang is? Ach, alles yn it libben is betreklik, en de measte Friezen ha noch noait fan de Gysbert heard.

Wa fertsjinnet de priis?
It boek dat de lêzers rekke hat en bybliuwt. Mar kom dêr marris achter.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.