Gysbert 2015: Margryt Poortstra

De advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2015 hat 12 boeken nomineard foar de priis. Op 1 juny wurdt dizze ‘longlist’ werombrocht nei in rychje fan 3 titels. Dêr sil de Moanne wiidweidiger omtinken oan jaan. Yn it dossier oer de Gysbert 2015 in tal koarte fragen oan de nominearde auteurs. Net elkenien woe meiwurkje of antwurd jaan op de fragen.

 

Hoe soenen jo jo nominearre boek yn ien tweet (140 tekens) omskriuwe?
21 koarte ferhalen oer hiel ferskillende minsken mei har ferburgen langstme, gekte, talint of lilkens.

Hokker boek of hokker ferhaal soenen jo begjinnende lêzers fan jo oeuvre oanrikkemedearje?
Dizze ferhalebondel en oars Suster, oer Willemyn van Gogh.

Wa binne jo literêre helden?
Ann-Marie MacDonald en Anne Enright

Wurdearje jo in nominaasje? Is soks foar in skriuwer fan belang?
Ja, belang? Wit ik net. It strielt myn ego wol wat. Wat de útjouwer fan de oandacht fernimt, kin ik net mjitte.

Wa fertsjinnet de priis?
Kin ik wier net beoardielje.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.