Gysbert 2015: Elske Schotanus

De advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2015 hat 12 boeken nomineard foar de priis. Op 1 juny wurdt dizze ‘longlist’ werombrocht nei in rychje fan 3 titels. Dêr sil de Moanne wiidweidiger omtinken oan jaan. Yn it dossier oer de Gysbert 2015 in tal koarte fragen oan de nominearde auteurs. Net elkenien woe meiwurkje of antwurd jaan op de fragen.

 

Hoe soenen jo jo nominearre boek yn ien tweet (140 tekens) omskriuwe?
Der is gjin oantinken fen ’e foarâlden; en de kommende slachten dy’t wêze scille, dêr scil ek gjin oantinken fen wêze by dyjingen dy’t letter wêze scille. (Prediker 1:11)

Hokker boek of hokker ferhaal soenen jo begjinnende lêzers fan jo oeuvre oanrikkemedearje?
In kop as in almenak

Wa binne jo literêre helden?
Kafka

Wurdearje jo in nominaasje? Is soks foar in skriuwer fan belang?
Hokker skriuwer?

Wa fertsjinnet de priis?
Aggie van der Meer foar ‘In moaie dei yn ’e hjerst’.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.