Guilty Pleasure: The Carpenters

YVONNE DIJKSTRA – 
Musyk is emoasje en ik bin by tiid en wile in emoasjoniel minske. Dat sil de reden wêze dat myn musyksmaak frij breed is: fan Rowwen Hèze oant klassyk, fan Metallica oant gospelbliidheid. En The Carpenters. Ik wie fyftjin jier en krych in âld kassettebandsje fan in tante. Wylst de rein tsjin de ruten sloech, lei ik op bêd en hearde: ‘Rainy days and mondays always get me down’. De perfekte filmtrack foar de wat mankelike puber dy’t ik wie:
‘What I’ve got they used to call the blues
 
Nothin’ is really wrong
 
Feelin’ like I don’t belong
 
Walkin’ around
 
Some kind of lonely clown
 
Rainy Days and Mondays always get me down’
Lykas de measte pubers wie ik faak fereale en fielde my noch faker ôfwezen. Dan song ik mei Karen Carpenter: I’ll say goodbye to love, time and time again the chance for love has passed me by ’. Ik wie fyftjin en hjir waard myn libben besongen, ek al gie myn ûnderfining mei jonges yn it echt net folle fierder as harren fanút ‘e eachhoeken wei besjen yn ‘e bus op wei nei skoalle. It lot fan it puberfamke.
Noch better tocht ik de trystheid fan The Carpenters te snappen doe’t ik in film seach oer Karen Carpenter, anoreksiapatient ‘avant la lettre’. Fanôf dat stuit besocht ik de tragedy fan Carpenters libben werom te finen yn har nûmers; dy waarden der yn myn eagen allinnich mar fertrietiger fan. Sels ‘over the top’ blide ferskes as ‘jambalaya’ en ‘Top of the world’ krigen yn myn gehoar in emoasjonele lading. Krekt as it gefoelslibben fan de puber: himelhoch jauchzend, zum tode betrübt.
Dat The Carpenters my myn puberteit troch holpen hawwe, wit hast gjinien. Noch altyd haw ik in cd mei ‘Their greatest hits’ yn ‘e kast te stean. Mar dat fertel ik mar gjin minske.
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.