Guilty Pleasure: Oh Anna!

It sil twadde helt sechtiger jierren west hawwe, yn dy snuorje. Ik wit net mear krekt hokker muzyk ik doe sels draaide. Dat lêste wurd wie trouwens yn myn gefal abslút in wankel begryp, ik hie ommers gjin platespiler. De alles oerhearskjende trochbraak fan Van Morrison by my, dy moast doe yn elk gefal noch heve.

Nee, wat de muzyk oanbelange levere ik my folslein oer oan freonen en dan benammen ien. Hy hold it meast fan stevich gitaarwurk. Dus liet ik my sûnder tsjinlûd fersûpe yn it geweld. Op in simmerfakânsjedei hie Sergeant Pepper’s Lonely Hearts Club Band foar my premjêre by him yn Lippenhuzen. En op in stuit wie syn ynstallaasje beplakt mei de markante Warhol-banaan fan it album The Velvet Underground & Nico, dat ik waard de avant-gardesfear ynlutsen.

Wat letter barde it dat ik oan in taperecorder slagge, sa’n draachber dinkje op batterijen. No hat myn maat altyd al handiger west, dus hy soarge dat ik in bantsje krige dêr’t er fan al syn muzyk wat opsetten hie. De lûdskwaliteit wie syn eare te nei, mar hawar.

De nacht dat it projekt yn myn keammerke oplevere waard, rûnen wy werom nei syn Grinzer wenstudio oan ’e H.W. Mesdagstrjitte; dêr skean ûnder wenne prinses Christina, dus wol in keunstsinnich buertsje. Underwilens spile it bantsje troch, it lûd op maks. En doe, midden yn de sliepende stêd, ferskynde out of the blue Anna oan my.

Nea earder hearde ik fan har. Wie ’t net in pracht?! In frij ûnbekend bleaun Beatles-ferske, fan de elpee Please Please Me, net iens troch Lennon & McCartney skreaun, mar in skitterjend nûmer.
It aldermoaiste wie dat myn bantsje út en troch justjes heakjen bleau en dy earste kear krekt op de goeie mominten, hoe is ’t mooglik. Want wannear’t John ta de kearn kaam, sublimearre myn technyk syn stim ta in smertlike treble dêr’t topproducer George Martin net oan tippe koe.

(…)
What am I, what am I supposed to do-o
Oh-oh-oh-oh-oh-oh
Anna, just one more thing, girl
You give back your ring to me
And I will set you free
Go with him, Anna-a, go-o with him

Bouke van der Hem

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.