Guilty pleasure: Guns N’ Roses

Doe’t ik studint wie, die ik op feestjes noch wolris in swarte koltrui op ’e kop en liet dy dan foar de eagen bongelje. Ik spile der ek loftgitaar by, want wa’t Slash neidwaan wol, moat it al goed dwaan. Winterdeis brûkte ik de sjaal soms as bandana, wêrmei’t myn Axl Rose-imitaasje sûnder ien stimferheffing yn ienkear in graad fan perfeksje krige. De earste kear dat ik Sweet child o’ mine hearde, wie ik – stikem fansels – fuort ferkocht. Achterôf sjoen ék om’t de treurige jierren tachtich noch net foarby wiene. Dat yntro, dy leech hingjende gitaren, dy einleaze solo’s dy’t oplosten yn sigarettesmook; fuort mei Johnny Hates Jazz, Eurythmics, Tears for fears, The Cure en Simple Minds; neat gjin synthesizerkoekjes of Kristus werom as Bono, I WANNA ROCK!

In melodieus nûmer fan in fierders skamteleas ynkorrekte band, miskien is dat it geheim wol. Sweet child o’ mine hat it yn elts gefal allegear: in hystearyske, kwea-aardige sjonger, in drummer oan de dope en in gitarist mei in wol hiel coole ferskining, sa mei de gitaar wat yn de plukstân en de peuk achteleas yn ’e bek – al hat er wol hiel faak sjoen nei Jimmy Page.

Syn hoed wie krekt sa heech as de lingte fan de nûmers. Paradise city, You could be mine, November rain: Guns N’ Roses koe mar net fier genôch oer de top gean. Al dy fideoklips mei de hearen oan de booze en de froulju deromhinne, de stadions fol fans en hurddravende bandleden, it messkerpe gitaarspul fan Slash, de booze opnij en de froulju der wer omhinne, sa’n oermjittich libben mei alles foar de greep is de dream fan eltse man. Led Zeppelin is seks, Guns N’ Roses is porno. Spitich dat de band him letter fergrypt hat oan Knockin’ on heaven’s door, wierskynlik de minste cover oait.

Doe’t ik studint wie, smookte ik noch, wat fansels wol handich wie by myn Slash-imitaasje. Utsein de lêste kear, doe’t de koltrui yn de hens fleach en ik derút kaam as Robert Smith fan The Cure. Alle respekt foar dy shoegazer fansels, dy’t ik dan ek fuort begûn te imitearjen. Mar ja, soms mis ik dy trui wol.

Jaap Krol

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.