Guilty Pleasure: Michael Bolton

In woeste mannichte op in plein, foar in heech balkon. Op  it balkon litte de Romeinen twa finzenen sjen. It binne Michael Bolton en David Hasselhoff. Ien fan harren sil sjonge, en de oar krijt de deastraf. De Romeinen freegje it folk: ‘Wa moat foar jim sjonge?’ En it folk balt:  ‘Jou ús Hasselhoff!’

Der is gjin artyst sa út de moade, gjin muzykstyl sa út de graasje, of op ynternet is in lytse enklave te finen dêr’t se der krekt hiel oars oer tinke. De grutste omkoalen ha in leger fan stipers. De grutte útsondering is Michael Bolton. Nimmen hâldt mear fan Michael Bolton.

Hy hat it oan himsels te tankjen. Mear noch as syn kapsel (Bolton hat Shirley Temple opdold, it omskot skalpearre en de trofee op syn eigen holle set) ha syn hits út de jierren njoggentich syn imago rinnewearre. Deselde balladen dy’t him sa faak yn de Oprah Winfrey Show brochten, ha him foar de moadebewuste harker ta boechbyld fan de kitsch makke. Fan de ferkearde kitsch! Neil Diamond, Engelbert Humperdinck, David Hasselhoff, se ha allegear wilens de kultstatus berikt. Michael Bolton net.

Altyd as ien myn Michael Bolton-elpee tusken alle oare platen spot, krij ik it gefoel dat ik mysels ferdigenje moat. Dat ik de bruorren Anker derby helje moat. Mar ik wit: dy wolle net mei ien as Michael Bolton assosjearre wurde.

Wat stiet der op dy plaat? Net fan dy glydmiddelhits, mar radiorjochte hardrock, typysk foar de iere jierren tachtich. Heavy gitaarwurk, wielderige toetsen, dravende ritmes en Bolton syn heaze soulstim. Hy sjongt oer it finen fan it famke fan syn dreamen, it ferliezen fan it famke fan syn dreamen, it dreamen oer it famke fan syn dreamen. Hearlik.

De elpee is opnommen yn de rin fan 1982, yn The Power Station, de studio fan Tony Bongiovi. In jier letter soe Tony syn omkesizzer Jon dêr syn debút opnimme. Dy jonge hat no al mear as hondert miljoen platen ferkocht, mei muzyk dy’t sterk liket op dy fan de jonge Michael Bolton. Wylst er lang sa moai net sjonge kin. Mar iderien hâldt fan Jon Bon Jovi. En nimmen hâldt fan Michael Bolton.

Hast nimmen.

Arjan Hut

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.