Grunneger wôrst

KAREN BIES – 

Mei in kuorfol droege woarsten rin ik lâns de doarren. Trije soarten: Grinzer, dy hat de measte krûdnagel. Drintske, dat is de hurdste. En Fryske, dy wurdt it measte ferkocht. Fryske droege woarst is de sêftste fan de trije. Like sêft as de doarpsbewenners sels. Want op in inkeling nei, dy’t seit dat er ‘fegetarysk’ is, keapje de measten wol in woarst fan my. Op it doarp is men de negoasje by de doar wol wend. Sûkerbôle foar Roemenië, pûden potgrûn foar Darfur. Hjoed de woarsten fan de follybal, nije wike it w.c.-papier fan de basketbal, oer in moanne de kollektebus foar de maag-lever-darm-stichting. De sirkel fan it libben.

 

Ik mompel noch soksawat as ‘Goinoavend’, wylst ik my omdraai en my ôffreegje oft follybalje echt myn hobby is.

 

Ik belje oan by in hûs mei haakte gordyntsjes. Der stiet in fiskangel ûnder it ôfdakje, en in pear klompen, dy’t my it folste fertrouwen jouwe dat hjir minsken wenje dy’t fan woarst hâlde.

It duorret wol lang. Ik ha myn rûte noch lang net dien. Under it wachtsjen dwaalt myn blik nei it grinttúntsje mei as iennichste grien in buksushaachje rûnom. Op dat stuit springt in kat oer de hage. Hy begjint earst rûntsjes te draaien en lit dan, mei strekte sturt, syn rêch sakje boppe de wite stientsjes.

No hear ik wat achter de foardoar, dus ik moat wol stean bliuwe. De doar giet stadich iepen. In âld man linet swier op syn stôk.

Ik set myn fleurichste gesicht op. ‘Goejûn,’ sis ik. ‘Ha jo miskien ek belang by droege woarst?’ Ik hâld in pakje omheech. ‘It is foar de follybalklup.’ Dat ek noch.

‘Wôrst,’ seit de man. ‘Nou, dat we’k nait. Houveul is ’t?’

Wy sjogge beide efkes oerside. De kat is klear. Hy klaut wat yn it grint om. De drol stekt donker ôf tsjin it wyt. Yn myn koer leit de woarst.

‘Drij-en-haalve euro,’ sis ik. ‘En wie hemm’ ok Grunneger wôrst. Heule beste.’ Myn Grinslanner beppe moast my ris hearre.

‘Nou, ’t mot doch moar nait,’ seit de man. ‘Ik bun moar allinneg, wait joe.’

Toe no man, net sa deun. Myn koer is swier. Ik ha hjir Grunneger wôrst foar dy, foar ast jûns allinnich foar de telefysje sitst, in pear stikjes op in pantsje.

De man docht de doar ticht.

Dy smoarge kat is útnaaid. Ik mompel noch soksawat as ‘Goinoavend’, wylst ik my omdraai en my ôffreegje oft follybalje echt myn hobby is.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.