fotografy: Twitter, @CBKGroningen

Grinzer keunstners sykje frijwilligers foar tydlike ambassade

TSJOMME DIJKSTRA – 

In ôffeardiging fan de Grinzer kulturele sektor hâldt op it stuit hús yn in driuwende eksposysjeromte oan de Zuidergrachtswal yn Ljouwert, yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. Jonge keunstners hawwe har kreativiteit oanroppen, om wat mei it tema wetter of wetterstof te dwaan foar in eksposysje en dêr binne foar allegear doelgroepen aktiviteiten om hinne betocht.

 

Neist de eksposysje organisearje de Grinzer keunstners, yn de ambassade en op oare plakken yn Ljouwert, ferskillende aktiviteiten.

 

De organisaasje fan Kulturele Haadstêd socht sels kontakt mei de provinsje en gemeente Grins foar in bydrage oan it programma. Hja hienen der wol earen nei om in programma te meitsjen.

En it tema? Wetter hat in enoarm grutte rol yn ús deistich libben en is op it momint in belangryk ûnderwerp yn allegear aktuele fraachstikken. “En water verbindt Friesland en Groningen met elkaar, het zijn alle twee waterprovincies”, leit Maud van Maarseveen van de ambassade dy kar út. It heger wurden fan it seewetterpeil en wettertekoarten by drûchte binne hiel ynteressante fraachstikken foar ûndersyksynstellingen as wetterkampus Wetsus yn Ljouwert of de universiteit yn Grins.

Ek keunstners dogge ûndersyk nei de ûnderwerpen en ha dêr nijsgjirrige fyzjes op, sa toant de eksposysje fan de ambassade, dêr’t ûnder auspysjes fan it Centrum Beeldende Kunst út Grins museum de Bierumer School en keunstynstellingen/galeryen NP3, NAIP en SIGN oan meiwurkje. Problemen as wetterfersmoarging en fergrieming fan wetter en mooglikheden mei/de ympekt fan wetter en wetterstof yn de takomst wurde troch de eagen fan jonge keunstners op kreative wizen foar it fuotljocht brocht.

Der is bygelyks in ynstallaasje mei trochskinende buizen en liedingen dy’t it deistige gebrûk fan wetter yn it húshâlden yn de skynwerpers set. En in ynstallaasje dy’t oanstjoerd wurdt troch wetterstof. Yn in fideo is te sjen hoe’t keunstners in eigen eilân bouwe en in oare fideo-ynstallaasje toant in keunstner dy’t yn it wetter beweecht mei in tiger en in krokodil. En de ambassade sels bestiet út in tal houten (duorsume) kubuswenten yn de grêft.

Neist de eksposysje organisearje de Grinzer keunstners, yn de ambassade en op oare plakken yn Ljouwert, ferskillende aktiviteiten. Sa komt in ôfstudearre studint fan Academie Minerva in kear om mei minsken iten te sieden. “Koken kan mensen ook verbinden om in gesprek te gaan, zoals over sociale of politieke vragen die met het thema water te maken hebben”, seit Van Maarseveen deroer. En it radioprogramma Zomaar Radio, dat gewoanlik makke wurdt yn poppoadium Vera yn Grins, sil fjouwer kear út Ljouwert útstjoere. Yn de hjerstfakânsje binne der foar bern ferskillende workshops te dwaan.

Om mei te helpen mei it programma hat de ambassade by de start in oprop dien oan minsken om har as frijwilliger op te jaan. Der hawwe har genôch minsken melden dy’t tafersjochhâlder of aktiviteitebegelieder wêze wolle by de eksposysje, mar foar in oantal aktiviteiten kinne de kultuermakkers noch wol wat stipe brûke. Wa’t dat wat liket of wa’t benijd is nei it foarearste aktiviteiteprogramma of de keunstners dy’t meidogge, kin de nedige ynformaasje fine op de webside fan it Centrum Beeldende Kunst.

De Culturele Ambassade is tagonklik oant en mei 18 novimber en iepen fan woansdei oant en mei snein tusken 13.00 en 17.00 oere. De kubussen gean dêrnei werom nei Grins, dêr’t se, op it âlde Suikerunieterrein, in twadde libben krije as tiny houses.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.