fotografy: Roelof van der Schaaf

Grenadine

BAUKJE ZIJLSTRA – 

De sinne hie de hiele dei stien te baarnen op de gielstiennen muorre om de kwekerij dy’t âlde fruitrassen nij libben ynblies. Nei in rûnlieding joech ik my del op in terras mei izeren taffeltsjes en stuoltsjes fan it type sjocht der stylfol út mar sit foar gjin meter. Ik rikte nei it glês dat foar my stie, beslein troch it iiskâlde wetter oanmakke mei sjerp fan reine-klaude, de griene prûmen dy’t yn de neisimmer yn dit hôf oan de beammen hongen. Heal yn ’e sûs fan de middeiswaarmte brocht ik it glês nei myn lippen, mar neat hie my taret op de sensaasje dy’t folge. As troch in griene tunnel brochten de rook en de smaak fan it drankje my werom yn de tiid, en yn gedachten hearde ik twa dingen: earst in frouljusstim dy’t ‘grenadine’ sei, en doe in manljusstim dy’t rôp: ‘Desi, Desi, helje buorman Vonk, gau, it begjint!’

Sadree ’t dizze wurden út it hûs oan de oare kant de wei klinke, wit ik hoe let it is: fuotbaljen sjen by de buorlju Meulman, yn uze strjitte de earste famylje mei in televyzjetastel. Om krekt te wêzen betsjut it dat ús heit en buorman Meulman foar de televyzje sitte en dat wy, de bern, bûten in potsje fuotbalje. Eins bin ik te lyts om mei te dwaan, en in famke boppedat. Desi en Patty Meulman binne ek famkes, mar sy binne stoer: Desi klimt yn beammen en Patty kin flugger en strakker as wa dan ek pylkjes draaie fan stripen krantepapier. Ek al kin ik dat allegear net, Nol Meulman, hertsfreon fan myn broer Benno, nimt my yn beskerming en fan him mei ik altyd meidwaan. Nol is de moaiste jonge dy’t ik oait sjoen haw, behalven dan miskien syn broer Roy, mar dy sit al by de marine.

Wist ik folle dat ús âlden de buorlju Meulman eartiids, ûngefear in wike neidat se tsjin ús oer wienen komme te wenjen, foar de kofje útnoege hienen. It earste healoere praatten se in pypfol, krekt sa ’t it hearde, oer it gedoch fan sa’n ferhuzing en op hokker skoalle de bern sieten, oant ús heit frege wêr yn Indië se krekt wei kamen. Buorman Meulman fertelde dat se út Garut kamen en ús heit antwurdde dat er ek op Java west hie, dat hy Garut tafallich hiel goed koe. Fierders gie it doe benammen oer de prachtige natuer, oer de reinwâlden en de sawa’s, oer de rysfûgels en de hunningsûgers, oer de kantinekaketoe en de pelotonsaap. Fan dat stuit ôf liet buorman Meulman ús heit roppe as der fuotbaljen op televyzje wie.

Hielendal beswit lizze we mei ús fiven yn it gers by de kninehokken. Dat is noch wat dat de Meulmans hawwe en wy net: kninen, trije hiele grouwe. Ut ferfeling triuwe we sa no en dan wat toppen gers en hynsteblomblêden tusken de spilen troch. De grutte giele kninetosken happe ta. Nachts dream ik somtiden fan beblette fingers dy’t los yn it strie yn de hokken lizze. Omdat we ús sa waarm boarte ha en omdat der fuotbaljen op televyzje is, meie we yn ’e hûs komme. Binnen is it prachtich. Der steane palmen yn grutte stiennen potten, der binne bamboe koukes mei kanarjes deryn, der hingje grutte oaljeferfskilderijen oan de muorren, fan smeulende fulkanen oan fiere einders en fan froulju mei grutte reiten hoeden op dy’t yn de rysfjilden wurkje. Mar it moaiste en spannendste fan alles stiet op it glânzgjend lakte dressoir ûnder it skilderij mei de fulkaan: in libbensechte, skubde kaaiman mei gemiene giele eagen en in deastille swypsturt.

Wist ik folle dat buorman Meulman by it Keninklik Nederlânsk Indysk Leger, it KNIL, tsjinne hie en yn Garut legere west hie. By de Japanske ynfaazje yn 1942 wie er kriichsfinzene makke en oant inkele moannen nei de kapitulaasje fan de Japanners hie er yn ferskillende kampen sitten. Amper bykaam fan dizze oanslach op syn sûnens en krêft, waard hy fan 1945 ôf wer ynset as militêr yn de dekolonisaasje-oarloch tusken Nederlân en de yn augustus dat jier útroppen republyk Yndonesië. As tank foar de bewezen tsjinsten waard hy, nei de soevereiniteitsoerdracht oan Yndonesië en it opheffen fan it KNIL, demobilisearre en oer de jierren wêryn ’t er kriichsfinzene west hie, krige hy gjin salaris útbetelle. By it ynleverjen fan syn unifoarm murk hy tsjin de tsjinstdwaande soldaat op dat de stof dêr ’t dy unifoarmen fan makke waarden ek wol ‘Garutstof’ neamd waard. Mei syn as troch in wûnder yn de bersiap sparre bleaune jonge gesin makke hy de oertocht nei Nederlân, dêr ’t him al rillegau dúdlik waard dat nimmen op harren siet te wachtsjen.

Myn broer is bern oan hûs by de Meulmans, mar foar my bliuwt it hûs oan de oare kant fan in tovereftige heimsinnigens, omdat der nimmen fan myn leeftiid is om mei te boartsjen. Ien fan de net safolle gelegenheden, neist de fuotbalmiddeis, wêrby ’t ik dit mystearje betrede mei, is op âldjiersjûn. Dat is de iennichste jûn dat Roy ek thús is, dy sit fierders it hiele jier op see. Op de middei fan âldjiersdei komt er oanrinnen oer it grintpaad, yn syn stevene marine-unifoarm mei de gouden knopen en de grutte pet, de plunjesek stoer oer ien skouder. Dêryn sit, sa wit ik, in lading sierfjurwurk en boppedat tsientallen ljochtkûgels dy’t foar myn gefoel oerenlang yn de nachtloft boppe ús hingjen bliuwe: SOS. As einliks de lêste fjoerreade bol dôve is, wurdt de wrâld wer ûntrochlitber tsjuster, op ien lyts lampke nei: yn it finsterbank fan de famylje Meulman brânt eltse nacht in sêftgrien ljocht. Ik sjoch dernei tusken de fitraazjes troch wylst ik myn pyjama mei it hertsje derop oanlûk, dy’t op de gaskachel mei de mikarútsjes foarferwaarme is. Ik kin my rêstich deljaan, de kweageasten sille oan ús strjitte foarbygean.

Wist ik folle dat ús heit yn 1946 as oarlochsfrijwilliger nei Indië ôfset wie. Nei hast in jier god wit wat meimakke te hawwen, yn alle gefallen de earste saneamde ‘polisjonele aksje’, krige er it oan de stôk mei in meardere dy’t him net lei en op in dei hie er der mear as skjin syn nocht fan. ‘Ik ferdom it,’ hie er sein, yn reaksje op in neffens him ûnferstannich en ûnreedlik befel. Yn Garut moast er foar de Kriichsriid ferskine, mar nimmen lústere echt doe ’t er syn kant fan it ferhaal fertelde, sadat er binnen tsien minuten feroardiele wie ta in finzenisstraf fan oardeljier. Dêrnei duorre it noch in jier ear ’t er yn it rûm fan de SS Groote Beer weromgie nei Nederlân, dêr’t er finzen set waard yn Fort Spijkerboor. By syn thúskomst yn 1949 hie syn heit de flagge úthinge, omdat foar alle oare jonges út it doarp de flagge ek útgien wie doe’t se weromkamen. Us heit die krekt oft er dat net seach wylst er syn antlit ferburch yn it hier fan syn mem.

Oan ’e ein fan ’e middei wachtet ús noch it hichtepunt. Dan ferskynt buorfrou Meulman mei in blêd mei fiif stikken spekkoeke mei ferskillende grien-brúne lagen en fiif hege glêzen mei dêryn in hiel bysûnder drankje: griene ranja. Benno en ik krije meastentiids allinnich mar sinesappellimonade te drinken: thús op snein mei in readstreke reidsje, op skoalreiske út in molkbus wêrtroch it nei metaal smakket, en foar de simmerfakânsje-autorit om de fize giele piltsjes tsjin reissykte mei troch te slokken. Dat giet noait yn ien kear goed, sadat de bittere tabletsjes heal oplosse op je tonge. Yn al dy gefallen is de ranja oranje. Griene ranja krije we allinnich mar op dy bysûndere middeis yn it hûs oan de oare kant de wei, mei samar gratis derby it prachtige, oerwâldkleurige wurd dat buorfrou Meulman derfoar brûkt: grenadine.

Wist ik folle dat echte mystearjes oer hiel oare dingen gean as smeulende fulkanen en opsette kaaimannen. Dat sommige wurden net krekt betsjutte wat se yn it deistich gebrûk oantsjutte. Dat limonade fan granaatappel ek wol grenadine neamd wurdt. Dat grenadine per definysje read is.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.