‘Gowe’ of ‘gouwe’?

HENK WOLF – 

Oft mear minsken it wurd ‘gowe’ koenen, frege myn eardere buorman Arjan Hut op Facebook. Hy hie it brûkt yn in stik dat er foar syn wurk by Omrop Fryslân skreaun hie. “Moast it opsykje om wis te wêzen oft it wol in besteand tiidwurd is en net allinnich it soarte fan taal dat inkeld yn jins holle bestiet.”

 

Ik tink dat de redakteurs fan it WFT it wurd ‘gowe’ by fersin yn ‘e âlde skriuwwize opnaam ha.

 

Ik kin it wurd wol. It betsjut sokssawat as mei de mûle iepen stean te sjen. Ik hie tocht dat in útspraakfariant wie fan ‘geauwe’. It wurdbyld ‘gowe’ kaam my út noch yn net bekend foar. Yn it WFT (Wurdboek fan de Fryske Taal) koe ik it ek net fine en de staveringshifker op Taalweb.nl sette der in reade streek ûnder. Arjan wiisde my derop dat it wurd wol yn it Frysk-Nederlânske hânwurdboek fan Zantema stiet.

Nuver: in wurd stiet wol yn it hânwurdboek en net yn it folle gruttere WFT. Ik begûn te sykjen en kaam yn it WFT wol ‘gouwe’ tsjin, yn de bedoelde betsjutting en mei de útspraak ‘gowe’. Dat wie nuver. Wurden dy’t wy mei in ‘oo’ útsprekke, skriuwe wy net mei ‘ou’.

Alteast, dat dogge wy net mear. Foar 1980 wie dat noch wol gebrûk. Wa’t wolris in wat âlder boek lêst, is grif foarmen lykas ‘stouwe’ foar ‘stowe’ wolris tsjinkaam, of ‘jouwes’ foar ‘jowes’.

Dat, ik tink dat de redakteurs fan it WFT it wurd ‘gowe’ by fersin yn ‘e âlde skriuwwize opnaam ha. Doe’t se dêr begjin jierren tachtich oan begûnen te skriuwen, bestie dy noch mar krekt, dat sa’n flaterke is dan net iensen sa ûnferwachte. Of hat ien in bettere ferklearring?

Comments
5 reaksjes oan “‘Gowe’ of ‘gouwe’?”
  1. Lieuwe schreef:

    Bliid dat der yn it greate Fryks wurdboek noch in moai âld wurd stiet en ek noch yn de âlde stavering.
    Dy nije stavering brûk ik net, hwant dat docht my sa oan it Hollânsk tinken?
    Boppedat: is der troch de nije stavering mear Frysk praet en skreaun wurden/

  2. jangerben schreef:

    Yn it lyts Frysk wirdboek stiet gouwe=gapen-begapen en gouwerje = vlassen op.

  3. HJW schreef:

    As ik in wurd net fine fine kin yn it grutte Frysk wurdboek dan rieplachtsje ik it wurdboek fan Waling Dykstra (1900) en rekken hâldend mei eardere staveringswizen lit it him dan fakentiids fine.
    Dêr fûn ik: gouwe
    – gapen, begapen. – Gouwe en gobje – – Dou hoefst my sa net nei de bek te gouwen.
    – hunkeren. – Gouwe om in krystkoeke, – Ook gouje — er op gouje om in frommiske lyk as oare frouliû to wirden.
    Dat it nei alle gedachten by fersin yn de âlde stavering opnommen is bin ik mei Henk Wolf iens.

  4. germ schreef:

    Mym mem (afkomstig uit Haulerwijk) gebruikte het woord gowe (de gewone o-klank) als onze hond zich zat te verlekkeren als wij iets aten wat hem ook wel wat leek. ‘Net sa gowe’, klonk het dan. Dus niet schooien, maar verlekkerd kijken.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.