Goud!

GERBEN DE VRIES – 

Hast elkenien dy’t it slik fan de Waadeilannen bydel rint, hopet oait wat fan wearde te finen. In ring, in juwiel, in sulveren of gouden munt. It komt ek noch altiten foar dat der yndie wat wichtichs tusken it seewier, plestik en âlde skuon fûn wurdt. Sa fûn yn 1997 in skoaljonge út Winterswijk op it strân fan Flylân noch in sulveren munt mei de kop fan kening Carolus der op. In munt dy’t, sa die al gau bliken, ôfkomstich wie fan it no al legendaryske skip De Lutine. Op de Skylger Noordsvaarder wiene earder ek al ris trije munten fan dit skip fûn.

De Lutine. It ferhaal is by de measte minsken yn haadlinen wol bekend. Yn oktober 1799 fergie yn de see boppe Flylân en Skylge it Britske fregat De Lutine (’plaaggeest’ of ’kwelgeest’). Neffens de ferhalen binne de measte omkommen bemanningsleden begroeven ticht by West-Skylge, op in plak dy’t sûnt dy tiid Dodemanskisten hjit. It skip hie in geweldich grutte lading goud en sulver oan board. Skylger en Urker fiskers besochten daalks in graantsje mei te pikken en de foarste kear dat serieus besocht waard De Lutine te bergen wie al yn 1800. Yn de hiele 19de en ek in part fan de 20ste ieu hawwe bergers oan it wurk west om it goud en sulver nei boppe te bringen en foar in part is dat har slagge ek. De lêste tachtich jier is trouwens hast neat mear fan it skip boppe wetter kommen, dat ik tocht dat it measte oer De Lutine ûndertusken wol útsocht wie.

Hendriksma bewiist dat er neist in goed ûndersiker ek in poerbêste skriuwer is.

Oant no ta wiene lykwols in hiel soad feiten oer de ûndergong fan De Lutine en de opbringsten fan de bergingen net, of amperoan bekend. De skriuwer en sjoernalist Martin Hendriksma, yn 1966 berne yn Snits, publisearre nei djipgeand ûndersyk ferline jier Lutine. De spannendste Nederlandse goudjacht ooit. Op de achterflap stiet ek noch mei grutte letters: De meest mysterieuze scheepsramp uit de Nederlandse geschiedenis. Te grutte wurden? Nee, want de skipsramp en de goudjacht binne noch altiten tige nijsgjirrich en it ferslach fan de syktocht fan Hendriksma mei meisleepjend neamd wurde. En dat allegear nei in besite oan it wrakkenmuseum yn Formearum op Skylge dêr’t ek in kanon fan De Lutine en dûkerspakken ut de 19de ieu te bewûnderjen binne.

It begjint fuortendaliks al goed mei de syktocht nei it fan oarsrpong Franske fregat. Hendriksma gie dêrfoar nei Frankryk en wit in protte nije saken boppe wetter te heljen, lykas it logboek fan ien fan de kapiteins. Ien fan de mystearjes fan De Lutine hat altyd west wat it fregat eins sa ticht by de Nederlânske kust te sykjen hie. Hendriksma hat útpluze dat de Britten bûnsgenoat Hamboarch fan de finansjele ûndergong rêde woene troch it stjoeren fan in slompe jild nei de Dútske stêd. Nei alle gedachten wie der lykwols in geheime missy bykaam nei de Britske troepen dy’t op Teksel striden tsjin de Frânske soldaten. Op de ien as oare wize moat De Lutine doe te ticht by de kust kommen wêze. De skriuwer ûntstriidt dêrmei de âlde teory dat it skip troch al dy goudstaven en munten domwei te swier belêste wie.

Yn it midden fan de 19de ieu wiene it benammen fiskers út Egmond en Urk dy’t in protte goud út de weagen opfisken. Ek de ‘Onderneming’ fan Skylge’s boargemaster Eschauzier boerde der goed by. In part fan it femyljekapitaal fan de Eschauziers waard letter yn de 19de en begjin 20ste ieu oan it eilân skonken yn de foarm fan wachthúske it Wakend Oog (no in kofjehús), in gasfabryk en de tritich arbeiderswenten. Ek de earste ferhurde wei op it eilân, de 15 km lange wei fan West nei Easterein, waard mei dit Lutinekapitaal betelle. Gjin wûnder dat West in ‘Burgemeester Eschauzierstraat’ hat.

Troch allegearre yngewikkelde berekkeningen komt Hendriksma ta de konklúzje dat sawat alle goud en munten al fan de seeboaijum opfiske binne. Wol moat der in grut part al earder yllegaal weihelle wêze en neffens in âld ferhaal op Skylge wiene de fiskers fan de Hollânske Súdseehavens de dieders. De auteur komt út by de Volendammers. Neffens him kin de groei fan de Volendamske fiskersfloat yn de 19de ieu ta de grutste fan de regio allinne mar ferklearre wurde troch it goud fan it Britske fregat. En wie it ek net tafallich dat in hotel-restaurant oan de Volendamske haven de Lutine hjitte? It is opmerklik en ek wol in bytsje spitich dat Hendriksma, dy’t wier in soad ûndersyk dien hat yn Nederlânske, Frânske, Ingelske en Ierske argiven, by de konstatearring fan dit feit wat tefolle ôfgien is op ferhalen achterôf. It is in hiel oannimlike konklúzje, mar in echt bewiis ha’k yn it boek net lêzen.

Hawar, Hendriksma’s boek oer de goudjacht lêst echt as in spannend ferhaal. Dat is in knappe prestaasje foar in boek wêrfan’t de clou al fia de media bekend wurden is. It bewiist dat er neist in goed ûndersiker ek in poerbêste skriuwer is. Wol in Lutinepriis wurdich dus. En fan de skat fan De Lutine is fansels noait hûndert prosint wer werom fûn, dat de toeristen op Flylân en Skylge kinne dizze simmerfakânsje noch bêst in munt op it strân fine. Miskien wol tusken it plestik en de reuzenkwallen…

 

Lutine. De spannendste Nederlandse goudjacht ooit. Uitgeverij De Geus, 2013, 317 siden, €19,95.

Comments
Ien reaksje oan “Goud!”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.