Gjaltema

KAREN BIES – 

De telefoan gie. It wie Bert Looper, licht oerémis. De eksposysje fan Fristho-meubels yn Museum Martena soe hast iepene wurde en se hiene te min. Oft se myn dressoir trije moanne liene mochten. Ik haw in prachtich Fristho-kastje en in swak foar Bert, dus sei ik ja. Myn bern fregen wêr’t har knutselspul dan sa lang hinne moast. ‘Net seure,’ sei ik, ‘dit giet oer keunst.’ Twa mannen pakten it kastje yn in tekken en rieden fuort yn in wyt buske.

Op 7 juny kamen M. en ik fol ferwachting yn Frjentsjer oan om ús eigen kast te besjen yn in echt museum. It wie drok yn de Martenatún. Der wiene net genôch stuollen en dat fûnen wy gek, foar in meubeltentoanstelling. Nei in taspraak oer de histoaryske betsjutting fan Fristho yn ‘nordic design’ en ‘mid-century modern’ mochten we nei de toanseal ta. Ik seach it daliks stean, myn dressoir. En nei in rap rûntsje tusken de oare Fristho-kastjes troch, wist ik dat minent it aldermoaist wie. Mar wêrom koene dy minsken har hannen net thúshâlde? Bretaalwei diene se de doarkes iepen en ticht. En mar lûke oan de laadsjes, en mar mei dy fingers yn de greepkes. Bliuw der ôf! In skilderij befiele jo dochs ek net? Ik hie it smoar yn. Foarhinne in deistich gebrûksfoarwerp dat al sechstich jier meigie, dat by my thús tsjinne as it knutselkastje fan de bern, wie ynienen in museumstik wurden. En ik in snob.

“It hout sit yn myn hert.”

M. tocht de wearde fan ús dressoir wol efkes omheech te bringen en rôp: ‘Wat een vakmanschap! Wat een kwaliteit!’ In oare man sei lykwols dat er noait fan syn libben sa’n âld ding yn ‘e hûs ha woe. Ik pakte gau in wynglês fan it sêftglânzjende nutehouten blêd, dat in besiker achteleas delsetten hie.

Doe trof ik Hindrik Gjaltema. Hy hie as timmerman wurke by de Friesche Stoelen- en Houtwarenfabriek yn de jierren 50 en 60, de gloarjejierren fan Fristho. Yn syn hân hold hy in âld swart boekje. Hy liet my de ynhâld sjen: de maten fan kasten en stuollen, de materialen, de prizen. Alles opskreaun yn in lyts, sekuer hânskrift. Gjaltema hope kollega’s fan doe te treffen. Foar him wie dit gjin útstalling fan ynternasjonaal topdesign of mid-century modern, mar in reüny fan de meubelmakkers. It hie doedestiids foar him net útmakke, oft de tekening dy’t hy útfierde fan de ferneamde ûntwerpers Kho Liang Ie of Inger Klingenberg wie. Hy timmere in moaie kast, mei naadleas passende doarren en glydzjende laden. ‘It hout sit yn myn hert,’ sei Gjaltema en stoppe it boekje wer yn syn binnenbûse.

Comments
2 reaksjes oan “Gjaltema”
  1. josse de haan schreef:

    Dizze Hindrik Gjaltema hat yn 1951 foar Peins it FREULEGOUD wûn, mei Pyt Boonstra en Evert Faber. Hy wie in tûke opslagger, en berekkene as in meubelmakker (syn fak) wêr’t de bal yn it perk komme moast.
    Yn de ferhalen fan Tjitte Piebenga lêze jo soms de namme Hindrik, en ek de namme Pyt. Yn de autofiksje fan Tjitte krije dy nammen ynhâld. Keatsers wiene it, en dat binne se bleaun, har hele libben.

  2. josse de haan schreef:

    Sorry, it wie 1950, J.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.