Ghost Track, in yntinsyf proses

TSJOMME DIJKSTRA – 

Jûn, 7 febrewaris, giet yn de Harmonie foarstelling Ghost Track fan stifting Blau Hynder yn premjêre. In foarstelling dy’t yn teaters yn it hiele lân te sjen wêze sil. Dizze foarstelling mei teater, sang, live muzyk en muzyk dy’t yn it foar opnommen is, giet oer it proses fan muzyk opnimme yn de studio. Hein van der Heijden, yn 2012 winner fan de Louis d’Or en Henk Zwart spylje de haadrollen yn it stik. Ek de stim fan Ellen ten Damme is te hearren yn de muzyk.

It ferhaal yn it koart. Nei in skoft fan tweintich jier komt de sinnige mar ûnwisse muzikant Harry Been werom yn de muzykstudio om in album op te nimmen. Yn in yntinsyf proses spylje hy en syn muzikanten yn de studio mei-inoar  om in nij album te meitsjen. It studioproses komt oan de ein ta in bysûndere ûntknoping as der noch ien âlde opname opnommen wurde moat foar de plaat, in spesjaal nûmer: it duet mei sjongeres Eva dy’t earder ferstoar.

Museumkafee
Foar it ynterview oer de foarstelling hawwe wy ôfpraat yn it Fries Museum. As ik Anne Zwaga dêr tref yn it museumkafee, falt it my op hoe opmerksum, mar sichtber ûntspannen en fleurich hy om him hinne sjocht. Ynteresseard nimt er it foar him noch nije plak yn him op. It liket oft er yn ien blik op de romte fanalles oppikt om langer oer nei te tinken. Wat allegear kin ik sa fluch net neigean. Dan bringt it famke fan de betsjinning de tee. As hja per ûngelok in kaart omfalle lit, sjocht Zwaga it drekt: “Dat wordt ontslag, op staande voet”, grapket er. “Ja maar, moet u ook zien hoe dat hier staat”, moppert sy, wylst se mei mear muoite as nedich is de wjukkelige standert fan de kaart wer oerein set. Zwaga glimket en liket op syn gemak. Hy fertelet oer it nijste projekt fan Blau Hynder.

 

Ik heb overal inspiratie opgedaan voor deze voorstelling, maar het is met de documentaire Standing in the shadow of Motown begonnen

 

Muzikanten fan Motown as ynspiraasje
“Het idee voor de voorstelling ontstond bij het kijken van de documentaire Standing in the shadow of Motown“, fertelt Zwaga. “Die documentaire gaat over een kleine groep muzikanten die samen verantwoordelijk zijn geweest voor honderden grote hits in de muziek. Ik heb overal inspiratie opgedaan voor deze voorstelling, maar hiermee is het begonnen.” De dokumintêre giet oer de studiomuzikanten dy’t eartiids de grutte stjerren fan platelabel Motown, lykas Marvin Gaye, bystienen by it opnimmen fan har platen. De Funk Brothers, sa as dizze studiomuzikanten fan Motown harsels neamden, wienen net de minsken dy’t de teksten en muzyk fan de nûmers skreaunen, mar sy bepaalden al foar elk fan dy nûmers hoe’t se klinke moasten. Se skreaunen arranzjeminten en fameuze begjintunes.

“These guys recorded more hits than the Beach Boys, the Rolling Stones, Elvis and the Beatles combined… and nobody knows their names”, seit dokumintêremakker Paul Justman oer harren. “De muzikanten hebben een enorme impact gehad op waar wij direct of indirect naar luisteren, maar we kennen ze niet’’, seit Zwaga. “Toen Motown van Detroit naar Los Angeles verhuisde kregen de muzikanten allemaal ontslag. ‘Waar zijn ze gebleven?’, dat is de grote vraag van de documentaire.”

In panne sop – allegear biologyske yngrediïnten
Yn Ghost Track is dit Amerikaanse ferhaal oer de donkere muzikanten fan Motown nei ús tiid en kultuer brocht. De foarstelling giet lykas de dokumintêre oer it studioproses dat muzikanten trochrinne by it meitsjen fan in album. It proses bliuwt gewoanwei bûten byld foar de muzykleafhawwer, mar Zwaga wol fertelle hoe heftich en yntinsyf dat opnameproses fan muzikanten wêze kin. It stik sit grôtfol mei eleminten dy’t út de echte praktyk komme.

Behalve dat Zwaga de studiopraktyk fan him sels ken as saksofoanist, hat hy tal fan dokumintêres sjoen oer de studioprosessen. “Over Bob Dylan bijvoorbeeld. Die in de studio gewoon begint te spelen. De muzikanten om hem heen weten helemaal van niks, ze moeten hem daar maar in proberen te volgen. Dylan heeft zo ontzettend verrassende platen gemaakt. Andere muzikanten gaan heel anders te werk. Je hebt ook muziekgroepen, zoals Steely Dan die hun nummers samen eindeloos perfectioneren. Op een van hun laatste albums hebben die dat wat mij betreft trouwens echt te ver doorgevoerd.”

 

Ik heb Tsjêbbe saxofoon leren spelen

 

Yn Ghost Track spilet de studiotechnyk ek in grutte rol. “Wat in het echt wel eens gebeurt als muzikanten in vorm zijn, is dat een technicus met opzet de microfoon open laat staan. Soms wordt er zo een fantastische track opgenomen”, seit Zwaga. In soartgelikse situaasje soarget yn Ghost Track foar in bysûndere lading by it tastânkommen fan it album: as de ritige muzikant Harry Been weromkomt yn de studio om in album op te nimmen, freget hy syn eardere muzikanten en technikus Tom om him dêrby te helpen. Mei-inoar moatte se besykje de koers fan it album út te setten, dat giet net altyd like maklik. It komt úteinlik sels ta in klimaks. As hja op it lêst in âlde opname ôfmeitsje moatte dy’t in duet foarmet tusken Harry en de eartiids ferûngelokke sjongeres Eva. “Er staan in dit proces met Tom en Harry ook nog twee bijzondere karakters tegenover elkaar”, seit Zwaga. “Harry is eigenlijk namelijk een ongelooflijke pain in the ass. Het gaat bij hem om zichzelf, dan zichzelf en dan nog steeds zichzelf. Tom is iemand die niet getalenteerd genoeg bleek te zijn om muzikant te worden en daarom technicus geworden is. Zij werken met elkaar, binnen het proces.”

Tsjêbbe Hettinga
Miskien is Ghost Track foar Friezen hast noch in nijsgjirriger stik om te sjen is as foar oare minsken. Want der komt ek in bytsje Frysk yn it stik foar. Guon personaazjes drukke har somtiden even yn it Frysk út yn de studio. “Een Fries bij de voorstelling kan wel eens denken, ’hé, wat seit er no?’”, seit Zwaga. Sels is Zwaga berne yn Rotterdam, mar syn âlden kamen út Fryslân. Yn ’e hús waard Frysk praat. Mar op strjitte learde Zwaga Hollânsk, dêr’t er him ek better yn útdrukke kin. “Ik spreek een beetje Fries, maar kan het niet schrijven. Ik denk ook dat iemands eerste taal de taal is die hij gebruikt als hij heel kwaad is. Dat is echt Nederlands bij mij.”

Zwaga koe goed mei de dichter Tsjêbbe Hettinga, fertelt er. “Ik heb Tsjêbbe saxofoon leren spelen,” seit er mei in glimp. “Bij de vorige voorstelling (Do bist yn Rome no, red.) heb ik aan Tsjêbbe gevraagd een gedicht te schrijven voor de voorstelling. Ik vond het prachtig hoe Tsjêbbe na het lezen van het script direct de rode lijn van het stuk zag en daar een tekst voor schreef.” Zwaga neamt it dêrnêst ek bot ynspirearjend hoe’t Hettinga de Fryske taal brûkte yn syn poezij. Zwaga syn eigen opfetting oer de meartaligheid fan de maatskippij, en dêrmei ek de globalisearjende wrâld, is dat je op in moaie en respektfolle wize om heare te gean mei it taalferskaat yn de wrâld. Hy fynt it dêrom ek moai om it Frysk in bytsje brûke te kinnen yn de foarstelling. Dat ûnder mear akteur Henk Zwart Frysk prate kin, makke it makliker om it Frysk ek echt brûke te kinnen yn de foarstelling.

 

Laat een muzikant niet acteren

 

Blau Hynder
Ghost Track en stifting Blau Hynder bringe ferskillende ‘performancedisciplines’ by inoar. “Als popmuzikant ben je weinig bezig met hoe je iets neerzet op het podium, hoe je moet staan etcetera”, seit Zwaga. De algemene gedachte is: ‘laat een muzikant niet acteren’. Ik vind dat daarom een interessante vorm om iets te laten zien, want de disciplines komen hier toch bij elkaar, doordat we dit met zoveel mensen maken.” Doe’t Zwaga it idee foar it stik betocht hie, gie hy dêr al gau mei nei regisseur Dick Hauser. Dy hat in belangrike rol hân yn de casting foar it stik. Yn Ghost Track dogge ferneamde akteurs en bedreaune muzikanten mei, dat it is in tige profesjoneel selskip dat it stik opfiert. “We konden daarom echt heel veel kanten op met het stuk.” De akteurs hawwe in soad affiniteit mei muzyk en sjongen, de muzikanten en spilers hawwe in soad bewûndering foar elkoar. De regisseur strielt dêrby ek folle fertrouwen út, sadat de repetysjes foar it stik hiel goed ferrûn binne. “Niet teveel tekst, riepen de muzikanten voor de grap alleen wel eens”, seit Zwaga. “De mensen die het stuk al gezien hebben, waren in ieder geval erg positief over wat ze zagen.”

Museumynspiraasje
“Nu ga ik nog éven naar binnen in het museum”, seit Zwaga as wy ôfskied nimme. “Daar ben ik nog niet eerder geweest. Jij al wel? Ik ga maar kort. Dan ga ik later nog wel een keer. Wanneer wil je je stuk uitwerken?” As ik oanjûn ha dat ik fuort begjin, krij ik oardel oere letter fan Zwaga noch in mail mei ynformaasje oer it stik. Dat is fluch. Wat Zwaga yn it lytse skoft foar yndruk fan it museum krigen hat, kin ik net sizze. Mar it past wol by syn persoan om dêr dochs al gau wat in yndruk fan foarme te hawwen. Hy hellet oeral wol wat út. Faaks is it in idee dat er yn syn nije foarstelling syn twatalige eftergrûn en de erfarings dy’t er dêrfan meinimt as ûnderwerp brûkt. Mar hy hat grif noch in bulte oare ferhalen om te fertellen. No earst is it stik Ghost Track yn it teater te sjen. It hiele foarjier lang noch, oeral yn it lân.

 

Foarstelling: Ghost Track. Plak: De Harmonie yn Ljouwert (op 5, 6, 7 febrewaris), sjoch foar it folsleine skema: www.ghosttrack.nl. Spul: Hein van der Heijden, Henk Zwart. Muzyk: Anne Zwaga, Stephan Jankowsky, Ruud Vleij. Ghoststarring: Ellen ten Damme. Tekst: Jan Veldman. Regy: Dick Hauser. Artistyk konsept: Anne Zwaga. Foarmjouwing: Sanne Danz.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.